Jesaja 4
1Dy deis sille sân froulju
ien-en-deselde man op ’e lea falle
en sizze:
‘Sels sille wy wol soargje foar iten en klean,
as wy jo namme dan mar drage meie,
help ús fan ús skande ôf.’
Eare foar skande
2Dy deis sil wat de Heare opgroeie litten hat, skitterje yn al syn pracht, en wat it lân opjout, sil de eare en de sier wêze van de Israeliten, dy’t it der ôfrêden hawwe. 3Dy’t noch op ’e Sion oer binne en dy’t se yn Jeruzalem bliuwe litten hawwe, dy sille dan hillich neamd wurde; dat jildt foar elkenien dy’t te Jeruzalem as libben te boek stiet. 4Wannear’t de Heare de ûnhuerens fan Sions froulju ôfwosken en de bloedskuld fan Jeruzalem út syn fermidden weispield hat troch de Geast dy’t oardielet, de Geast dy’t skjinbaarnt, 5dan skept de Heare oer it hiele gebiet fan ’e Sionsberch en oer alle plakken fan gearkommen, deis in wolk fan reek en nachts in glâns fan lôgjend fjoer, want al dy hearlikheid sil ôfsket wurde mei in tintkleed en tûken, 6dy’t skaad jouwe foar de hjitte oerdeis en taflecht en beskûl wêze sille by stoarm en rein.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap