De ûndergong fan Babel
1Utspraak oer Babel. Yn in fizioen krige Jesaja, de soan fan Amoz, dizze iepenbiering.
2Set in sein op in keale berch,
rop harren lûd ta,
swaai sa mei de hân yn ’e hichte,
dat se op ’e poarten fan ’e eallju oansetten komme.
3Myn hillige striders
haw Ik oarders jûn
en myn helden roppen om myn grime fernimme te litten,
se jubelje al om myn oerwinning.
4Hark, hoe’n gerûs op ’e bergen,
it lûd fan in grutte kloft.
Hark, hoe’t de keninkriken oangeane,
de heidenfolken dy’t har ferienje:
de Heare Almachtich meunsteret it leger dat de striid yngiet.
5Se komme út in fier lân wei,
dat achter de kimen leit;
dy’t komt, is de Heare mei de wapens fan syn grammoedigens
om it hiele lân te fernielen.
6Gûl,want hy is nei-oan,de dei fan de Heare:
de ferwoesting troch de Almachtige komt.
7Dêrom hingje alle hannen der slop by en ûntsinkt elkenien de moed,
8de skrik sit harren yn ’e lea.
Krampen en weeën gripe har oan,
se krimpe yninoar as in frou dy’t in bern krijt;
ferheard sjogge se inoar oan,
de kleuren geane har op en ôf.
9Ja, de dei fan de Heare komt,
ûngenedich,
fol fan grammoedichheid en gleone grime,
om it lân yn in wyldernis te feroarjen
en de sûnders dy’t der wenje, út te roegjen.
10Want de stjerren oan ’e loft,
sa’t se dêr yn stjerrebylden steane,
sille har ljocht net mear skine litte;
de sinne sil al by it opgean fertsjustere wurde
en ek de moanne sil gjin ljocht mear jaan.
11Ik sil de wrâld har kwea yn rekken bringe
en de ferkearden har ûngerjochtichheden;
Ik meitsje in ein oan de grutskens fan ’e heechmoedigen,
en smyt de eigenmachtige tirannen fan har fuotstik.
12Ik sil meitsje, dat it minskeguod krapper wurdt as fyn goud,
minsken krapper as goud út Ofir.
13Dan lit Ik de himel beevje,
dat de ierde fan syn plak skoddet;
dat docht de grammoedichheid fan de Heare Almachtich,
de deis dat syn grime opflammet.
14Dan komt it sa: as in opjage ree,
as skiep dy’t gjinien byinoar hâldt, –
sa sil elk him wer by syn eigen folk jaan,
sil elk ûntwyk sykje yn eigen lân.
15Al wa’t se fine, sil dea stutsen wurde,
al wa’t se yn hannen krije, falt troch it swurd.
16Har lytse bern wurde tsjin ’e grûn slein
foar har eigen eagen;
har huzen wurde plondere, har froulju skeind.
17Tink derom, Ik set de Meden tsjin har op;
dy jouwe neat om sulver
en goud lit harren kâld.
18Mei har bôgen sjitte se de jongkeardels del,
sels de allerlytsten hawwe se gjin begrutsjen mei,
gjin bern wurdt ûntsjoen.
19En Babel, de pearel fan ’e keninkriken,
it pronkstik dêr’t de Chaldeeërs grut op geane,
it sil wurde as Sodom en Gomorra,
doe’t God dy ûndersteboppe kearde.
20It wurdt noait wer befolke yn der ivichheid net,
de tiden oer sil der gjin mins mear wenje;
gjin Arabier sil dêr syn tinte opslaan,
gjin hoeder dy’t dêr syn keppel legerje lit.
21Woestynbisten sille dêr har leger hawwe,
de huzen fol ûlen sitte;
strúsfûgels sille der thús wêze
en satyrs deryn omspringe.
22Hyena’s sille spoekgûle yn ’e stinzen,
jakhalzen yn ’e weelderige paleizen.
De tiid is nei-oan foar Babel, ja dy komt,
en syn dagen rinne op in ein.