Jesaja 36
Sanherib easket Jeruzalem op
1Yn it fjirtjinde jier fan Hizkia syn keningskip kaam kening Sanherib fan Assyrië opsetten tsjin de fersterke stêden fan Juda en naam dy allegearre yn. 2Ut Lakisj wei stjoerde de kening fan Assyrië syn heechste fjildhear mei in machtich leger op kening Hizkia ôf yn Jeruzalem. Hy stelde him op by de wetterlieding fan ’e boppeste fiver oan ’e hege wei nei it Blikkersfjild. 3Doe gongen Eljakim, soan fan Chilkia, de hofmaster, skriuwer Sjebna en kânselier Joäch, soan fan Asaf, de stêd út en op him ta. 4En de fjildhear sei tsjin harren: Sis tsjin Hizkia, dat de grutte kening, de kening fan Assyrië, sein hat: Wat is dat foar in fertrouwen, dêr’t jo it mei weagje? 5Jo miene fêst, dat jo yn ’e oarloch mei wurden like fier komme as mei ferstân en macht? Op wa fertrouwe jo dochs, dat jo it tsjin my yn ’e kant sette doare? 6Op Egypte faaks? Dy brutsen stôk? Wa’t dêrop linet, krijt de skerpe punt yn ’e hân en der dwers trochhinne. Dat is kening Farao fan Egypte foar elk dy’t op him fertrout. 7En no kinne jimme wol tsjin my sizze: Op de Heare, ús God, fertrouwe wy – mar is dat net dyselde God waans offerhichten en alters Hizkia opromme hat, doe’t er tsjin Juda en Jeruzalem sei: Foar dit alter hjir yn Jeruzalem moatte jimme delbûge? 8No dan, wedzje mei myn hear, de kening fan Assyrië: Ik beskik jo twatûzen hynders, as jo fan jo kant dêr de ruters foar leverje kinne. 9Hoe soenen jo dan de oanfal ôfslaan kinne fan ek mar ien lânfâd, ien fan ’e minste tsjinners fan myn hear? En jo fertrouwe op Egypte as it om weinen en ruters giet? 10Mar tinke jo dan, dat ik bûten de wil fan de Heare om tsjin dit lân optein bin om it te ferwoesten? Nee, de Heare hat tsjin my sein: ‘Set op dat lân ta en ferwoest it.’
11Eljakim (Sjebna en Joäch) seinen tsjin ’e heechste fjildhear: Praat dochs Arameesk tsjin jo tsjinners, dat fersteane wy wol, mar praat gjin Judeesk mei ús, want it folk op ’e muorre kin ús hearre. 12Mar de fjildhear sei: Hat myn hear my soms stjoerd om dizze wurden tsjin jo hear en tsjin josels te sizzen? Is it net krekt ornearre foar de lju dy’t op ’e muorre sitte en dy’t likegoed as jimme har eigen trochgong ite moatte en har eigen wetter drinke? 13Doe gong de fjildhear stean te roppen en sei lûd yn it Judeesk: Harkje nei it wurd fan ’e grutte kening, de kening fan Assyrië! 14De kening seit: Lit jim neat wysmeitsje troch Hizkia, want hy kin jimme net rêde. 15Lit Hizkia jim net sterkje yn it betrouwen op ’e Heare mei syn sizzen: ‘De Heare sil ús grif rêde, dizze stêd krijt de kening fan Assyrië net yn ’e macht.’ 16Harkje net nei Hizkia, want dit seit de kening fan Assyrië: Bring mij hulde en jou jim oan mij oer; dan sil elk ite fan syn wynstôk en syn figebeam en drinke út syn eigen reinwettersbak, 17oant ik kom en jim meinim nei in lân lykas jimme eigen: in lân fan nôt en druvesop, in lân fan brea en wyngerds. 18Mar lit Hizkia jim net op ’e doele bringe mei syn sizzen: De Heare sil ús rêde! Hat wol ien fan ’e goaden fan ’e oare folken syn lân oait rêden út ’e macht fan ’e kening fan Assyrië? 19Wêr binne de goaden fan Hamat en Arpad keard? Wêr dy fan Sefarvaïm? Hawwe dy Samaria soms rêden út myn macht? 20Is der ûnder alle goaden fan dy lannen wol ien dy’t syn lân rêden hat út myn macht? En soe de Heare dan Jeruzalem wol rêde kinne?
21De mannen hâlden har stil en seinen gjin wurd werom, want it befel fan ’e kening wie: Sis neat werom. 22Doe kamen hofmaster Eljakim, soan fan Chilkia, skriuwer Sjebna en Joäch, soan fan Asaf, de kânselier, mei teskuorde klean by Hizkia en brochten him de wurden fan ’e fjildhear oer.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap