Jakob segenet syn soannen
1Doe rôp Jakob syn soannen en sei: Kom byinoar en dan sil ik jim sizze, hoe’t it yn ’e takomst mei jim gean sil.
2Kom gear en harkje, soannen fan Jakob,
harkje nei Israel, jimme heit.
3Rûben – do bist myn âldste,
myn sterkte en de earsteling fan myn manlike krêft,
oermjitte ferheven, oermjitte sterk;
4sa’t in beek útdroeget, sa silsto sûnder sibben wêze,
want do bist op dyn heite bêd gien.
Doe hast it skeind. – Op myn houliksbêd is er gien.
5Simeön en Levy – bruorren binne it,
ark fan geweld binne har messen.
6Wat hja beprate, wol ik neat fan witte;
yn har gearkomste sil myn persoan net behelle wurde,
want yn har grime hawwe se manlju deaslein
en willemoeds hawwe se oksen ferlamme.
7Flok oer har grime, want dy is fûleindich,
oer har grimmitichheid, want dy is wreed.
Ik sil har ûnder Jakob ferdiele,
ûnder Israel har ferstruie.
8Dij, Juda, dij sille dyn bruorren loovje!
Dyn hân sil wêze op ’e nekke fan dyn fijannen;
foar dij sille har bûge de soannen fan dyn heit.
9In liuwejong is Juda;
fan ’e bút, myn soan, bisto grut wurden.
Hy hat him rêstich deljûn as in liuw,
ja, as in liuwinne – Wa sil him oerein jeie?
10De skepter sil fan Juda net wike,
en de hearskersstêf net tusken syn fuotten wei,
oant in geskink foar him komt en
de folken him hearrich wurde.
11Hy bynt syn ezelsfôle oan ’e wynstôk,
oan ’e druvebeam it jong fan syn ezelinne.
Hy wasket syn klean yn wyn,
en yn druvebloed syn klaaiing.
12Donker binne syn eagen, donkerder as wyn;
wyt syn tosken, witer as molke.
13Sebûlon sil wenje oan it strân fan ’e see,
ja, oan it strân fan ’e skippen;
syn achterste grins tsjin Sidon oan.
14Issaskar is in groubonkige ezel,
dy’t him deljout tusken twa sketten.
15Doe’t er fernaam dat it rêstplak noflik
en dat it lân leaflik wie,
bûgde er it skouder om te dragen
en waard er ûnder twang arbeider.
16Dan sil syn folk rjochtsje
as ien fan Israels stammen.
17Dan is in slange op ’e wei,
in njirre op it paad,
dy’t it hynder yn ’e hakken byt,
dat syn berider achteroer falt.
18– Nei jo ferlossing sjoch ik út, Heare!
19Gad: in binde sil him oanfalle,
mar hy sil har op ’e hakke oanfalle.
20Azer: fet is syn iten.
Ja, hy leveret keninklike spizen.
21Naftaly is in útlitten ree,
dy’t sierlike jongen smyt.
22Joazef is in wylde fôle,
in wylde fôle by in boarne,
wylde ezels op ’e hichten.
23Hja hawwe him it libben soer makke
en op him sketten.
Hja hawwe him ferfolge, de bôgesjitters.
24Mar de bôge fan elk fan harren miste oanienwei,
syn earmseinen trillen
fanwegen it yngripen fan Jakobs Machtige,
troch de macht fan ’e Hoeder fan Israels bern,
25troch de God fan dyn heit, dy’t dy helpe sil
en troch de almachtige God dy’t dy segenje sil
mei segeningen út ’e himel boppe,
mei segeningen út ’e wetterdjipte dy’t ûnder leit,
mei segeningen fan ’e boarsten en de memmeskurte.
26De segeningen fan dyn heit geane te boppe
de segeningen fan ’e ivige bergen,
it begearlike fan ’e oerâlde heuvels.
Dy sille wêze op ’e holle fan Joazef,
op ’e hollekrún fan de wijde ûnder syn bruorren.
27Benjamin is in ferskuorrende wolf:
Moarns yt er de roof
en jûns ferpartet er de bút.
Jakob syn dea en begraffenis
28Dat allegearre binne de tolve stammen fan Israel en dat is wat har heit tsjin har sein hat doe’t er har segene. Sa’t it by elk paste, sa hat er har segene. 29Fierders joech er har noch dizze opdracht: Ik wurd ferienige mei myn folk. Begraaf my by myn foarfaars yn ’e grot yn it fjild fan Efron de Hetyt, 30yn ’e grot yn it fjild fan Machpela, east fan Mamré yn it lân Kanaän. It is de hoeke grûn, dy’t Abraham foar in eigen grêf kocht hat fan Efron de Hetyt. 31Dêr hawwe se Abraham en syn frou Sara begroeven; dêr hawwe se Izaäk en syn frou Rebekka begroeven en dêr haw ik Léa begroeven. 32It fjild mei de grot dêryn is kocht fan ’e Hetiten. 33Doe’t Jakob klear wie mei syn soannen opdrachten te jaan, lei er syn fuotten byinoar op it bêd en joech de geast en waard ferienige mei syn folk.