Juda en syn bern
1It wie yn dyselde tiid, dat Juda by syn bruorren weigong en oansluting krige by in man út Adûllam, by namme Chira. 2Dêr seach Juda de dochter fan Sjûa, in Kanaänitysk man. Hy naam har ta frou en hie mienskip mei har. 3Hja waard swier en krige in soan, dy’t er Er neamde. 4Wer waard se swier en krige in soan, en dy neamde se Onan. 5Doe krige se nochris in soan en dy neamde se Sjela; Juda wie yn Kezib, doe’t hja him krige. 6– Juda naam foar syn âldste, Er, in frou dy’t Tamar hiet. 7Mar Er, Juda syn âldste, wie yn ’e eagen fan de Heare in ferkearden ien, dat de Heare liet him stjerre. 8Doe sei Juda tsjin Onan: Kom by de frou fan dyn broer, doch dyn sweagerplicht oan har en soargje, dat dyn broer in bern op syn namme krijt. 9Onan wist lykwols dat it bern net op syn namme komme soe. Dat alle kearen as er by de frou fan syn broer kaam, dan fergriemde er it sied op ’e grûn, om syn broer mar gjin bern te jaan. 10Mar wat er dien hie, achte de Heare ferkeard, dat Hy liet him ek stjerre. 11Doe sei Juda tsjin syn skoandochter Tamar: Bliuw as widdo yn jim heite hûs, oant myn soan Sjela grut is. Mar hy tocht by himsels: oars soe dy ekris stjerre kinne lykas syn bruorren. Dat sa gong Tamar fuort en wenne yn har heite hûs.
Juda en Tamar
12Sa ferrûn der gâns in tiid en Juda syn frou, de dochter fan Sjûa, stoar. Doe’t de routiid foar Juda om wie, gong er nei syn skieppeskearders te Timna, hysels en Chira, syn freon de Adûllamyt. 13En der waard Tamar ferteld: Sjoch, dyn skoanheit is ûnderweis nei Timna te skieppeskearen. 14Doe die se har widdoklean út en die in wale foar en makke har sa ûnkenber. Hja gong sitten by de yngong fan Enaïm, dat oan ’e wei nei Timna leit, want hja hie sjoen dat Sjela al grut wie, mar dat hja him net ta frou jûn wie.
15Doe’t Juda har seach, hâlde er har foar in hoer, om’t hja har gesicht bedutsen hie. 16Hy sloech fan ’e wei ôf nei har ta en sei: Kom ju, lit my by dy komme! Want hy wist net, dat it syn skoandochter wie. Hja sei: Wat jouwe jo my, as jo by my komme meie? 17Hy sei: Ik sil dy in geitebokje fan myn lytsfee stjoere. Hja sei: As jo my in ûnderpân jouwe oant jo it stjoerd hawwe. 18Hy sei: Watfoar pân moat ik jo jaan? Hja sei: Jo segelring, jo koarde en de stôk dy’t jo yn ’e hân hawwe. Dat joech er har en doe kaam er by har en hja rekke fan him yn ferwachting. 19Doe kaam se oerein en gong fuort. Hja lei de wale ôf en die har widdoklean wer oan.
20En Juda liet syn freon, de Adûllamyt, har it geitebokje bringe, om it pân wer fan ’e frou werom te heljen, mar dy koe har net fine. 21Hy frege de manlju fan har wenplak: Wêr is de wijde hoer, dy’t hjir by Enaïm oan ’e wei siet? Hja seinen: Hjir hat gjin wijde hoer west. 22Dat hy gong werom nei Juda en sei: Ik haw har net fûn en ek de manlju fan dat plak seinen: Hjir hat gjin wijde hoer west. 23En Juda sei: Lit it har mar hâlde, oars soenen wy ek noch foar spot stean. Sjoch, ik haw dit bokje stjoerd, mar do hast har net fûn.
24It wie sa’n fearnsjier letter, dat se Juda fertelden: Jo skoandochter Tamar hat huorke en is sadwaande yn ferwachting rekke. Doe sei Juda: Bring har nei bûten ta, dan kin se ferbaarnd wurde. 25Mar wylst hja nei bûten brocht waard, stjoerde se berjocht nei har skoanheit en liet sizze: Fan ’e man fan wa’t dizze dingen binne, bin ik yn ferwachting rekke. Fierders sei se: Kenne jo dy? Fan wa binne dizze segelring, koarde en stôk? 26En Juda koe se. Hy sei: Hja hat tsjin my rjocht fan praten, omdat ik har myn soan Sjela net jûn haw. Hy hat lykwols letter gjin lichaamlike omgong mear mei har hân.
27Doe’t it mei Tamar safier wie, die it bliken, dat se in twilling by har hie. 28Under de befalling stiek ien syn hantsje út en de baakster naam in read triedsje, bûn him dat om it hantsje en sei: Dizze is earst kommen. 29Mar doe’t er syn hantsje weromlutsen hie, kaam syn broerke derút. Hja sei: Mei wat in breuk bisto trochbrutsen! Dat se neamden him: Pêres. 30Dêrnei kaam syn broer, it reade triedsje om ’e hân. En dy neamden se Sêrach.