Fiif bruorren by Farao
1Doe’t Joazef by Farao kaam, fertelde er him: Myn heit en myn bruorren binne mei har lytsfee, har kij en alles dat se hawwe, út it lân Kanaän kommen en hja binne no yn it lân Gosjen. 2Hy hie fiif fan syn bruorren meinommen en dy stelde er oan Farao foar. 3En Farao sei tsjin de bruorren: Wat hawwe jim by de ein? Hja seinen tsjin Farao: Jo tsjinstfeinten binne skieppehoeders, wy, krekt as ús foarfaars. 4Fierders seinen se tsjin Farao: Wy binne kommen om as frjemdlingen yn it lân ta te hâlden, want der is yn Kanaän gjin weide foar it lytsfee dat jo tsjinstfeinten hawwe, omdat de honger dêr tige slim is. Dat meie jo tsjinstfeinten no wol wenje yn it lân Gosjen? 5En Farao sei tsjin Joazef: No’t jo heit en jo bruorren by jo kommen binne, 6is Egypte ta jo beskikking. Lit jo heit en bruorren yn de bêste hoeke fan it lân wenje. Hja meie wenje yn it lân Gosjen en as jo flinke manlju ûnder har witte mochten, stel dy dan oan as opsichters oer myn fee.
Jakob by Farao
7Doe helle Joazef syn heit Jakob en stelde him oan Farao foar. En Jakob begroete Farao mei in segenwinsk. 8Farao sei tsjin Jakob: Hoe grut is it tal fan jo libbensjierren? 9En Jakob sei tsjin Farao: It tal jierren fan myn omswalkjen is hûnderttritich jier. Koart en kwea hawwe de dagen fan myn libbensjierren west. Hja binne net takommen oan it tal libbensjierren dat myn foarfaars omswalke hawwe. 10Doe segene Jakob Farao en gong wer by Farao wei. 11En Joazef wiisde syn heit en syn bruorren in plak oan om te wenjen en joech har grûnbesit yn Egypte, yn ’e bêste hoeke fan it lân, yn it lân Ramses, sa’t Farao sein hie. 12Joazef ûnderhâlde syn heit en bruorren en syn heite hiele famylje al nei’t se bern hienen.
Joazef syn maatregels
13Der wie gjin iten yn it hiele lân en de honger knypte tige. Egypte en Kanaän fergongen suver fan ’e honger. 14En Joazef barde alle jild dat der yn Egypte en yn Kanaän te finen wie, foar it nôt dat se kochten, en Joazef brocht dat jild yn it hûs fan Farao. 15Doe’t se yn Egypte en yn Kanaän troch har jild hinne wienen, kamen alle Egyptners by Joazef en seinen: Jou ús iten. Wêrom soenen wy yn jo bywêzen stjerre, omdat it jild op is? 16Joazef sei: As it jild op is, jou dan jim fee en dan jou ik it jimme foar jim fee. 17Dat sa brochten se har fee nei Joazef ta en Joazef joech har iten foar har hynders, foar har lytsfee, har kij en har ezels. Dat jier soarge er dat se iten krigen yn ruil foar har fee. 18Doe’t dat jier om wie, kamen se it oare jiers wer by him en seinen tsjin him: Wy wolle it net foar mynhear ferswije, mar ús jild is op en ús besit oan fee is no mynhear sines, dat der bliuwt foar mynhear oars neat oer as ús lichem en ús lân. 19Wêrom soenen wy mei lân en al foar jo eagen omkomme? Keapje ús en ús lân foar iten. Wy en ús lân sille Farao dan tsjinstber wêze. Jou ús sied, dat wy yn libben bliuwe en net stjerre en dat ús lân net foar wyld komt te lizzen. 20Sa kocht Joazef alle lân fan Egypte op foar Farao, want de Egyptners ferkochten de iene nei de oare har lân, omdat de honger har te swier wurden wie. Sa kaam it lân oan Farao. 21En wat it folk oangong, dêr makke er slaven fan, fan ’e iene ein fan Egypte ôf oan ’e oare ta. 22It lân fan ’e prysters lykwols kocht er net op, want de prysters hienen in fêst ynkommen fan ’e Farao en hja libben fan it ynkommen dat Farao har joech. Dat sadwaande ferkochten dy har lân net.
23En Joazef sei tsjin it folk: Sjoch, ik haw jim en jim lân hjoed opkocht foar Farao: Hjir is sied foar jim, dan kinne jim it lân ynsiedzje. 24Fan ’e opbringst moatte jim in fyfte part oan Farao jaan en fjouwer parten kinne jimme sels hâlde as sied foar it fjild en as iten foar jim en dy’t by jim yn ’e hûs binne, en om jim bern itende te hâlden. 25Hja seinen: Jo hawwe ús yn it libben hâlden. Mynhear hat it goed mei ús foar hân en wy sille Farao syn slaven wêze. 26Joazef makke dêr in wet fan, dy’t no noch jildt foar de grûn fan Egypte, dat in fyfte part foar Farao is. Allinne it lân fan ’e prysters bleau der bûten; dat waard Farao sines net.
Jakobs lêste libbensjierren
27Sa wenne Israel yn Egypte, yn it lân Gosjen en hja krigen dêr besittings. Hja wienen fruchtber en wreiden har tige út. 28Jakob hat noch santjin jier yn Egyptelân libbe, dat hy is 147 jier âld wurden. 29Doe’t de tiid neieroan kaam dat Jakob stjerre soe, rôp er syn soan Joazef en sei tsjin him: Wês my dochs te wille en lis my de hân ûnder de heupe, datst my leafde en trou bewize silst: Begraaf my net yn Egypte. 30As ik my te rêsten lein haw by myn foarfaars, dan moatst my fuortbringe út Egypte en my begrave yn har grêf. En hy sei: Ik sil dwaan sa’t heit sein hat. 31Hy sei: Swar it my. Doe swarde er it him. Dêrop bûgde Israel him oanbiddend del op it hollenein fan it bêd.