Joazef en syn bruorren
1Sa wenne Jakob yn it lân, dêr’t syn heit as frjemd tahâlden hie, yn Kanaän. 2Dit is de famyljeskiednis fan Jakob: As jonge fan santjin jier weide Joazef it lytsfee mei syn bruorren. No wie hy as jongfeint by de soannen fan Bilha en Silpa, syn heite froulju en hy brocht de kweade rop dy’t der oer har gong, oer oan har heit. 3Israel hâlde mear fan Joazef as fan al syn oare soannen, want hy wie foar him in soan fan syn âlde dei. Hy hie him ris in prachtige mantel meitsje litten. 4Doe’t syn bruorren fernamen dat har heit mear fan Joazef hâlde as fan al syn oare soannen, mochten se him net mear sjen, dat hja hienen gjin goed wurd mear foar him oer.
5No hie Joazef ris in dream en dy fertelde er oan syn bruorren, en doe haten se him noch mear. 6Hy sei tsjin har: No moatte jim ris harkje, hoe’n dream ik wol net hân haw. 7Tink ris ta: Wy wienen op it lân oan it skeafbinen en sjedêr: myn skeaf gong oerein en bleau ek stean en ynienen gongen jimme skeaven dêromhinne stean en bûgden har foar myn skeaf. 8Syn bruorren seinen tsjin him: Soesto faaks kening oer ús wurde? Do soest tink oer ús hearskje! En doe haten se him noch mear fanwegen syn dreamen en syn praat. 9Letter krige er noch in oare dream en dy fertelde er ek oan syn bruorren. Sjoch, sei er, ik haw wer in dream hân en wol dat de sinne en de moanne en alve stjerren har foar my bûgden. 10Doe’t er it oan syn heit en syn bruorren fertelde, sette syn heit him te plak en sei tsjin him: Wat is dat foar in dream, dysto hân hast? Sille wy, ik, dyn mem en dyn bruorren, faaks komme en ús foar dy oan ’e grûn ta delbûge? 11En syn bruorren waarden oergeunstich op him, mar dit foarfal bleau syn heit by.
Joazef ferkocht
12Syn bruorren wienen ris fuort om it lytsfee fan har heit te weidzjen by Sichem. 13Doe sei Israel tsjin Joazef: Do witst dat dyn bruorren by Sichem weidzje. Kom, lit my dy ris nei har tastjoere. Hy sei: Dat is goed! 14Hy sei: Gean dêr dan hinne en sjoch hoe’t it mei dyn bruorren is en mei it lytsfee en doch my dan berjocht werom. Sa stjoerde er him út ’e delling fan Hebron wei en hy kaam te Sichem oan. 15Wylst er dêr yn it fjild omrûn trof him in man en dy man frege him: Wêr sykje jo om? 16Hy sei: Ik sykje myn bruorren. Soenen jo my ek fertelle kinne wêr’t se weidzje? 17De man sei: Hja binne hjirwei opbrutsen, want ik haw har sizzen heard: Lit ús nei Dotan gean. Dat sa gong Joazef achter syn bruorren oan en hy fûn har te Dotan.
18Hja seagen him fan fierrens al oankommen en ear’t er oan har ta wie, leinen se stikem mei-inoar oer, se soenen him deameitsje. 19Hja seinen tsjininoar: Sjoch dêr komt de dreammaster oan! 20No dan, kom, lit ús him deameitsje en him yn ien fan ’e putten smite en dan sizze wy dat in wyld bist him opfretten hat. Dan sille wy ris sjen wat der fan syn dreamen komt. 21Mar Rûben hearde it en hy rêde him út har hannen. Hy sei: Lit ús him net oan it libben komme. 22Fierders sei Rûben tsjin har: Ferjit gjin bloed, mar smyt him yn dy put dêr yn ’e woestyn, mar slach gjin hannen oan him. Want hy woe him út har hannen rêde en him wer nei syn heit ta stjoere.
23Sadree’t Joazef by syn bruorren kommen wie, dienen se him de mantel út, it pronkkleed, dat er oan hie. 24Doe griepen se him en smieten him yn ’e put. No wie dy put leech. Der stie gjin wetter yn. 25Wylst hja sieten te iten en de eagen opsloegen, seagen se ynienen in karavaan Ismaeliten oankommen út Gileäd wei. Har kamielen wienen beladen mei krûderijen, balsem en hars. Hja wienen ûnderweis om it nei Egypte te ferfieren. 26Doe sei Juda tsjin syn bruorren: Wat ha wy der oan, as wy ús broer deameitsje en syn bloed ferbergje? 27Kom, lit ús him oan dy Ismaeliten ferkeapje. Dan slagge wy de hannen net oan him, want it is ús bloedeigen broer. En syn bruorren harken nei him. 28Doe kamen der Midjanityske keaplju foarby. Hja hellen Joazef út ’e put en ferkochten him oan ’e Ismaeliten foar tweintich sulverstikken en dy brochten Joazef nei Egypte. 29Doe’t Rûben weromkaam by de put, sjedêr, doe wie Joazef net mear yn ’e put, dat hy teskuorde him de klean, 30en gong werom nei syn bruorren en sei: De jonge is der net en ik, wer moat ik no keare?
31Mar hja namen Joazef syn mantel, slachten in geitebokje en hellen de mantel troch it bloed. 32Doe lieten se it pronkkleed nei har heit tabringe mei it boadskip: Dit hawwe wy fûn; komt it jo bekend foar? Is it de mantel fan jo soan of net? 33En hy koe him en sei: It is de mantel fan myn soan. In wyld bist hat him opfretten. Joazef is grif ferskuord! 34En Jakob teskuorde syn klean en die in sek om ’e mul en hy roude gâns in skoft om syn soan. 35Al syn soannen en dochters dienen har bêst om him te treasten, mar hy woe him net treaste litte. Hy sei: Roujendewei sil ik delgean nei myn soan yn it deaderyk. Sa no beskriemde syn heit him. 36En de Midjaniten hawwe him nei Egypte ferkocht, oan Potifar, in hoveling fan Farao, de kommandant fan ’e liifwacht.