Wee Ninevé
1Wee dy bloedstêd! Ien stik leagen,
foltroppe mei bút, geplonder sûnder ein.
2Hark, it klappen fan ’e swipe, it ratteljen fan ’e tsjillen,
fjouwerjende hynders, bolderjende weinen, 3oanstoarmjende ruters,
flitsende swurden, flikkerjende spearen,
oeral fersleinen, allegear deaden,
liken, safier’t men sjen kin,
men stroffelt der suver oer.
4Dat komt allegearre fan ’e huorkerij fan dy grutte hoer,
tige oanfallich en in betsjoenster op-en-út,
dy’t folken yn ’e besnijing krige mei har huorkerij
en stammen mei har tsjoenderij.
5Sjoch, Ik sil dy oanpakke! – is de godsspraak fan de Heare Almachtich –
Ik sil dy de tippen fan ’t himd oer de holle helje
en de folken dyn neakenens sjen litte,
de keninkriken dyn skamte.
6Ik smyt dy ûnder de ûnhuerens,
Ik set dy te skande, Ik meitsje der in spotfertoaning fan.
7Dan sil al wa’t dy sjocht, by dy weirinne en sizze:
‘Ferrinnewearre is Ninevé, wa soe dêr rouwich om wêze?
Wêr soe ik guon weihelje moatte om dy te treasten?’
Spotliet I
8Bisto soms sterker as No-Amon,
dat oan ’e Nyl troane, midden yn it wetter,
mei in see as bolwurk en wetter as muorre?
9Etiopië makke har macht út en Egypte, sa grut as it is,
Pûteeërs en Libiërs holpen har ek noch.
10Mar No-Amon moast likegoed de ballingskip yn en as gefangene fuort;
har lytse bern binne likegoed tepletter slein op ’e hoeken fan alle strjitten.
Har foarname lju hawwe se it lot oer wurpen
en de lju fan oansjen binne allegear yn ’e boeiens slein.
11Do silst dêr ek fan drinke moatte
en yn ’e sûs reitsje,
do silst ek ûntwyk sykje moatte foar de fijân.
Spotliet II
12Al dyn festings binne as figebeammen, dyn folk as ierripe figen:
as men deroan skoddet, falle se de iter samar yn ’e mûle.
13Sjoch, de manskippen dyst haste,
binne sa slop as froulju;
de yngongen ta dyn lân steane wiidiepen foar dyn fijannen.
It fjoer hat dyn doarbalken fertard.
14Put dy wetter op foar de belegering,
meitsje dyn festingwurken sterk.
Gean yn ’e klaai en traapje it liem,
krij de bakstienfoarms.
15Dêr sil it fjoer dy fertarre,
it swurd sil dy de dea dwaan,
dy opfrette as in kealfretter.
Al wurdsto sa machtich as de kealfretters,
ja, sa machtich as de sprinkhoannen,
16al krigest mear keaplju as de stjerren oan ’e loft –
de kealfretters slagge de wjukken út en fleane fuort.
17Dyn eallju binne as sprinkhoannen
en dyn hege amtners as in swarm kealfretters
dy’t op in kâlde dei op ’e ôffredings delstrike;
sa gau’t de sinne dêrtroch komt,
fleane se fuort
en gjinien wit wêr’t se bedarje.
Rouklacht
18Wêr is no it wenplak fan dyn hoeder,
kening fan Assyrië,
dêr’t dyn foarmannen plichten te sliepen?
Dyn folk is fersille de bergen oer
en gjinien dy’t se wer byinoar bringt.
19De knoei dyst krige hast, is net te ferhelpen,
dyn wûne kin net wer better.
Allegearre dy’t dit nijs oer dy hearre,
klappe om dy yn ’e hannen.
Want wa hie net allegeduerigen fan dyn misdiedigens te lijen?