1komt Efraïms ûngerjochtichheid oan it ljocht,
de kweade stikken fan Samaria;
want se dogge gemiene dingen:
dieven brekke yn en bûtendoar binne rovers yn aksje.
2Se steane der net by stil,
dat Ik al har minne streken goed ûnthâld.
Midden yn har kwea bedriuw sjoch Ik har foar My.
3Mei har ûndogensheid fermeitsje se de kening,
mei har gemienens de hege hearen.
4Huorkers binne it allegearre,
sa gleon as in oven,
dy’t de bakker net mear opstookt,
mei’t er al oan ’t daaimingen is,
krekt sa lang dat it riisd is.
5Op ús kening syn jierfeest boarne se de hege hearen siik mei swiere wyn.
Hy sylt deryn mei dy dogeneaten;
6as se taslagge, is har hert sa gleon fan glûpskens as in oven.
De hiele nacht troch smeult har grammoedichheid,
mar de oare moarns slacht de lôge derút.
7Se binne allegearre sa gleon as in oven
en fertarre har regearders.
Sa binne har keningen de iene nei de oare fallen
en gjinien fan dat folk hat My oanroppen.
Heil sykje by oare folken
8Efraïm lit him troch oare folken hinne riere,
Efraïm is as in pankoek dy’t net keard is.
9Frjemden fertarre syn fermogens
en hy fernimt it net iens;
hy wurdt der griis en skier fan
en hat der gjin erch yn.
10Ja, syn eigen heechmoed sprekt tsjin Israel.
Dochs binne se net by har God, de Heare, weromkommen;
wat se ek ûnderfûnen, se hawwe syn geunst net socht.
11Sa is Efraïm wurden as in ûnnoazele do,
dy’t him sûnder euvelmoed ferrifelje lit.
Se roppe om Egypte, rinne nei Assyrië,
12mar wêr’t se ek hinne rinne,
Ik beflap har ûnder myn net.
As fûgels helje Ik se del:
sa gau’t har kloft him hearre lit,
fang Ik se.
13Wee harren, want se binne fan My ôfswalke;
ferdjer oer harren, want se binne My ûntrou wurden.
Ik woe harren loskeapje,
mar hja hawwe leagens oer My ferkundige.
14Hja roppe My net fan herten oan,
mar se lizze op har bêd te jammerjen.
Om nôt en druvesop kervje se harsels,
mar tsjin My sette se it yn ’e kant.
15Alhoewol’t Ik it bin, dy’t har ûnderrjochte
en har earms stjoer en krêft joech,
hawwe se kwea tsjin My yn it sin.
16Hja sykje it by wat gjin baat jout,
se binne as in ûnwisse bôge.
Har grutte mannen sille falle troch it swurd,
wat se ek bestammerje mei har krompraterij yn Egypte.