Neigeslacht fan Ezau
1Dit is de famylje fan Ezau, dat is Edom: 2Ezau hat froulju út ’e fammen fan Kanaän nommen: Ada, dochter fan ’e Hetyt Elon en Oholibama, dochter fan Ana, bernsbern fan Sibon, de Chiwwyt 3en Basemat, dochter fan Ismael, suster fan Nebajot. 4Ada joech Ezau Elifaz en Basemat krige Reûel. 5Oholibama krige Jeûsj, Jalam en Koarach. Dat wienen de soannen fan Ezau, dy’t er krige hat yn it lân Kanaän.
6En Ezau naam syn froulju, syn soannen en dochters en alle folk, dat ta syn hûs hearde, syn keppels, al syn fee en syn hiele besit, dat er yn it lân Kanaän wûn hie mei en gong nei in lân út it gesicht fan syn broer Jakob. 7Har besit wie nammers te grut om byinoar te wenjen. It lân dêr’t se as frjemd tahâlden, koe har net drage fanwegen har keppels fee. 8Dat sa sette Ezau him nei wenjen yn it berchlân Séir. Ezau is itselde as Edom.
9Dat is de famylje fan Ezau, de stamheit fan ’e Edomiten, yn it berchlân Séir. 10Dit binne de nammen fan Ezau’s soannen: Elifaz, soan fan Ezau’s frou Ada; Reûel, soan fan Ezau’s frou Basemat. 11De soannen fan Elifaz binne Teman, Omar, Sefo, Gatam en Kenaz. 12Timna wie in byfrou fan Elifaz, de soan fan Ezau. Hja joech Elifaz Amalek. Dat wienen de soannen fan Ada, de frou fan Ezau. 13En dit binne de soannen fan Reûel: Nachat en Zêrach, Sjamma en Mizza. Dat wienen de soannen fan Basemat, de frou fan Ezau. 14Dit binne de soannen fan Oholibama, de dochter fan Ana, bernsbern fan Sibon, de frou fan Ezau. Hja joech Ezau Jeûsj, Jalam en Koarach.
15Dit binne de stamhaden fan ’e soannen fan Ezau: De soannen fan Elifaz, Ezau’s âldste: sjeik Teman, sjeik Omar, sjeik Sefo, sjeik Kenaz, 16sjeik Koarach, sjeik Gatam, sjeik Amalek. Dat wienen de stamhaden fan Elifaz yn it lân Edom. Dat wienen de soannen fan Ada. 17Dit binne de soannen fan Reûel, de soan fan Ezau: sjeik Nachat, sjeik Sêrach, sjeik Sjamma, sjeik Mizza. Dat wienen de stamhaden fan Reûel yn it lân Edom. Dat wienen de soannen fan Basemat, de frou fan Ezau. 18En dit binne de soannen fan Oholibama, de frou fan Ezau: sjeik Jeûsj, sjeik Jalam, sjeik Koarach. Dat wienen de stamhaden fan Oholibama, de dochter fan Ana, de frou fan Ezau. 19Dat wienen de soannen fan Ezau en har stamhaden. Dat is Edom.
De oarspronklike bewenners fan Edom
20Dit binne de soannen fan de Choaryt Séir, de bewenners fan it lân Lotan, Sjobal, Sibon, Ana, 21Disjon, Eser en Disjan. Dat wienen de Choarityske stamhaden, soannen fan Séir, yn it lân Edom. 22De soannen fan Lotan wienen: Choary en Hemam en de suster fan Lotan wie Timna. 23En dit binne de soannen fan Sjobal: Alwan, Manachat, Ebal, Sjefo en Onam. 24En dit binne de soannen fan Sibon: Ajja en Ana. Dat is dy Ana, dy’t waarme wellen yn ’e woestyn fûn, doe’t er de ezels fan syn heit Sibon weide. 25En dit binne de bern fan Ana: Disjon en Oholibama, de dochter fan Ana. 26En dit binne de soannen fan Disjon: Chemdan, Esjban, Jitram en Keran. 27Dit binne de soannen fan Eser: Bilhan, Zaäwan en Akan. 28Dit binne de soannen fan Disjan: Oes en Aran. 29Dit binne de stamhaden fan ’e Choariten: sjeik Lotan, sjeik Sjobal, sjeik Sibon, sjeik Ana, 30sjeik Disjon, sjeik Eser en sjeik Disjan. Dat wienen de stamhaden fan ’e Choariten, neffens har stammen yn it lân Séir.
De keningen fan Edom
31En dit binne de keningen dy’t regearre hawwe oer it lân Edom, ear’t der in kening oer de Israeliten regearre. 32Yn Edom hat regearre Bêla, de soan fan Beör en syn stêd hiet Dinhaba. 33Doe’t Bêla stoarn wie, folge Jobab, de soan fan Sêrach út Bosra, him op. 34Doe’t Jobab stoarn wie, folge Chûsjam út it lân fan ’e Temaniten, him op. 35Doe’t Chûsjam stoarn wie, folge Hadad, de soan fan Bedad, dy’t Midjan yn it fjild fan Moäb fersloech, him op, en syn stêd hiet Awyt. 36Doe’t Hadad stoarn wie, folge Samla út Masreka, him op. 37Doe’t Samla stoarn wie, folge Saûl út Rechobot oan ’e rivier, him op. 38Doe’t Saûl stoarn wie, folge Baäl-Chanan, de soan fan Akbor, him op. 39Doe’t Baäl-Chanan, de soan fan Akbor, stoarn wie, folge Hadar him op, en syn stêd hiet Paû. Syn frou wie Mehetabel, dochter fan Matred, dochter fan Mezahab.
Nochris wer stamhaden fan Ezau
40En dit binne de nammen fan ’e stamhaden fan Ezau neffens har geslachten, har plakken en har nammen: sjeik Timna, sjeik Alwa, sjeik Jetet, 41sjeik Oholibama, sjeik Ela, sjeik Pinon, 42sjeik Kenaz, sjeik Teman, sjeik Mibsar, 43sjeik Magdiël, sjeik Iram. Dat wienen de stamhaden fan Edom neffens har wenplakken yn it lân dat se yn eigendom krige hienen. Dat is Ezau, de stamheit fan ’e Edomiten.