De Moäbiten sykje taflecht yn Juda
1Ut Sêla wei hawwe se troch de woestyn
lammen nei de berch fan dochter Sion stjoerd foar de hearsker oer it lân.
2As fûgels op ’e flecht,
dy’t út it nêst ferballe binne,
sa sille de Moäbityske froulju stean by de oergongen fan ’e Arnon.
3(Se sizze:) Help ús mei rie en die!
meitsje midden op ’e dei
jo skaad sa lang as yn ’e jûntiid,
hâld de ferdreaunen beskûl,
ferried de flechtling net,
4nim de ferdreaune út Moäb gastfrij by jo op.
Jou harren ûntwyk foar de ferwoester.
As it dien is mei de tirannij
en de ferwoester út ’e wei is,
as dy’t it lân fertrapen, fuort binne,
5dan komt de troan fêst te stean troch tagedienens,
en dêr sil yn ’e tinte fan David
in trouwe Bestjoerder op sitte, dy’t it rjocht siket,
en wolberet rjocht docht.
Klacht oer de ûndergong fan Moäb
6Wy hawwe heard fan Moäb syn heechmoed,
hoe ferskriklike heechmoedich dat er is,
fan syn heechmoed, syn grutskens en syn oermoed,
fan syn ûnberoaid geswets.
7Dêrom sil Moäb himsels bekleie,
mei-inoar moatte se kleie:
alhiel ferslein sille jim sitte te suchtsjen
oer de skoandere krintekoeken fan Kir-Charêset.
8Want de fjilden fan Chesbon binne ferwylge,
de wyngerd fan Sibma –
de hearskers oer de folken
hawwe de trossen derôf slein,
al rikten se oan Jazer ta,
en ranken se yn ’e woestyn op,
al wreiden de útrinders fier,
sels oan ’e see ta.
9Dêrom moat ik gûle om ’e wyngerd fan Sibma,
lykas ik gûl om Jazer;
ik meitsje jim wiet mei myn triennen,
Chesbon en Eleäle,
want by it ynheljen fan dyn simmerfruchten
klinkt gjin blide rop mear.
10Blydskip en wille binne út ’e wynhôven ferdreaun,
yn ’e wyngerds wurdt net mear songen of jubele,
der wurdt gjin wyn mear trape yn ’e wynkûpen,
it bliid gerop (fan’e sichters) haw Ik in ein oan makke.
11Dêrom trillet my it hert om Moäb, as in liere,
en myn djipste inerlik om Kir-Charêset.
12Al fertoant Moäb him dêr noch sa faak,
al mêdet er him ôf op ’e offerhichten,
al giet er syn hillichdom yn om te bidden, –
it jout harren neat.
13Dat binne de wurden dy’t de Heare lang lyn oer Moäb sprutsen hat. 14Mar no seit Er: It duorret gjin trije jier mear – jierren sa’t in deihiersman dy telt – of de gloarje fan Moäb mei al syn drokte wurdt te skande set; der bliuwt mar in hantsjefol fan oer, lju dy’t net meitelle.