1Doe hiet er de man dy’t oer syn hûs gong: Doch de baalsekken fan dy mannen fol iten, safolle as se hâlde kinne en doch elk syn jild wer boppe yn ’e sek. 2En myn beker, de sulveren beker, moatst yn ’e baalsek fan ’e jongste dwaan mei it jild fan it nôt dat se kocht ha. En hy die krekt sa’t Joazef it him hjitten hie. 3Doe’t it de moarns ljocht waard, lieten se de mannen gean, har en har ezels. 4Hja wienen de stêd noch net sa fier út, doe sei Joazef tsjin ’e man dy’t oer syn hûs gong: Meitsje dy klear en gean dy mannen achternei en ast se ynhelle hast, sis dan tsjin har: Wêrom hawwe jimme goed mei kwea leanne? 5(Wêrom hawwe jim my de sulveren beker ûntstellen?) Dat is dy ommers dêr’t myn hear út drinkt en soed er it net yn alle gefallen gewaar wurde? Sok dwaan is der wol fier by troch.
6Doe’t er har ynhelle hie, die er dat ferhaal. 7Mar hja seinen tsjin him: Hoe kin mynhear soks sizze? Der is gjin sprake fan dat jo tsjinstfeinten sokssawat dwaan soenen. 8Sjoch, it jild dat wy boppe yn ús baalsekken fûn hawwe, hawwe wy jo werombrocht út it lân Kanaän wei, en hoe soenen wy dan sulver of goud út it hûs fan jo hear stelle? 9By wa fan jo tsjinstfeinten wat fûn wurdt, dy sil stjerre en dan sille wy mynhear syn slaven wêze. 10Hy sei: Goed, ik hâld my oan jim wurd. By wa’t er fûn wurdt dy sil myn slaaf wêze. Mar jimme sille frijút gean. 11Doe liet elk hastich syn baal op ’e grûn sakje en hja makken elk syn eigen baal iepen. 12Doe socht er se troch. By de âldste begûn er en by de jongste hâlde er op. En doe fûn er de beker yn ’e baal fan Benjamin. 13Doe teskuorden se har de klean. En allegearre laden se har ezel op en gongen nei de stêd werom.
14Doe’t Juda mei syn bruorren yn it hûs fan Joazef kaam, wie dy dêr sels noch en hja foelen foar him del mei it gesicht tsjin ’e grûn. 15Joazef sei tsjin har: Wat is dit foar in ding, dat jim úthelle ha? Wisten jim net dat in man as ik it grif gewaar wurde soe? 16Juda sei: Wat sille wy no tsjin mynhear sizze? Wat foar rjocht fan praten hawwe wy noch? Hoe kinne wy ús skjin prate? God hat de sûnde fan jo tsjinstfeinten fûn. Sjoch, hjir binne wy, slaven fan mynhear, wy likegoed as hy yn waans besit de beker fûn is. 17Mar hy sei: Gjin sprake fan dat ik soks dwaan soe. De man yn waans besit de beker fûn is, dy sil myn slaaf wêze, mar jimme kinne rêstich nei jimme heit tagean.
18Doe rûn Juda op him ta en sei: Och mynhear, lit jo tsjinstfeint dochs in wurdmannich tsjin mynhear sizze meie en wol dan net lilk wurde op jo tsjinstfeint, want jo binne Farao gelyk. 19Mynhear hat syn tsjinstfeinten frege: Hawwe jim ek noch in heit of in broer? 20Doe seinen wy tsjin mynhear: Wy hawwe in âlde heit en der is noch in bern fan syn âlde dei, in jongfeint. Dy syn broer is stoarn en hy is allinne oerbleaun fan syn mem en syn heit hâldt tige fan him. 21Doe seinen jo tsjin jo tsjinstfeinten: Bring him nei my ta, dat ik myn eagen oer him gean litte kin. 22Mar wy seinen tsjin mynhear: De jonge kin net by syn heit wei. As er by syn heit weirekke, dan soe syn heit it bestjerre. 23Jo seinen lykwols tsjin jo tsjinstfeinten: As jim jongste broer net mei jim komt, dan hoege jim my net wer ûnder eagen te kommen. 24Dat doe’t wy wer nei jo tsjinstfeint, ús heit, ta gien wienen, hawwe wy him de wurden fan mynhear oerbrocht. 25En doe’t ús heit sei: Gean werom, keapje wat iten foar ús, 26doe seinen wy: Wy kinne der sa net hinnegean. As ús jongste broer by ús is, dan geane wy dêrhinne. Wy kinne ommers dy man net ûnder eagen komme, as ús jongste broer net by ús is. 27Mar jo tsjinstfeint, ús heit, sei tsjin ús: Jim witte dat myn frou my twa soannen jûn hat. 28De iene is by my weigien en ik haw sein: Wis, hy is fêst ferskuord, en ik haw him oant no ta net wer sjoen. 29En as jimme dizze ek noch by my weihelje en der soe him ris ûngemak oerkomme, dan soenen jimme myn grize hierren fan fertriet yn it deaderyk delgean litte. 30Dat as ik no by jo tsjinstfeint, ús heit, kom en de jonge is net by ús, wylst syn hiele libben sa oan de jonge syn libben ferknotte is, 31dan sil er, as er sjocht dat de jonge der net is, stjerre en jo tsjinstfeinten sille meitsje, dat de grize hierren fan jo tsjinstfeint, ús heit, mei hertsear yn it deaderyk delgeane. 32Mar jo tsjinstfeint hat by syn heit de jonge op ’e noed nommen en sein: As ik him net wer by jo werombring, dan sil ik myn hiele libben by heit yn ’e skuld stean. 33Dat lit no jo tsjinstfeint hjir bliuwe foar de jonge yn it plak as slaaf fan mynhear en lit de jonge mei syn bruorren fuortgean. 34Want hoe soe ik nei ús heit tagean kinne, as de jonge net by my is? It leed dat ús heit dan trof, soe foar my net om oan te sjen wêze.