1Doe liet Joazef him op syn heite gesicht falle en hy skriemde by him en tute him. 2Dêrop joech Joazef befel oan ’e dokters dy’t by him yn tsjinst wienen om syn heit te balsemjen. En de dokters balsemen Israel. 3Dat duorre by him fjirtich dagen, want safolle dagen gongen der mei it balsemjen hinne. En de Egyptners beskriemden him santich dagen. 4Doe ’t de dagen dat hja him beskriemden om wienen, sei Joazef tsjin it hof van Farao: As jimme my te wille wêze wolle, soenen jim dan tsjin Farao sels sizze wolle: 5Heit hat my swarre litten en sein: As ik stoarn bin, dan moatst my begrave yn myn grêf dat ik my oanret ha yn it lân Kanaän. Lit my no dan hinnegean en ús heit begrave en dan sil ik weromkomme. 6En Farao sei: Gean hinne en begraaf jim heit, lykas hy jo swarre litten hat. 7Doe gong Joazef hinne om syn heit te begraven en mei him gongen alle tsjinstfeinten fan Farao, de âldsten fan syn hûs en alle âldsten fan Egypte, 8en ek it hiele húsgesin fan Joazef en syn bruorren en it húsgesin fan syn heit. Inkeld de bern en it lytsfee en de kij lieten se yn Gosjen achter. 9Ek trieken noch weinen en ruters mei him, dat it waard in tige grutte staasje.
10Doe’t se kommen wienen by de toarneterskflier dy’t oan ’e oare kant de Jordaan is, hâlden se dêr in tige grutte en steatlike rouklachte. Hy hâlde foar syn heit in rou fan sân dagen. 11Doe’t de bewenners fan it lân, de Kanaäniten, dy rou by de toarneterskflier seagen, seinen se: Dit is in swiere rou fan ’e Egyptners. Dêrom joegen se dat plak de namme: Abel-Misraïm, dat oan ’e oare kant de Jordaan leit.
12En Jakobs soannen dienen mei him krekt sa’t er it harren opdroegen hie. 13Syn soannen brochten him oer nei it lân Kanaän en begroeven him yn ’e grot yn it fjild fan Machpela, itselde fjild, east fan Mamré, dat Abraham kocht hie fan Efron de Hetyt, om in eigen grêf te hawwen. 14Nei’t hja syn heit begroeven hienen, gong Joazef nei Egypte werom, hysels, syn bruorren en allegearre dy’t mei him gien wienen om syn heit te begraven.
Joazef stelt syn bruorren op har gemak
15Doe’t Joazefs bruorren seagen dat har heit stoarn wie, seinen se: As Joazef no mar net tsjin ús wrokket; dan sil er ús grif foar alle kwea boetsje litte, dat wy him oandien hawwe. 16Dat se joegen opdracht om tsjin Joazef te sizzen: Heit hat ús foar syn dea opdroegen: 17Dit moatte jimme tsjin Joazef sizze: Och, ferjou dochs de misdied en de sûnde fan dyn bruorren, want se hawwe dy kwea oandien. No dan, wol dochs de misdied fan ’e tsjinstfeinten fan dyn heite God ferjaan. Joazef skriemde, doe’t se dat tsjin him seinen.
18Doe gongen syn bruorren sels ek nei him ta. Hja lieten har foar him delfalle en seinen: Sjoch, wy binne dyn slaven. 19Mar Joazef sei tsjin har: Sit mar net yn noed. Bin ik soms yn it plak fan God? 20Jimme hienen wol kwea tsjin my yn ’t sin, mar God hie dêr it goede mei foar, om te meitsjen sa’t it hjoed-de-dei giet: in mannichte folk yn it libben te hâlden. 21Sit dus mar net yn noed. Ik sels sil jimme en jim bern ûnderhâlde. Sa treaste er har en rekke har yn it moed.
Joazefs lêste jierren en dea
22Joazef bleau yn Egypte, hysels en syn heite famylje, en Joazef hat hûnderttsien jier libbe. 23Joazef hat fan Efraïm noch bern fan it tredde geslacht sjoen. Ek de soannen fan Makir, de soan fan Manasse, kamen op Joazefs knibbels te wrâld. 24Joazef sei tsjin syn bruorren: Ik stjer, mar God sil ferfêst om jimme tinke en jimme út dit lân gean litte nei it lân dat Hy Abraham, Izaäk en Jakob mei in eed tasein hat. 25Doe liet Joazef de soannen fan Israel swarre en hy sei: God sil ferfêst om jimme tinke en dan moatte jimme myn omskot hjirwei mei opfiere. 26Doe is Joazef stoarn, hûnderttsien jier âld en hja balsemen him en hy waard yn Egypte yn in kiste lein.