Tsjin Aram en Israel
1Utspraak oer Damaskus.
Sjoch, Damaskus giet dêroan, dat it gjin stêd mear is;
it wurdt in púnheap.
2Ferlitten lizze de stêden fan it ferroppe Aram;
se lizze iepen foar de keppels fee,
dy kinne har dêr mar deljaan
sûnder dat ien har ferjaget.
3Efraïm hat gjin fêsting mear
en Damaskus is net langer in keninkryk;
wat der fan Aram oerbliuwt, sil itselde lot ûndergean
as de hearlikheid fan Israel,
– is de godsspraak fan de Heare Almachtich –.
4Dy deis komt it sa,
dat de glâns der by Jakob frijwat ôfgiet,
dat it fet him fan ’e lea raant.
5It giet as by it rispjen fan nôt op stannen:
de sichter slacht de halen der by it earmfol ôf,
it giet as by it iersykjen
yn ’e delling Refaïm:
6der bliuwt noch wat sitten
lykas by it oliveskodzjen:
twa, trije fruchten hielendal boppe-yn ’e beam.
en sa’n fjouwer, fiif oan ’e tûken,
– is de godsspraak fan de Heare, de God fan Israel –.
7Dy deis sil de minske sjen nei Wa’t him makke hat
en it each keare nei de Hillige fan Israel;
8en hy sil net mear opsjen by de alters dy’t er mei eigen hannen makke hat,
de wijpeallen en wijreekstanders,
dy’t er mei de fingers bewurke hat,
sil er net mear nei omsjen.
9Dy deis sille al dyn festingstêden útstoarn wêze
as de stêden fan ’e Chiwwiten en Amoriten,
dy’t se ferlitten hawwe, doe’t de Israeliten kamen;
it sil in grutte woestenij wurde.
10Want do bist de God fergetten, dy’t dij altyd holp,
do hast net iens mear tocht oan de Rots dy’t dij hâld fêst joech.
En no kinst wol sierlike tunen oanlizze
en dêr útwrydske planten yn sette;
11en dy kinst de deis datst se plante hast, wol sa oansette,
datst it sied de oare moarns al yn ’e bloei hast;
likegoed giet de risping ferlern, as de sykte komt,
de kwaal dêr’t neat oan te dwaan is.
De driging weinommen
12Hark, it rûzet fan machtige folken,
in gerûs as it rûzjen fan ’e see!
Hark, it gebolder fan naasjes,
dy’t bolderje sa’t wide wetterflakten bolderje.
13Mar as Hy se ferbiedt,
dan fleane se fier fuort
as tsjêf dat op ’e hichten foar de wyn út stoot, en as plústers foar de stoarm.
14De jûns ha se de skrik deryn jage,
mar ear’t it daget, binne se der al net mear.
Sa komt it mei harren dy’t ús útrûpelje,
dat is it lot fan ’e lju dy’t ús útplonderje.