8Dit binne de nammen fan Israels soannen, dy’t yn Egypte kamen, Jakob en syn soannen: Jakobs âldste: Rûben, 9en de soannen fan Rûben: Chanok, Pallû, Chesron en Karmy. 10De soannen fan Simeön: Jemûel, Jamyn, Ohad, Jakin, Sohar en Sjaûl, de soan fan in Kanaänityske. 11De soannen fan Levy: Gersjom, Kehat en Merary. 12De soannen fan Juda: Er, Onan, Sjela, Pêres en Sêrach. Er en Onan wienen al yn it lân Kanaän stoarn. De soannen fan Pêres wienen: Chesron en Chamûl. 13De soannen fan Issaskar: Tola, Pûwwa, Job en Sjimron. 14De soannen fan Sebûlon: Sêred, Elon en Jachleël. 15Dat wienen de soannen fan Léa, dy’t se fan Jakob krige hat yn Paddan-Aram en ek noch Dina, syn dochter. Allegearre mei-inoar wienen syn soannen en dochters trijeëntritich. 16De soannen fan Gad: Sifjon, Chaggy, Sjûny, Esbon, Ery, Arody en Arely. 17De soannen fan Azer: Jimna, Jisjwa, Jisjwy, Beria en har suster Sêrach. De soannen fan Beria: Chêber en Malkiël. 18Dat wienen de soannen fan Silpa, dy’t Laban oan syn dochter Léa mei jûn hie. Hja krige dy fan Jakob: sechtsjin persoanen. 19De soannen fan Jakob syn frou Rachel, wienen Joazef en Benjamin. 20Joazef krige yn Egypte Manasse en Efraïm, dy’t Asnat, de dochter fan Potifeara, de pryster fan On, him joech. 21De soannen fan Benjamin: Bêla, Bêker, Asjbel, Geara, Naäman, Echy en Roosj, Mûppim, Chûppim en Ard. 22Dat wienen de soannen fan Rachel, dy’t hja fan Jakob krige, allegearre mei-inoar fjirtjin persoanen. 23De soan fan Dan: Chûsjim. 24De soannen fan Naftaly: Jachseël, Gûny, Jeser en Sjillem. 25Dat wienen de soannen fan Bilha, dy’t Laban oan syn dochter Rachel meijûn hie en dy hat hja fan Jakob krige: allegearre mei-inoar sân persoanen. 26Allegearre dy’t by Jakob hearden sa’t se yn Egypte kamen en fan syn fleis en bloed wienen, wienen mei-inoar – de froulju fan Jakob syn soannen net meirekkene – seis-en-sechstich man. 27De soannen fan Joazef dy’t er yn Egypte krige hie, wienen twa man. Dat dy’t fan Jakobs hûs yn Egypte kamen, wienen mei-inoar santich man.
28Jakob stjoerde Juda foarút nei Joazef ta om him de wei nei Gosjen te wizen. En sa kamen se yn it lân Gosjen oan. 29Doe sloech Joazef syn reau yn en reizge nei Gosjen, syn heit Israel yn ’e mjitte. Doe’t er by him kaam, sloech er him de hannen om ’e hals en skriemde sa gâns in skoft. 30En Israel sei tsjin Joazef: Lit my no mar stjerre, nei’t ik dyn gesicht wer sjoen haw. Do libbest ommers noch! 31Dêrop sei Joazef tsjin syn bruorren en tsjin syn heite húsgesin: Ik gean no hinne en fertel it Farao. En ik sil tsjin him sizze: Myn bruorren en myn heite húsgesin út Kanaän binne by my kommen. 32De mannen binne skieppehoeders, ja it binne feehâlders. Har lytsfee, har kij en al har hawwen en hâlden hawwe se meinommen. 33Dat as Farao jim ropt en seit: Wat hawwe jim by de ein? 34dan moatte jim sizze: Jo tsjinstfeinten ha fan jongs ôf oan oant no ta feehâlders west, krektsa as ek ús foarâlden. Dan komme jimme yn it lân Gosjen te wenjen. Want al wat skieppehoeder is, dêr ha de Egyptners in ôfgriis fan.