De folken op pylgertocht nei Sion
1It wurd dat Jesaja, de soan fan Amoz krige yn in fizioen oer Juda en Jeruzalem.
2Sa komt it yn ’e kommende tiid:
De berch dêr’t it hûs fan de Heare op stiet,
sil boppe alle oare bergen steld wurde
en heech boppe de heuvels útrize.
Dêr sille alle heidenfolken yn kloften op ta sette,
3gâns folken sille derop takomme en sizze:
Kom, lit ús de berch fan de Heare opgean,
nei it hûs fan de God fan Jakob,
dat Hy ús leare mei, wat syn wegen binne
en wy de paden gean, dy’t Hy ús wiist.
Want fan Sion giet de wet út,
it wurd fan de Heare komt út Jeruzalem.
4Hy sil rjochtsprekke tusken de folken
en tusken machtige naasjes it skeel besljochtsje.
Dan sille se har swurden omsmeie ta ploechizers
en har spearen ta sichten.
Gjin folk sil langer de wapens
opnimme tsjin in oar folk,
en se sille har net mear op fjochterij útlizze.
5Kom, folk fan Jakob,
lit ús ús wei gean yn it ljocht fan de Heare.
It folk is op ’e doele
6Do hast dyn eigen folk ferstjitten, Jakob,
jim sitte fol wiersizzerij
en tsjoenderij as by de Filistinen;
it tilt der fan frjemd folk.
7Al is it yn har lân allegear sulver en goud
en har rykdom de ein fan wei;
al is it yn har lân allegear hynders
en it tal fan har weinen de ein fan wei;
8al is har lân fol goaden-fan-neat
en falle se op ’e knibbels foar wat har hannen makke
en foar wat har eigen fingers bedien hawwe –
9fersjoch jim der mar net op,
want krûpe moatte de minsken
en bûge moat elkenien.
10Gean de rotsen yn,
krûp yn ’e grûn wei,
foar de ûntsachlike ferskining fan de Heare,
foar de glâns fan syn majesteit!
11De minsken sille de grutske eagen delslaan
en de steile mannen sille har bûge moatte:
allinne de Heare bliuwt yn al syn heechheid stean,
as dy dei der is!
Al it hege wurdt fernedere
12Want de Heare Almachtich hâldt in kear rjochtdei
oer al wat grutsk en heechmoedich is,
oer al wat heech is, om it del te slaan,
13oer alle sederbeammen fan ’e Libanon,
sa heech as se oprize;
oer alle ikebeammen fan ’e Bazan,
14oer alle hege bergen,
oer alle oprizende hichten,
15oer alle hege tuorren,
en oer alle mânske muorren,
16oer alle skippen fan Tarsjisj
en oer alle fartugen dy’t begearlik guod helje.
17De grutske minsken sille har bûge,
de steile mannen delslein wurde:
allinne de Heare bliuwt yn al syn hearlikheid stean,
as dy dei der is,
18en de ôfgoaden sille folslein weiwurde.
19Krûp wei yn ’e rotskleauwen
en yn ’e hoalen ûnder de grûn
foar de ûntsachlike ferskining fan de Heare,
en foar de glâns fan syn majesteit,
wannear’t Hy him opjout om de ierde te ûntheisterjen.
20Dy deis sil de minske syn sulveren en gouden ôfgoaden
dy’t er makke hie om der foar op ’e knibbels te gean,
fuortsmite foar de pipermûzen en de flearmûzen
21en yn ’e rotskleauwen en berchhoalen weikrûpe
foar de ûntsachlike ferskining fan de Heare
en de glâns fan syn majesteit,
wannear’t Hy Him opjout om de ierde te ûntheisterjen.
22Hâld it dochs net langer op ’e minske,
want wat is er wurdich?
Hy is net mear as de lucht dy’t er opsnúft.