Farao’s dreamen
1It wie oan ’e ein fan twa folle jierren, dat Farao dreamde, dat er by de rivier stie. 2En sjedêr: sân kij kamen út ’e rivier op, glânzich fan oansjen en bêst yn it fleis. Hja begûnen te weidzjen yn it wâlgers. 3Achter har oan kamen noch sân kij út ’e rivier op, ûnsjoch fan meagerens. Hja gongen neist de oare kij stean oan ’e kant fan ’e rivier. 4Doe frieten de kij, dy’t ûnsjoch fan meagerens wienen, de sân kij dy’t glânzich en fleizich wienen, op. En doe waard Farao wekker.
5Dêrop foel er yn ’e sliep en dreamde foar de twadde kear: En sjoch: sân ieren, swier en skoan, skeaten op út ien strie. 6En sjedêr: sân skrale en troch de eastewyn fertoarre ieren spruten nei har út. 7Doe slokten de sân skrale ieren de sân swiere en folle ieren troch. Doe waard Farao wekker en sjoch, it wie in dream.
8De oare moarns wied er ynwindich oeral, dat hy stjoerde guon om alle wiersizzers fan Egypte en alle wizen dy’t dêr wienen op te roppen en Farao fertelde har syn dream, mar der wie gjinien dy’t Farao dy útlizze koe. 9Doe sei de opperskinker tsjin Farao: Myn sûnden wurde my hjoed wer yn it sin brocht. 10Farao wie lilk op syn tsjinners en hy sette my fêst yn it hûs fan ’e kommandant fan ’e liifwacht, my en de opperbakker. 11Yn ien-en-deselde nacht krigen hy en ik doe in dream. Elk krige in dream mei in eigen betsjutting. 12No wie dêr by ús in Hebrieusk jongfeint, in slaaf fan ’e kommandant fan ’e liifwacht en dy fertelden wy ús dreamen. Hy joech elk in útlis al nei’t syn dream wie. 13En it is krektsa kommen as hy ús útlein hat: My hawwe se wer yn myn amt oansteld en him hawwe se ophongen.
14Doe stjoerde Farao guon om Joazef te roppen en hja hellen him hastich út ’e put en nei’t er him skeard en oare klean oandien hie, kaam er by Farao. 15Farao sei tsjin Joazef: Ik haw in dream hân en der is gjinien dy’t dy útlizze kin. No haw ik fan jo heard, dat jo, as jo in dream hearre, dy útlizze kinne. 16Mar Joazef antwurde Farao: Ikke net, mar God sil Farao’s wolwêzen him bekend meitsje. 17Doe sei Farao tsjin Joazef: Yn myn dream stie ik op ’e wâl fan ’e rivier. 18En sjedêr: út ’e rivier kamen sân kij op, tsjok yn it fleis en glânzich fan oansjen en hja begûnen te weidzjen yn it wâlgers. 19En sjedêr: achter har oan kamen sân oare kij op, meager en tige ûnsjoch fan meagerens. Ik haw noch noait sokken yn Egyptelân sjoen, sa min. 20Doe frieten de meagere, ûnsjogge kij de earste sân fette kij op. 21Mar doe’t se dy yn it liif hienen, wie it net te merken dat hja se yn krige hienen. Hja seagen der noch like ûnsjoch út as foartiid. Doe waard ik wekker. 22Doe seach ik yn myn dream dat sân ieren, swier en skoan, út ien strie opskeaten. 23En sjedêr: sân toarre, skrale en troch de eastewyn útdroege ieren, dy’t nei har opskeaten. 24Doe slokten de sân skrale ieren de sân skoandere ieren troch. Ik haw it de wiersizzers ferteld, mar gjinien kin it my útlizze.
25Dêrop sei Joazef tsjin Farao: Wat Farao dreamd hat, is ien en itselde. Dêr’t God mei dwaande is, dat hat Hy Farao ferteld. 26De sân skoandere kij dat binne sân jierren en de sân skoandere ieren binne ek sân jierren. It is ien en deselde dream. 27En de sân meagere, ûnsjogge kij, dy’t nei har opkamen, binne sân jierren en de sân lichte en troch de eastewyn útdroege ieren, dat sille sân hongerjierren wêze. 28It is lykas ik tsjin Farao sein haw: Dêr’t God mei dwaande is, dat hat Hy Farao ferteld. 29Sjoch, der komme sân jierren fan grutte oerfloed yn hiel Egyptelân. 30Dêrnei sille der sân hongerjierren oanbrekke. De hiele oerfloed yn Egypte sil dan fergetten wêze en de hongersneed sil it lân útrûpelje. 31En fan dy oerfloed yn it lân sil neat mear te fernimmen wêze, fanwegen dy honger neitiid, want dy sil o sa slim wêze. 32En dat Farao, foar de twadde kear, de dream nochris wer krige, dat is, omdat by God dy saak fêst stiet en God sil it mei gauwens dwaan. 33Dat lit Farao no omsjen nei in ferstannich en wiis man en dy sette oer Egypte. 34As Farao dat dien hat, lit Farao dan ek amtners oanstelle oer Egyptelân en lit Farao in fyfte part fan it lân, yn ’e sân jierren fan oerfloed, fan ’e Egyptners heffe. 35Hja moatte al dat iten fan ’e goede jierren, dy’t op kommendewei binne, byinoar bringe en hja moatte it nôt opslaan ta beskikking fan Farao, as iten yn ’e stêden en dat bewarje. 36Dat iten moat tsjinje as foarried foar it lân, foar de sân hongerjierren dy’t der yn Egypte wêze sille. Dan sil it lân net fan honger omkomme.
Joazef wurdt ûnderkening
37Dat plan like Farao en al syn tsjinners skoan ta. 38En Farao sei tsjin syn tsjinners: Soenen wy wol in man fine kinne as dizze, dy’t Gods Geast yn him hat? 39Dat Farao sei tsjin Joazef: Neidat God jo dat allegearre witte litten hat, is der gjinien sa ferstannich en wiis as jo. 40Jo sille oer myn hûs gean en nei wat jo sizze, sil myn hiele folk him skikke. Allinne wat de troan oangiet sil ik heger stean as jo.
41Fierders sei Farao tsjin Joazef: Sjoch, ik set jo oer hiele Egypte. 42Doe die Farao syn segelring fan ’e hân en joech dy Joazef oan ’e hân en hy liet him yn linnen klean klaaie en hong him in gouden keatling om ’e hals. 43En hy liet him op ’e twadde wein ride dy’t er hie, en hja rôpen foar him út: Doch hulde! Sa stelde er him oan oer hiele Egypte. 44Farao sei tsjin Joazef: Ik bin Farao, mar sûnder jo sil yn hiel Egypte gjinien syn hân of foet optille. 45En Farao joech Joazef de namme: Safnat Paneäch en hy joech him Asnat, de dochter fan Potifeara, de pryster fan On, as frou. En Joazef teach derop út, hiel Egypte troch.
De jierren fan oerfloed, Joazefs bern
46Joazef wie tritich jier, doe’t er foar Farao, de kening fan Egypte, stie. En doe’t Joazef by Farao wie, reizge er hiel Egypte troch. 47It lân joech yn de sân jierren fan oerfloed ûnwitend folle frucht. 48Hy brocht alle iten, dat der dy sân jierren yn Egypte groeide, byinoar en sloech dat op yn ’e stêden. It iten dat fan in fjild kaam, dat om in stêd hinne lei, sloech er yn dy stêd op. 49Joazef brocht ûnwitend folle nôt byinoar, suver as it sân fan ’e see. Safolle dat se mar ophâlden fan tellen, want der wie gjin tellensein oan. 50Ear’t der in hongerjier oanbrutsen wie, krige Joazef twa soannen dy’t Asnat, de dochter fan Potifeara, de pryster fan On, him skonk. 51En Joazef neamde de âldste Manasse, want, sei er, God hat my al myn muoite en myn hiele heite hûs ferjitte litten. 52En de twadde neamde er Efraïm, want, sei er, God hat my fruchtber makke yn it lân fan myn ellinde.
De hongerjierren
53Doe’t de sân jierren fan oerfloed yn Egypte om wienen, 54begûnen de sân hongerjierren, krekt sa’t Joazef it sein hie. Der wie hongersneed yn alle lannen, mar oeral yn Egypte wie brea. 55Doe’t ek hiel Egypte honger begûn te krijen, rôp it folk oan Farao om brea. Mar Farao sei tsjin alle Egyptners: Gean mar nei Joazef en doch wat hy jim seit. 56Der wie honger yn it hiele lân en Joazef die alles iepen dêr’t mar nôt yn wie en hy ferkocht nôt oan ’e Egyptners, mei’t de honger al mar slimmer waard yn Egypte. 57En de hiele wrâld kaam nei Egypte om nôt fan Joazef te keapjen, want de honger wie slim yn ’e hiele wrâld.