Jakob segenet Manasse en Efraïm
1It wie nei dy foarfallen dat se tsjin Joazef seinen: Jo heit is siik. Doe naam er syn beide soannen, Manasse en Efraïm mei, 2en hja fertelden it Jakob en seinen: Sjoch, jo soan Joazef is by jo kommen. Doe gong Israel mei ynspanning oerein op bêd sitten. 3En Jakob sei tsjin Joazef: God de Almachtige is my ferskynd te Lûz yn it lân Kanaän en hat my segene. 4Hy hat tsjin my sein: Sjoch, Ik meitsje dy fruchtber en Ik lit dy útwreidzje. Ik meitsje in folkemienskip fan dy en Ik jou dit lân oan dyn neigeslacht yn altydduorjend eigendom. 5No dan, dyn beide soannen dysto yn Egypte krige hast ear’t ik by dy yn Egypte kaam, dy binne mines. Efraïm en Manasse like goed as Rûben en Simeön, hja binne mines. 6Mar dyn neigeslacht datst nei harren krige hast, sil dines wêze. Hja sille mei de namme fan har bruorren neamd wurde yn dy har erfdiel. 7Doe’t ik út Paddan kaam, is Rachel ûnderweis by my weistoarn, yn it lân Kanaän, noch in ein fan Efrat ôf en ik haw har dêr begroeven oan ’e wei nei Efrat, dat is Betlehem.
8Doe fernaam Israel de soannen fan Joazef en hy sei: Wa binne dat? 9Joazef sei tsjin syn heit: Dat binne myn soannen, dy’t God my hjir jûn hat. Hy sei: Toe, bring se by my, dan sil ik se segenje. 10Israel syn eagen wienen minder wurden fanwegen de âlderdom; hy koe net mear sjen, dat hy liet se tichterby komme. Doe tute er har en sloech de earmen om har hinne. 11En Israel sei tsjin Joazef: Ik hie noait tocht dat ik dyn gesicht wer sjen soe en sjoch, no hat God my ek dyn bern noch sjen litten. 12Doe liet Joazef har by syn knibbels weigean en hy bûgde him mei it gesicht nei de grûn. 13Dêrop naam Joazef har beide, Efraïm mei syn rjochterhân oan ’e linkerkant fan Israel en Manasse mei syn linkerhân oan Israel syn rjochterkant en hy liet se tichter by him komme. 14En Israel stiek syn rjochterhân út en lei dy Efraïm op ’e holle, alhoewol dy de jongste wie en syn linkerhân lei er Manasse op ’e holle. Hy lei de hannen krúslings, want Manasse wie de âldste. 15Doe segene er Joazef en sei:
Dy God, foar wa’t myn foarfaars,
Abraham en Izaäk,
har libbenswei gien binne,
dy God, dy’t myn libben lang my weide hat,
oan hjoed-de-dei ta,
16de Ingel, dy’t my út alle need ferloste –
dat Hy de jongfeinten segenje mei
en dat troch har myn namme neamd wurde mei
en de namme fan myn foarfaars Abraham en Izaäk
en meie hja in grutte mannichte wurde op ierde.
17Doe’t Joazef seach dat syn heit de rjochterhân op Efraïm syn holle lein hie, like him dat net goed ta. Dat hy pakte syn heite hân beet om dy fan Efraïm syn holle te ferlizzen op Manasse sines. 18En Joazef sei tsjin syn heit: Nee, heit sa net! Want dit is de âldste. Lis him de rjochterhân op ’e holle. 19Mar syn heit wegere dat. Hy sei: Ik wit it wol, myn soan, ik wit it wol. Hy sil ek ta in folk wurde, hy sil ek grut wurde, mar dochs sil syn jongere broer grutter wurde as hy en dy syn neigeslacht sil ta in mannichte folken wurde. 20Dy deis segene er har en sei:
Mei jimme sil Israel segenje en sizze:
Mei God dy meitsje as Efraïm en Manasse.
Sa sette er Efraïm boppe Manasse. 21Dêrop sei Israel tsjin Joazef: Sjoch, ik stjer no, mar God sil mei jim wêze en jim werombringe nei it lân fan jim foarfaars. 22Ik haw dy boppe dyn bruorren ien berchrêch tatocht, dy’t ik mei myn swurd en bôge de Amoriten ôfnommen haw.