Exodus 1
De Israeliten beneare
1Dit binne de nammen fan Israel syn soannen, dy’t mei Jakob yn Egypte kamen; hja kamen dêr elk mei syn húsgesin. 2Rûben, Simeön, Levy en Juda, 3Issaskar, Sebûlon en Benjamin, 4Dan en Naftaly, Gad en Azer. 5Alleman fan Jakobs fleis en bloed wienen mei-inoar santich man en Joazef wie al yn Egypte. 6En Joazef stoar en ek al syn bruorren en dat hiele geslacht. 7De Israeliten lykwols wienen fruchtber, hja wreiden har hurd út en wûnen oan en waarden tige machtich, dat it lân rekke fol fan har. 8Doe kaam der in oare kening oan it regear oer Egypte, ien dy’t Joazef net mear kend hie. 9Dy sei tsjin syn folk: Sjoch, it folk fan ’e Israeliten wurdt ús te machtich en te sterk. 10Kom, lit ús har no ferstannich oanpakke, dat se net mear oanwinne. Want as wy ris yn oarloch reitsje soenen, dan soe dit folk him wol by ús fijannen jaan kinne en tsjin ús stride en dan it lân útgean. 11Dat hja stelden wurkmasters oer har oan, om har troch swier arbeidzjen derûnder te hâlden. En sa bouden se foarriedstêden foar Farao: Pitom en Raämses.
12Mar wat mear hja har ûnderdrukten, nammerste mear wûnen se oan en wreiden har út, dat hja waarden bang foar de Israeliten. 13Dêrom lieten de Egyptners de Israeliten leabrekkend wurk dwaan. 14Hja makken har it libben soer mei it swiere wurk yn liem en tichelstiennen en mei alle soarten fan wurk op it lân. Alle wurk, dat hja har dwaan lieten, wie leabrekkend.
15De kening fan Egypte prate mei de baaksters fan ’e Hebrieuske froulju, dêr’t de iene fan Sjifra en de oare Pûa hiet, 16en hy sei: As jimme de Hebrieuske froulju helpe by de befalling, dan moatte jimme goed om it geslacht tinke. Is it in jonkje, meitsje it dan dea, is it in famke, lit it dan yn it libben. 17Mar de baaksters frezen God en dienen net sa’t de kening fan Egypte tsjin har sein hie. Hja lieten de jonkjes yn it libben. 18Doe rôp de kening fan Egypte de baaksters en sei tsjin har: Wêrom hawwe jimme dat dien en lit de jonkjes yn it libben? 19En de baaksters seinen tsjin Farao: Omdat de Hebrieuske froulju net binne as de Egyptyske, want hja binne sterk. Ear’t de baakster by har is, hawwe se it bern al. 20Dat God die de baaksters goed. En it folk wûn oan en waard tige machtich. 21Omdat de baaksters God frezen, joech Er har in gesin. 22Mar fan Farao krige it hiele folk dit befel: Alle jonges dy’t jim krije, moatte jim yn de Nyl smite, mar alle famkes moatte jim yn it libben litte.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap