Twadde reis nei Egypte
1De honger bleau mar slim yn it lân. 2En doe’t hja troch it nôt dat se út Egypte helle hienen, hinne wienen, sei har heit tsjin har: Gean werom en keapje wat iten foar ús. 3Mar Juda sei tsjin him: Dy man hat ús tige dúdlik warskôge: Jim sille my net ûnder eagen komme, as jim broer net by jim is. 4Dat as jo ús broer meigean litte, dan geane wy del en keapje iten foar jo. 5Mar as jo him net gean litte, dan geane wy net, want dy man hat tsjin ús sein: Jim meie my net ûnder eagen komme, as jim broer net by jim is.
6En Israel sei: Wêrom ha jim my dit fertriet oandien en fertel dy man dat jim noch in broer ha? 7Hja seinen: Dy man frege tige nei ús en nei ús famylje. Hy sei: Libbet jimme heit noch? Hawwe jim noch in broer? En doe hawwe wy him ferteld hoe’t it wie. Koenen wy witte dat er sizze soe: Lit jim broer meikomme? 8Doe sei Juda tsjin syn heit Israel: Stjoer de jonge mei my. En lit ús ús dan klearmeitsje en fuortgean, dat wy yn libben bliuwe en net stjerre, wy net, jo net en ús bern net. 9Wat my oangiet: Ik sil ferantwurdlik foar him wêze. Jo kinne my der op oansprekke as ik him net wer by jo werombring en him foar jo set. Myn hiele libben sil ik dan by jo yn ’e skuld stean. 10As wy der net sa tsjinoan drige hienen, dan hienen wy no al twa kear werom wêze kinnen.
11Doe sei har heit Israel: As it der sà foarstiet, doch it dan sa: Nim fan ’e bêste fruchten fan it lân mei yn jim sekken en bring dat dy man as in geskink: wat balsem, wat hunich, krûderijen en rûkersguod, nuten en mangels. 12En nim dûbeld jild mei. Ommers ek it jild dat boppe yn jim balen mei weromkommen is, moatte jim wer meinimme. Faaks dat it in fersin is. 13Nim jim broer mei en meitsje jim klear, gean nei dy man werom. 14En mei de almachtige God it sa meitsje dat dy man it goede mei jim foar hat en jim oare broer en Benjamin mei jim weromgean lit. En wat my oangiet: às ik dan de bern kwyt moat, dan moat ik se mar kwyt. 15Doe namen de mannen dat geskink mei en dûbeld jild en Benjamin. Hja makken har klear, reizgen nei Egypte en kamen foar Joazef te stean.
Foar de twadde kear by Joazef
16Doe’t Joazef har seach en Benjamin derby, sei er tsjin de man dy’t oer syn hûs gong: Bring dy mannen yn ’e hûs, slachtsje wat fee en meitsje dat klear, want de mannen sille fan ’e middei by my ite. 17En de man die lykas Joazef sein hie. Hy brocht de mannen yn Joazef syn hûs. 18Mar de mannen waarden bang, omdat se nei Joazef syn hûs brocht waarden en hja seinen: It is om it jild, dat de oare kears yn ús balen weromkommen is, dat wy hjir hinne brocht wurde, om ús oer it mad te kommen en ús te oerfallen en slaven fan ús te meitsjen en ús ezels yn beslach te nimmen. 19Dat hja gongen nei de man ta, dy’t oer Joazef syn hûs gong en hja praten mei him yn ’e doar fan it hûs. 20Hja seinen: Och, mynhear, wier, wy binne de earste kears kommen om iten te keapjen. 21Mar doe’t wy by it nachtferbliuw oankommen wienen en ús baalsekken iepen dienen, doe lei dêr elk syn jild wer boppe yn ’e sek, ús eigen jild, it folle gewicht. Mar wy hawwe it wer by ús. 22En wy hawwe ek oar jild meinommen om wer iten te keapjen. Wy witte net wa’t it jild yn ’e baalsekken dien hat. 23Mar hy sei: Bliuw mar rêstich en wês net bang. Jim God en de God fan jim heit, dy hat jim in skat yn jim balen jûn. Jim jild haw ik al bard. En hy brocht Simeön by har.
24Doe’t hy de mannen nei Joazef syn hûs brocht hie, joech er har wetter en hja wosken har de fuotten. En har ezels joech er foer. 25Hja setten it geskink klear oant Joazef de middeis komme soe, want hja hienen heard dat se dêr ite soenen. 26Dat doe’t Joazef thús kaam, brochten se him it geskink dat se by har hienen en hja bûgden har foar him del oan ’e grûn ta. 27Hy frege hoe’t it mei har wie en sei: Is it goed mei jimme âlde heit, dêr’t jim it oer hân ha? Libbet er noch? 28Hja seinen: It giet goed mei jo tsjinstfeint, ús heit. Hy libbet noch. Doe knibbelen se en makken in bûging.
29Doe’t Joazef opseach, seach er Benjamin, syn broer, de soan fan syn mem en hy sei: Is dat jim jongste broer, dêr’t jim it tsjin my oer hân hawwe? Fierder sei er: God mei dy genedich wêze, myn soan. 30Doe moast Joazef sjen dat er fuortkaam, want de leafde foar syn broer gong him oer de lea en hy socht in plak om út te gûlen. Doe’t er yn in sydkeammerke kommen wie, gûlde er dêr. 31Doe wosk er him it gesicht en kaam der wer yn. Hy hie himsels no wer yn ’e macht en sei: Set it iten op tafel. 32Hja setten it foar him en har apart del en ek foar de Egyptners, dy’t mei him ieten, apart, want de Egyptners kinne net mei de Hebreeërs ite. Want dêr grize de Egyptners fan. 33Hja kamen foar him te sitten: de âldste op it plak fan ’e âldste en de jongste op it plak fan ’e jongste, dat hja seagen inoar ferwûndere oan. 34Hy liet fan it iten dat foar him stie, har elk syn poarsje bringe, mar Benjamin syn poarsje makke er fiif kear sa grut as dat de oaren allegearre krigen. Doe dronken se en hja waarden dronken by him.