De skinker en de bakker
1It wie nei dy foarfallen, dat de skinker fan ’e kening fan Egypte en de bakker har misdroegen tsjin har hear, de kening fan Egypte. 2Dat Farao waard lilk op syn beide hovelingen, op ’e opperskinker en op ’e opperbakker, 3dat hy sette se yn bewar by it hûs fan ’e kommandant fan ’e liifwacht, yn itselde tichthús dêr’t Joazef opsletten wie. 4En de kommandant fan ’e liifwacht droech Joazef op har te betsjinjen.
Doe’t se in skoft sitten hienen, 5krigen se beide in dream, elk syn eigen dream yn ien-en-deselde nacht, mei in eigen betsjutting, de skinker likegoed as de bakker fan ’e kening fan Egypte, dy’t opsletten sieten yn it tichthús.
6Doe’t Joazef de moarns by har kaam en har oanseach, fernaam er dat hja alhiel fan ’e wize wienen. 7Dat hy frege de hovelingen fan Farao dy’t mei him fêst sieten yn it hûs fan syn hear: Wêrom sjogge jimme hjoed sa tryst? 8Hja seinen tsjin him: Wy hawwe in dream hân en der is gjinien dy’t dy útlizze kin. Joazef sei tsjin har: De útlizzingen komme ommers fan God? Fertel se my ris. 9De opperskinker fertelde doe Joazef syn dream. Hy sei tsjin him: Yn myn dream stie der ynienen in wynstôk foar my 10en oan dy wynstôk sieten trije ranken. En mei’t er útrûn, skeat er ek yn ’e bloei en droegen syn trossen ripe druven. 11Ik hie de beker fan Farao yn ’e hân. En ik naam de ripe druven en parse dy út yn Farao syn beker. Doe joech ik Farao de beker op ’e hân. 12Joazef sei tsjin him: Dit is de betsjutting: De trije ranken, dat binne trije dagen. 13No noch trije dagen, dan sil Farao jo holle ferheegje en jo wer yn jo amt oanstelle en jo sille Farao de beker wer yn ’e hân jaan, lykas jo foartiid wend wienen, doe’t jo syn skinker wienen. 14Soenen jo dan, as it jo wer goed giet, nochris oan my tinke wolle? En wês dan sa goed, myn saak ûnder de oandacht fan Farao te bringen en lit my út dit hûs helje. 15Want wier, ik bin stellen út it lân fan ’e Hebreeërs en ek hjir haw ik hielendal neat dien, dat se my yn dizze hoale sette moasten.
16Doe’t de opperbakker fernaam dat it mei de útlis fan ’e earste dream mar skoan like, sei er tsjin Joazef: Ik hie ek in dream en sjoch, trije kuorren mei fyn gebak hie ik op ’e holle. 17Yn ’e boppeste koer wie fan allerhanne iten foar Farao, bakkersguod, mar de fûgels ieten dat op út ’e koer boppe myn holle wei. 18En Joazef antwurde: Dit is de betsjutting: De trije kuorren, dat binne trije dagen. 19Noch trije dagen, dan sil Farao jo holle ferheegje, ja, fan jo ôfnimme en hy sil jo oan in beam hingje en de fûgels sille it fleis fan jo ôffrette.
20Op ’e tredde dei, Farao syn jierdei, joech dy in feestmiel foar al syn tsjinners en hy ferhege de holle fan ’e opperskinker en de holle fan ’e opperbakker yn it fermidden fan syn tsjinners. 21Hy sette de opperskinker wer yn syn skinkersamt, dat dy joech Farao de beker wer op ’e hân. 22Mar de opperbakker hong er op, sa’t Joazef it har útlein hie. 23De opperskinker lykwols tocht net mear oan Joazef. Hy fergeat him.