Genesis 45
Joazef makket him bekend
1Doe koe Joazef him foar alleman dy’t om him hinne stienen net langer goed hâlde en hy rôp: Lit se allegearre by my weigean. Sa stie der net ien by him, doe’t Joazef him oan syn bruorren bekend makke. 2Hy barste út yn gûlen sa lûd, dat de Egyptners it hearden en ek it hof fan Farao hearde it. 3Joazef sei tsjin syn bruorren: Ik bin Joazef. Libbet heit noch? Mar syn bruorren koenen him gjin antwurd jaan, want hja stienen ferbjustere foar him. 4Mar Joazef sei tsjin syn bruorren: Kom dochs wat tichter by my. Doe kamen se tichterby en hy sei: Ik bin Joazef, jimme broer, dy’t jim ferkocht ha nei Egypte. 5En no, haw mar gjin noed en doch jimsels gjin ferwiten, dat jim my hjirhinne ferkocht hawwe, want God hat my foar jimme útstjoerd, dat jimme it libben hâlde soenen. 6Want der is no al twa jier honger op ’e ierde en der komme noch fiif jier dat der net ploege en net rispe wurde sil. 7Mar God hat my foar jim útstjoerd om jimme fuortbestean op ierde te fersekerjen en jimme yn it libben te hâlden en withoefolle te rêden. 8En sa binne jimme it net dy’t my hjirhinne stjoerd hawwe, mar God. En Hy hat my oansteld as in heit foar Farao, as hear oer syn hiele hûs en as hearsker oer hiel Egypte. 9Dat gean no mar gau nei heit ta en sis tsjin him: Dit hat jo soan Joazef sein: God hat my oansteld as hear oer hiele Egypte. Kom nei my ta en wachtsje dêr net mei. 10Jo komme dan yn it lân Gosjen te wenjen en binne dan ticht by my, jo en jo bern en bernsbern, jo lytsfee, jo kij en alles dat jowes is. 11En ik sil dêr foar jim soargje, want der sil noch fiif jier hongersneed wêze, dat jo en jo hûs en alles dat fan jo is, neat brek hawwe. 12Jim sjogge it mei eigen eagen en myn broer Benjamin ek, dat ik it sels bin, dy’t mei jim praat. 13Fertel heit fan al de eare dy’t ik yn Egypte krij en fan alles dat jim sjoen ha. En bring heit hjir dan mar gau hinne. 14Doe foel er syn broer Benjamin om ’e hals en hy skriemde en Benjamin skriemde oan syn hals. 15Dêrop tute er syn bruorren allegearre en skriemde by harren. Doe earst doarsten syn bruorren tsjin him te praten.
16Doe’t se yn Farao’s hûs it nijs hearden: De bruorren fan Joazef binne kommen, namen Farao en syn tsjinners dat goed op. 17En Farao sei tsjin Joazef: Sis tsjin jo bruorren: Doch sa: laad jimme bisten op, stek ôf en gean nei it lân Kanaän. 18Helje dan jim heit en jim húshâldingen op en kom by my. Dan sil ik jimme it bêste fan Egypte jaan en yt dan it fette fan it lân. 19En jo krije sels it befel: Doch dit: Nim weinen mei út Egypte foar jim bern en froulju, set jim heit derop en kom. 20En jim hoege jim net drok te meitsjen oer jimme húsrie, want it bêste fan hiele Egypte, dat is foar jim.
21Dat sa dienen Israel syn soannen. Joazef joech har, yn opdracht fan Farao, weinen mei. Ek joech er har iten mei foar ûnderweis. 22Oan allegearre joech er elkmis in stel ferklaaiersklean, mar Benjamin joech er trijehûndert sulverstikken en fiif stel ferklaaiersklean. 23En syn heit stjoerde er sa’n tsien ezels, beladen mei it bêste út Egypte en tsien ezelinnen, beladen mei nôt en brea en mei iten foar syn heit foar ûnderweis. 24Doe liet er syn bruorren gean en hja stieken ôf. Hy hie noch tsjin har sein: Tsier net ûnderweis.
25Sa gongen se út Egypte en kamen yn it lân Kanaän oan by har heit Jakob. 26Doe fertelden se it him en seinen: Joazef libbet noch. Ja hy is sels hearsker oer hiel Egypte. Mar hy bleau der ynwindich kâld ûnder want hy leaude har net. 27Doe’t se him lykwols alle wurden oerbrochten, dy’t Joazef tsjin har sein hie en doe’t er de weinen seach dy’t Joazef stjoerd hie om him op te heljen, doe libbe de geast fan har heit Jakob wer op. 28En Israel sei: It is genôch! Myn soan Joazef libbet noch. Ik sil derhinne gean en him noch sjen ear’t ik stjer.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap