1Mar út ’e stobbe Isaï sjit in twiich op
en in leat út syn woartel draacht frucht.
2Oer him is de Geast fan de Heare kommen,
de Geast fan wysheid en ferstân,
de Geast fan oerlis en macht,
de Geast fan godskennis en ûntsach foar de Heare,
ûntsach foar de Heare is syn libben.
3As rjochter sil er net ôfgean op wat er te sjen krijt
en syn oardiel net ôfhingje litte fan wat er sizzen heard hat.
4De earmen sil er rjochtfeardich har rjocht jaan
en it nei rjocht en billikheid opnimme
foar de lytse lju yn it lân.
Syn mûle slacht it lân as in roede
en wat him oer de lippen komt,
docht de goddeleaze de dea.
5Hy hat de riem fan gerjochtichheid om ’e mul
en de gurle fan wierheid en trou om ’e lea.
6Dan sil de wolf te gast wêze by it laam,
de panter him deljaan by it geitebokje,
keal en liuw sille mei-inoar weidzje,
en in lytse jonge sil derop passe.
7De ko en de bearinne geane freedsum mei-inoar om,
har jongen jouwe har njonken inoar del;
de liuw fret strie likegoed as it hoarnfee.
8In tatebern sit by de hoale fan in grutte slange te boartsjen
en in lytse beuker lit de hân samar oer in nêst mei njirren gean.
9Se sille gjin kwea dwaan en neat ferniele
op myn hiele hillige berch,
want de ierde rekket fol mei de kennis fan de Heare,
sa’t de see fol sit mei wetter.
10Dy deis komt it sa:
de woartel fan Isaï, dy’t as in sein foar de naasjes opriist,
dy sille de heidenfolken opsykje
en it plak dêr’t er stiet, sil in hearlik plak wêze.
Israels nije hearlikheid
11Dy deis komt it sa:
de Heare sil foar de twadde kear de hân yn ’e hichte stekke
om wat der fan syn folk oer is, werom te keapjen,
wat der noch fan oerbleaun is yn Assyrië, Egypte,
Patros, Etiopië, Elam,
Sjineär, Hamat en de lannen oan ’e seekust.
12En Hy sil foar de folken in sein oprize litte,
har dy’t út Israel ferdreaun wienen,
wer byinoarbringe
en it fersille folk fan Juda wer ferienje
fan ’e fjouwer úteinen fan ’e ierde.
13Dan is it út mei de oergeunst fan Efraïm
en wurdt der in ein makke oan ’e fijânskip fan Juda.
Efraïm sil net langer oergeunstich wêze op Juda
en Juda sil Efraïm net langer hjitfolgje.
14Oan ’e westkant sille se de Filistinen op ’e lea falle
en mei-inoar sille se de stammen oan ’e eastkant útrûpelje.
Se sille Edom en Moäb yn ’e besnijing nimme
en de Ammoniten sille harren ûnderhearrich wurde.
15Dan sil de Heare de ynham fan ’e Egyptyske see ûnder de ban bringe
en mei syn hetsige azem sil Er de rivier bedriigje.
Dy sil Er útinoar slaan yn sân wjitteringen,
dat men der wol mei de skuon oan troch kin.
16Sa sil der in rojale wei wêze foar
wa’t der fan syn folk oer is,
foar dy’t yn Assyrië noch oerbleaun binne,
in wei sa’t der west hat foar Israel
doe’t se út Egypte wei kamen.