Opskrift
1De goddelike útspraak dy’t profeet Habakuk iepenbiere is.
Klacht oer ûnrjocht
2Hoelang, Heare, rop ik al om help
en Jo hearre net?
Stean ik tsjin Jo te skreauwen:
Moard! en Jo helpe net?
3Wêrom jouwe Jo my ûnrjocht te sjen
en sjogge Jo al dy ellinde mar oan?
Wêrom krij ik oars net as ôfbraak
en geweld te sjen
en is it allegear skeel en stekt rûnom deilisskip de kop op?
4Sa giet de krêft fan ’e wet ferlern
en krijt it rjocht syn gerak net.
Ferkeardens besingelet de man dy’t yn syn rjocht stiet,
sa wurdt it rjocht ferdraaid.
De Chaldeeërs Gods tuchtroede
5Sjoch de folken en slach se goed acht,
besau jim deroer:
Yn ’e tiid dêr’t jim yn libje, bin Ik mei in wurk dwaande,
jim soenen it net leauwe as it ferteld waard.
6Want sjoch, Ik rop de Chaldeeërs op,
dat grimmitige en fûleinige folk dat de wide wrâld trochkrúst om wenplakken te besetten dy’t sines net binne.
7In freeslik en ferskriklik folk is it,
syn rjocht en heechheid makket it sels út.
8Syn hynders binne flugger as panters,
fûleiniger as steppewolven;
syn ruters fjouwerje deroer,
se fleane en komme fan fierren oanstowen
as in earn dy’t delsjit om te ferslinen.
9Allegearre mei-inoar binne se op geweld út;
it oanstoarmjen fan har foarhoede is as de eastewyn,
se feie kriichsgefangenen as sân op in bult.
10Keningen hat dat folk finaal de gek mei,
machthawwers laitsje se om
en ek om alle festingwurken:
se smite in skâns op en nimme se yn.
11Dan fljocht er fierder, sa hurd as de wyn, en strûst foarby.
Wat syn krêft útmakket, dat is syn god!
Twadde klacht: hoe kin God soks talitte?
12Binne Jo net sûnt âlde tiden de Heare?
Myn God, myn Hillige, Jo geane dochs net dea?
Heare, Jo hawwe dat folk oanwiisd om it oardiel te folbringen:
o Rots, Jo hawwe it ornearre om te straffen.
13Jo eagen binne te suver om kwea te fernearen,
Jo kinne gjin ellinde oansjen.
Wêrom litte Jo dan dy dogeneaten mar gewurde
en hâlde Jo Jo stil, as de skurk ien ferswolget, dy’t yn syn rjocht stiet?
14Wêrom meitsje Jo de minsken as de fisken yn ’e see
en as it krûpend guod dêr’t gjinien wat oer te sizzen hat?
15De fijân hellet se allegearre oan ’e heak op,
lûkt se mei yn syn net,
sleept se byinoar yn syn seine,
dêrom kin er fan blidens wol sjonge.
16Dêrom bringt er syn offers oan syn net,
wijreek oan syn seine;
want dy besoargje him in skoandere breawinning
en streksum iten.
17Mar moat dat nettefandeljen fan him dan mar altyd trochgean
en dat ûnbarmhertich ôfslachtsjen fan folken?