Earste reis nei Egypte
1Doe’t Jakob fernaam dat der yn Egypte nôt wie, sei er tsjin syn soannen: Wat sitte jimme hjir inoar oan te sjen? 2Fierders sei er: Sjoch, ik haw heard dat der yn Egypte nôt te krijen is. Gean dêrhinne en keapje dêr nôt foar ús, dat wy yn it libben bliuwe en net stjerre. 3Doe gongen tsien bruorren fan Joazef op reis om yn Egypte nôt te keapjen. 4Mar Benjamin, Joazef syn broer, stjoerde Jakob net mei de bruorren, want hy tocht: Der koe him ris in ûngelok oerkomme. 5Dat ûnder harren dy’t der kamen, kamen ek de soannen fan Israel om nôt te keapjen, want der wie hongersneed yn it lân Kanaän. 6No wie Joazef de bestjoerder fan it lân. Hy wie it, dy’t oan elkenien yn it lân nôt ferkocht. Dat doe’t Joazef syn bruorren dêr oankommen wienen, bûgden se har foar him mei it gesicht tsjin ’e grûn. 7Doe’t Joazef syn bruorren seach, koed er se fuort werom, mar hy bearde as wied er har frjemd. Hy spriek har strang oan en sei tsjin har: Wêr komme jimme wei? Hja seinen: Ut it lân Kanaän om iten te keapjen. 8Joazef koe syn bruorren wol, mar syn bruorren koenen him net. 9En Joazef kamen de dreamen wer yn it sin, dy’t er oer har hân hie en hy sei tsjin har: Jim binne spionnen. Jim binne kommen om te sjen wêr’t it lân iepen leit. 10Hja seinen tsjin him: Nee mynhear, jo tsjinstfeinten binne kommen om iten te keapjen. 11Wy allegearre binne soannen fan ien man. Wy binne earlike minsken. Jo tsjinstfeinten binne gjin spionnen. 12Mar hy sei tsjin har: Wolwier! Jimme binne kommen om út te finen wêr’t it lân iepen leit. 13Hja seinen: Jo tsjinstfeinten wienen mei har tolven as bruorren. Wy binne soannen fan ien man yn Kanaän. Mar ja, de jongste is op dit stuit noch by ús heit en ien is der net mear. 14Joazef sei tsjin har: It is sa’t ik jim sein haw: Jim binne spionnen. 15Hjirmei sille jim hifke wurde: Sa wier as Farao libbet, jim komme hjir net wer wei, as jim jongste broer hjir net komt. 16Stjoer ien fan jim hinne om jim broer op te heljen, mar jimme bliuwe opsletten. En sa sille jimme wurden hifke wurde, oft jimme te betrouwen hinne. Mar sa net, sa wier as Farao libbet, dan binne jim spionnen. 17En hy sette har trije dagen byinoar yn bewar.
18De tredde deis sei Joazef tsjin har: Doch dit no en dan sille jimme yn ’t libben bliuwe: Ik freezje God. 19As jimme earlike minsken binne, lit dan ien broer fan jimme opsletten bliuwe yn it hûs dêr’t jim yn bewar sitte. Gean jimme dan hinne en bring nôt nei jimme húshâldingen om de honger wei te nimmen. 20En bring dan jim jongste broer nei my ta. Dan sil bliken dwaan oft jimme wurden wier binne en dan sille jimme net stjerre. Dat sa dienen se, 21en hja seinen, de iene tsjin ’e oare: Wierliken, dit hawwe wy oan ús broer fertsjinne. Wy seagen syn deadsneed, doe’t er ús om genede smeekte en wy woenen net harkje. Dêrom komt no dizze need oer ús. 22Mar Rûben naam it wurd en sei tsjin har: Haw ik it net tsjin jim sein: Besûndigje jim net oan ’e jonge? Mar jim hawwe net harke. En sjoch no, syn bloed wurdt opeaske. 23Hja wisten net dat Joazef har ferstean koe, want der wie in tolk tusken har. 24Doe kearde er him om, by har wei en skriemde. Doe’t er weromkaam, spriek er har ta. Dêrop naam er Simeön by har wei en sloech him foar har eagen yn ’e boeiens. 25En Joazef joech befel, hja moasten har de sekken fol nôt dwaan en har jild yn in elk syn sek weromlizze en har iten meijaan foar ûnderweis. En dat dienen se.
Werom nei Kanaän
26Doe laden se it nôt op ’e ezels en setten ôf. 27Doe’t ien syn sek iepen die yn it nachtferbliuw, om syn ezel te fuorjen, seach er syn jild ynienen boppe yn ’e baalsek lizzen. 28Hy sei tsjin syn bruorren: Myn jild is werom kommen. Sjoch no ris: it jild leit samar boppe yn myn sek. Doe rekke de moed der by har hielendal út. Hja seagen elkoar kjel oan en seinen: Wat hat God ús no oandien?
29Doe’t se yn Kanaän by har heit Jakob oankommen wienen, fertelden se him alles dat har oerkommen wie. Hja seinen: 30Dy man, de hear fan it lân, hat ús strang oansprutsen. Hy hâlde ús foar spionnen. 31Mar wy seinen tsjin him: Wy binne earlike minsken, wy binne gjin spionnen. 32Wy wienen mei ús tolven as bruorren, soannen fan ús heit. Ien is der net mear en de jongste is op dit stuit by ús heit yn Kanaän. 33Dêrop sei dy man, de hear fan it lân, tsjin ús: Hjir sil ik oan witte oft jimme earlike minsken binne: Lit ien fan jimme by my bliuwe, nim nôt mei foar de honger fan jim hûshâldings en gean fuort. 34Bring dan jim jongste broer by my. Dan wit ik, dat jim gjin spionnen binne, mar earlike minsken en dan jou ik jimme jim broer werom. Jim kinne jim dan frij bewege yn it lân.
35Doe’t se har sekken leechmakken, doe hie elk syn ponge mei jild noch yn syn sek. Hja en har heit seagen dy pongen mei jild en hja waarden bang. 36En Jakob, har heit, sei tsjin har: Jim ûnthelje my de bern. Joazef is der net mear, Simeön is der net mear en no sille jim Benjamin ek noch meinimme? Dat dit my allegearre oerkomme moat! 37Doe sei Rûben tsjin syn heit: Jo meie twa fan myn soannen deameitsje, as ik him net by jo werom bring. Jou him my op ’e noed en ik bring him by jo werom. 38Mar hy sei: Myn soan giet net mei jim del, want syn broer is al stoarn en hy is allinne oerbleaun. As him ûnderweis mei jim ris in ûngelok oerkaam, dan soenen jim myn grize hierren fan hertsear delgean litte yn it deaderyk.