1Kom,wy wolle werom, nei de Heare ta,
want Hy hat ús ferskuord, Hy sil ús wer hielje;
Hy hat ús slein, Hy sil ús ek ferbine.
2Hy sil ús wer oplibje litte nei twa dagen
en de tredde deis sil Er ús ferrize litte,
dat wy libje meie foar syn eagen.
3Wy wolle kenne, ja ús derop útlizze de Heare te kennen.
Sa wis as de dage komt, sil Hy ferskine;
Hy komt oer ús as in bui reinwetter,
as maitydsrein dy’t it lân syn wetter jout.
Gods oardiel oer de sûnden fan syn folk
4Hoe moat Ik mei dy oan, Efraïm?
Hoe moat Ik mei dy oan, Juda?
Want jimme leafde is as in moarnsdize,
as dauwe, dy’t yn ’e iere moarn ferfljocht.
5Dêrom haw Ik derop ynraamd troch profeten,
myn eigen wurden hawwe jim de dea oandien
en myn oardiel oer jimme is as in trochbrekkend ljocht.
6Want leafde en trou haw Ik nocht oan, net oan fleisoffers;
wiere Godskennis is My mear as it bringen fan brânoffers.
7Mar hja hawwe te Adam it ferbûn ferbrutsen,
dêr binne se My ûntrou wurden.
8Gileäd is in misdiedigersnêst,
dêr wâdzje se troch it bloed.
9As rovers op ’e loer,
sa is de prysterbinde oan ’t moardzjen op ’e wei nei Sichem,
har dwaan is yn ien wurd skandalich.
10Ofgryslik, wat Ik by it folk fan Israel sjoen haw:
dêr huorket Efraïm, dêr hat Israel him besmodze.
11Ek foar dij haw Ik in risping weilein, Juda.
Keningsmoardners
Wannear’t Ik in omkear bring yn it lot fan myn folk,
wannear’t Ik Israel hielje,