Gods antwurd
1Ik sil myn wachtpost ynnimme
en op it bolwurk stean gean om út te sjen en te fernimmen, wat Hy my sizze sil
en wat antwurd ik op myn oanklacht krij.
2Doe joech de Heare my dit antwurd:
Skriuw de iepenbiering op
en rits dy dúdlik op in grutte stiennen plaat,
dat it yn ’t foarbyrinnen samar te lêzen is.
3Want de iepenbiering wachtet syn tiid wol ôf,
mar himet nei de ein, dêr is gjin mis op.
Giet it soms stadich, ferwachtsje it dochs,
want komme docht it, sûnder mis.
4‘Tink der mar om: de oerdwealske syn krêft wurdt ûntbûn,
mar de rjochtfeardige hâldt it libben troch syn trou.’
5Wiswier, de skurk dy’t him opblaast,
de heechmoedige, dy bliuwt net.
Al skuort er syn kielsgat iepen as it deaderyk
en is er likemin sêd te krijen as de dea,
al hellet er alle naasjes nei him ta
en skuort er alle folken nei him ta,
6se sille mei-inoar in spreuk oer him útsprekke,
in stikeldicht, dat seit:
It earste wee: oer de ynklauwers
Wee him dy’t byinoar klaut, wat sines net is
– hoe lang moat it noch duorje? –
en him beswierret mei wat him yn ûnderpân jûn is!
7Sille dyn skuldeaskers net ûnferhoeds fanwegen komme,
sille se net wekker wurde en dy yn ûnstjoer bringe
en silsto har net as bút yn ’e hannen falle?
8Omdatsto sels wit-hoe-folle folken rûpele hast,
sille alle oare naasjes dij rûpelje fanwegen it bloed fan ’e minsken en it geweld
tsjin it lân, de stêd en al syn ynwenners.
It twadde wee: oer rovers
9Wee him dy’t foar himsels kwea jild yn ’e wacht sleept
om syn eigen nêst yn ’e hichte te bouwen
en sadwaande oan ’e greep fan it ûnheil te ûntkommen.
10Do hast sels de skande fan dyn hûs taret;
mei wit-hoe-folle folken út te roegjen hasto dyn eigen libben ferspile.
11Want de stien yn ’e muorre ropt om wraak
en út it byntwurk wei jout de balke der wjerlûd op.
It tredde wee: oer de ûnderdrukker
12Wee him dy’t in stêd bout mei bloed
en de stins op ûnrjocht fundearret.
13Sjoch, dat de folken har wurch wrotte foar branhout
en de naasjes har út ’e liken skreppe foar neat,
komt dat net fan de Heare Almachtich?
14Ja, de ierde sil fol reitsje mei de kennis fan de Heare syn gloarje,
sa’t de see fol wetter sit.
It fjirde wee: oer de ûnbeskamsume
15Wee him dy’t syn neiste drinke lit út ’e beker mei fergif dêrtroch
en him dronken boarnt om him yn syn neakenens te sjen.
16Do hast dy foltroppe mei skande ynpleats fan mei eare:
drink no sels en fertoan dyn skamte!
De beker dy’t de Heare yn ’e rjochterhân hat, komt ek oan dij ta,
dan komt der skande oer dyn eare.
17Want it geweld datsto de Libanon oandien hast,
sil op dysels delkomme;
en sasto de bisten útroege hast,
silst sels ta dyn skrik útroege wurde en wol om it bloed fan ’e minsken,
en it geweld tsjin it lân, de stêd en al syn ynwenners.
It fyfte wee: oer de ôfgodstsjinners
18Wat hat men oan in houd byld?
De byldhouwer hat it ommers makke?
Wat oan in getten byld? In learmaster-fan-neat is it ommers?
De man dy’t it makke hat, betrout dan op syn eigen wurkstikken:
stomme ôfgoaden en oars neat!
19Wee him dy’t tsjin in stik hout seit:
Wurd wekker!
en tsjin in deade stien: Oerein!
Soenen dy jin wat leare?
Al binne se ek mei sulver en goud belein,
der sit gjin bewyske fan libben yn.
20Mar de Heare is yn syn hillige timpel;
wês stil foar Him, do hiele ierde!