Joazef by Potifar
1Joazef wie nei Egypte brocht en Potifar, in hoveling fan Farao, de kommandant fan ’e liifwacht, in Egyptner, kocht him fan ’e Ismaeliten, dy’t him dêrhinne brocht hienen. 2En de Heare wie mei Joazef, dat it gong him foar de wyn en hy kaam by syn Egyptyske hear yn ’e hûs. 3Doe’t syn hear seach, dat de Heare mei him wie en dat de Heare alles dat er ûnder hannen naam, slagje liet, 4kaam Joazef by him yn ’e geunst en waard syn persoanlike tsjinner. Hy sette him oer syn hûs. Alles dat er hie, joech er him yn hannen. 5En sûnt er him yn syn hûs oer alles gean liet dat er hie, segene de Heare it hûs fan ’e Egyptner om ’e wille fan Joazef. De segen fan de Heare wie oer alles dat er hie, yn ’e hûs en op it fjild. 6Dat doe liet er alles oan Joazef oer. No ’t er him hie, bemuoide er him hielendal nearne mear mei, oars net as mei it iten dat er krige. No wie Joazef kant fan lea, ja in kreaze ferskining.
7It wie nei dy foarfallen dat de frou fan syn hear har each op Joazef falle liet en hja sei: Kom by my te lizzen. 8Mar hy wegere it en sei tsjin ’e frou fan syn hear: Sjochris, myn hear bemuoit him no’t er my hat, net mei wat der yn ’e hûs omgiet, en alles dat er hat, hat er my tabetroud. 9Hjir yn dit hûs is gjinien heger as ik. Hy hat my hielendal neat ûnthâlden as allinne jo, mei’t jo syn frou binne. Hoe soe ik dan sa’n grut kwea dwaan en sûndigje tsjin God? 10– En hoewol’t se him alle dagen weroan oansiet, woe er der neat fan witte, om by har lizzen te gean en by har te wêzen.
11Op in dei doe’t er yn ’e hûs kaam om syn wurk te dwaan, wie dêr net ien fan ’e hússlaven yn ’e hûs. 12Doe pakte se him by syn boppekleed beet en sei: Lis noris by my! Mar hy liet syn kleed yn har hân en naaide út, nei bûten ta. 13Mar doe’t hja seach dat er syn kleed yn har hân litten hie en útnaaid wie nei bûten ta, 14rôp se de hússlaven en sei tsjin har: Sjochris, hy hat dizze Hebreeër hjir hinne helle om de gek mei ús te hawwen. Hy kaam by my om by my te lizzen, mar ik haw lûd raasd. 15En doe’t er hearde dat ik myn lûd útsette en begûn te roppen, hat er syn kleed neist my lizze litten en is útnaaid en nei bûten gien. 16Hja lei syn kleed neist har del oant syn hear thúskaam. 17Doe die se him dat hiele ferhaal en sei: Dy Hebrieuske slaaf dysto hjirhinne helle hast, kaam by my en woe my oanhelje. 18Mar doe’t ik myn lûd útsette en begûn te roppen, hat er syn kleed neist my lizze litten en is útnaaid, nei bûten ta. 19Doe’t syn hear it ferhaal dat syn frou him fertelde heard hie: Sa en sa hat dyn slaaf mei dy dien, waard er fergrimend. 20Dat Joazef syn hear naam him en sette him yn ’t tichthús, it plak dêr’t de kening syn tichthúsklanten opsletten wienen. En sa wied er dêr yn it tichthús.
21Mar de Heare wie mei Joazef en bewiisde him trou en liet him by de kommandant fan it tichthús yn ’e geunst komme. 22En fan de kommandant fan it tichthús krige Joazef allegearre dy’t yn ’t tichthús opsletten wienen, op ’e noed en alles dat dêr te dwaan wie, die hy. 23De kommandant fan it tichthús seach nei neat, mar dan ek neat, dat Joazef op ’e noed hie mear om, om’t de Heare mei him wie. En wat er ek die, de Heare liet it him slagje.