Tsjin ’e lieders fan it folk
1Hear dit, prysters,
harkje goed, folk fan Israel,
set de earen iepen, keningshûs,
want it rjocht is jimme op ’e noed jûn.
Jimme binne in flapnet wurden foar Mispa,
in fangnet dat op ’e Tabor útset is,
2ja, in falkûle yn Sjittim, en dy ha se goed djip makke,
mar Ik sil jim allegear ôfstraffe.
3Ik ken Efraïm wol,
en Israel ûntkomt My net;
want wier, Efraïm, do hast huorke,
Israel hat himsels besmodze.
4Har dieden steane har yn ’e wei om nei har God werom te kommen.
Want in geast fan huorkerij hat harren yn ’e macht
en de Heare kenne wolle se net.
5Israels heechmoed sprekt tsjin him,
Israel en Efraïm stroffelje oer har eigen ûngerjochtichheid,
en Juda is mei harren stroffele.
6As se mei har lytsfee en har kij oansetten komme om de geunst fan de Heare te sykjen,
fine se dy net;
Hy hâldt dy by har wei.
7Hja binne de Heare ûntrou wurden,
want se hawwe bern wûn, dat basterds binne,
doe’t de skrokke wyn har fjilden fertarde.
Allinne bekearing bringt betterskip
8Blaas de hoarn te Gibeä,
de trompet yn Rama;
slach alarm te Bet-Awen,
se sitte achter dy oan, Benjamin!
9Efraïm wurdt in wyldernis de deis fan it oardiel;
oer de stammen fan Israel kundigje Ik it ûnferbidlike beslút oan.
10De foarsten fan Juda binne wurden as lju dy’t de grinzen fersette;
oer harren sil Ik myn grime as wetter útjitte.
11Skeind is Efraïm,
kronken is it rjocht,
want hy hat syn sin derop set achter dingen-fan-neat oan te rinnen.
12Mar Ik bin foar Efraïm as otter,
as de bieniter foar it folk fan Juda.
13Doe’t Efraïm syn kwaal ûntdiek,
en Juda syn swolderij,
gong Efraïm nei Assyrië ta
en stjoerden se om kening ‘Striidnocht’.
Mar dy kin jimme net better meitsje,
jimme net fan jim swolderij ôfhelpe.
14Want Ik bin as in liuw foar Efraïm,
as in jonge liuw foar it folk fan Juda.
Ik, Ik ferskuor en gean myn wegen.
Ik tôgje fuort en gjinien dy’t dan helpe kin.
15Ik jou My ôf en gean werom nei myn stee,
krekt salang dat se har skuld wêze wolle
en myn geunst wer sykje,
krekt salang dat se yn har need nei My útsjogge.