Profesije oer Moäb
1Utspraak oer Moäb.
De nachts dat Ar ferwoeste waard,
is Moäb foargoed ûndergien;
de nachts dat Kir ferwoeste waard,
is Moäb foargoed ûndergien.
2De lju geane op Bajit en Dibon ta,
se sette nei de offerhichten om dêr te skriemen;
op ’e Nebo en yn Medeba sit Moäb te gûlen;
elk rint mei de holle keal en it burd ôfskeard.
3Op ’e strjitten rinne se yn sekkeguod om,
op ’e dakken en op ’e pleinen sitte se allegear te gûlen,
se gûle har oan wetter.
4Dy fan Chesbon en Eleäle jammerje sa lûd,
dat it is oan Jachas ta te hearren;
dêrom steane Moäbs kartroepen te triljen
en is har de moed ûntsonken.
5Myn hert kreunt om Moäb,
it folk is op syn flecht al oan Soär en Eglat Sjalisjia ta,
want se geane de hichte nei Lûchit op,
skriemendewei geane se derby op;
op ’e wei nei Choronaïm jammerje se har need út.
6Ja, it lân fan Nimrim mei syn wetterlopen
leit der foar wyld hinne;
it gers is fertoarre, alle planteguod is dea,
der is gjin plakje grien mear.
7Dêrom tôgje se har foarrieden oer de Wylgebeek,
al wat se besparre en begarre hawwe.
8It gerop om help giet Moäbs hiele gerjochtichheid oer,
har gûlen is oan Eglaïm en Beër-Elim ta te hearren.
9Yn ’e wetterlopen fan Dimon is it allegear bloed,
mar Ik haw Dimon noch mear kwea tatocht:
in liuw foar de lju fan Moäb dy’t ûntkommen binne,
foar dy’t der noch oer binne yn it lân.