De maatskippij stoart yn
1Tink derom! De Heare God
Almachtich is dwaande
Juda en Jeruzalem
alle steun en stipe ôf te nimmen,
dy’t se brek binne as iten en drinken:
2de striidbere man en de soldaat,
de rjochter en de profeet,
de wiersizzer en de âldste,
3de oanfierder en de man fan oansjen,
de riedshear, de kundige tsjoender
en de tûke beswarder.
4Ik set kweajonges oer har as bestjoerders,
opslûpen feintsjes krije it oer har te sizzen.
5De lju sille inoar it libben soer meitsje,
sels as neiste buorlju ûnderinoar:
de jonge knaap falt út tsjin de âldman,
de man fan neat tsjin de man fan gewicht.
6It komt sa fier, dat, as immen
ien fan syn famylje oan ’e jas lûkt en seit:
‘Jo hawwe noch in mantel, wês jo ús oanfierder,
nim dizze púnfal op jo noed!’
7dan sil er as antwurd krije:
‘Ik bin de man net om soks op te knappen,
ik haw sels ek gjin iten en klean yn ’e hûs,
meitsje my gjin famyljeoanfierder!’
De hegerein doocht net
8Ja, Jeruzalem stiet op ynstoarten,
Juda is al fallen.
Want har wurden en dieden geane tsjin de Heare yn
en binne in argewaasje foar syn hearlike eagen.
9Har eachopslach pleitet tsjin harren,
har sûnden rinne se mei te keap,
krekt as Sodom eartiids.
It wiist slim mei harren,
se wurkje op har eigen ûndergong oan.
10Sis tsjin harren: De deugdsumen sil it goed gean;
se sille profyt hawwe fan de frucht fan har wurk.
11Mei de ferkearde wiist it slim, it sil min mei him ôfrinne;
want hy kriget lean nei wurken.
12Dy’t myn folk útknipe, helje it lêste derút
en útsûgers spylje der de baas oer.
Myn folk, – dyn lieders binne ferlieders,
se brekke de wei op dêrsto lâns moatst.
De Heare klaget oan
13De Heare komt oerein om rjocht te dwaan,
hy stiet ree om it oardiel oer de folken út te sprekken.
14De Heare giet de rjochtsaak oan
tsjin de âldsten en de foarmannen fan syn folk:
‘Jimme, jim hawwe dizze wyngerd ferrinnewearre,
wat de earme ôfstellen is, hawwe jim yn ’e hûs!’
15Giet dat samar, oer myn folk hinne wâdzje
en de earme lju tegnjidzje?
– is de godsspraak fan de Hear, de Heare Almachtich –.
Tsjin de pronksucht fan ’e froulju yn Jeruzalem
16Fierders sei de Heare:
Om’t de froulju fan Sion sa grutsk binne
en omstappe mei de noas yn ’e wyn en leidige eagen,
om’t se sa tripkjendewei omrinne
en de ankelringen rinkelje litte,
17dêrom sil de Hear harren in rudige holle besoargje,
gjin hier op ’e holle sil de Heare har litte.
18Dy deis sil de Hear de sierlike ankelringen weinimme, de hierbannen en de heale moantsjes, 19de earringen, earmbannen, walen, 20holdoeken, fuotkettinkjes, mulbannen, rûkersfleskes en amuletten, 21fingerringen en noasringen, 22pronkklean, mantels, omslachdoeken, taskes, 23hânspegels, fyn ûnderguod, mûtskes en sjalen.
24Foar ’t lekkere rûkersguod komt dan in fize stank yn ’t plak,
foar de mulbân in ein byntou,
foar it moai opmakke hier in keale holle,
foar de bêste pronk in stik sekkeguod,
en foar de kreazens komt in brânmerk yn ’t plak.
25Dyn manlju komme troch it swurd te fallen,
dyn helden wurde ferslein.
26Ut’e poarten fan ’e stêd sil de rouklacht opgean,
de stedsfaam sil der neaken en bleat by sitte.