Jesaja 12
1Dy deis silsto sizze:
Ik tankje Jo, Heare, want al wienen Jo lilk op my,
jo grime is belune en Jo ha my treaste.
2Ja, God hat my rêden,
ik haw betrouwen en sit net yn noed,
want de Heare is myn krêft en myn sterkte.
Hy is it, dy’t my rêden hat.
3Mei blydskip kinne jim wetter skeppe út ’e wellen fan it heil.
4Dyselde deis sille jim sizze:
Tankje de Heare, rop syn namme oan!
Meitsje ûnder de folken syn dieden bekend,
ferkundigje hoe heech syn namme is.
5Lit psalmen klinke foar de Heare,
want grutte dingen hat Er dien,
dêr moat de hiele ierde fan witte.
6Rop it út en jubelje, folk dat op ’e Sion wennet,
want yn jim fermidden is yn al syn gruttens de Hillige fan Israel.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap