Jakob wer te Bet-El
1God sei tsjin Jakob: Meitsje dy klear, gean nei Bet-El en set dy dêr del. Do moatst dêr in alter meitsje foar de God dy’t dy ferskynd is, doest foar dyn broer Ezau op ’e flecht wiest. 2Doe sei Jakob tsjin syn húsgesin en tsjin allegearre dy’t by him wienen: Doch de frjemde goaden dy’t jim ha, fuort en reinigje en ferklaai jim. 3Wy wolle ús klearmeitsje om nei Bet-El ta. Dan wol ik dêr in alter meitsje foar de God dy’t my antwurde hat de deis dat ik it swier hie, en dy’t by my west hat op ’e wei dy’t ik gien bin. 4Doe joegen se Jakob al de frjemde goaden dy’t se yn har besit hienen en de ringen dy’t se yn ’e earen hienen. En Jakob bedobbe se ûnder de terebint fuort by Sichem. 5En doe’t hja opbrieken, lei der in skrik foar God oer de stêden om har hinne, dat hja setten de soannen fan Jakob net achternei.
6Sa kaam Jakob te Lûz yn it lân Kanaän, dat is Bet-El, hy en alle folk dat by him wie. 7Hy boude dêr in alter en neamde dat God fan Bet-El, want dêr hie God Him oan him iepenbiere doe’t er op ’e flecht wie foar syn broer Ezau. 8En Deboara, de minne fan Rebekka stoar en waard begroeven súd fan Bet-El ûnder in ikebeam, dy’t de namme krige fan Skriemers-iik.
God ferskynt wer oan Jakob
9En God ferskynde op ’e nij oan Jakob doe’t er weromkaam út Paddan-Aram wei en Hy segene him. 10God sei tsjin him:
Dyn namme is Jakob.
Net langer sil dyn namme Jakob neamd wurde,
mar Israel sil dyn namme wêze.
En Hy neamde syn namme Israel. 11God sei tsjin him:
Ik bin God de Almachtige!
Wês fruchtber en win oan yn tal.
In folk, ja in mienskip fan folken sil út dy ûntstean
en keningen sille út dyn lichem komme.
12En it lân dat Ik jûn haw
oan Abraham en Izaäk,
jou Ik dy,
en dyn neigeslacht nei dy sil Ik dit lân jaan.
13Doe fear God wer omheech, by him wei, fan it plak dêr’t Er mei him sprutsen hie. 14En Jakob sette in tinkstien oerein op it plak dêr’t Er mei him sprutsen hie, in stiennen teken. Hy stoarte dêr in drankoffer op en geat dêr oalje oer. 15En Jakob neamde dat plak, dêr’t God mei him sprutsen hie: Bet-El.
Berte fan Benjamin en Rachels dea
16Doe brieken se op fan Bet-El en hja wienen noch net oan Efrata ta, doe wie it mei Rachel safier. It waard in swiere befalling. 17En wylst hja it sa swier hie ûnder de befalling, sei de baakster tsjin har: Wês net bang, want ek diskear ha jo in soan. 18En wylst de siken har bejoegen – want hja stoar – joech se him de namme Ben-ony, mar syn heit neamde him Benjamin. 19Sa stoar Rachel en hja waard begroeven oan ’e wei nei Efrata, dat is Betlehem. 20En Jakob sette in tinkstien op har grêf. Dat is oan hjoed-de-dei ta de tinkstien fan Rachels grêf.
Rûbens sûnde
21Doe briek Israel op en in ein Migdal-Eder foarby sette er syn tinte op. 22Wylst Israel yn dat gebiet tahâlde, gong Rûben nei Bilha, syn heite byfrou en sliepte by har en Israel hearde it.
Jakobs soannen
Jakobs soannen wienen mei har tolven. 23De soannen fan Léa: Jakobs âldste Rûben, fierder Simeön, Levy, Juda, Issaskar en Sebûlon. 24De soannen fan Rachel: Joazef en Benjamin. 25De soannen fan Bilha, de slavinne fan Rachel: Dan en Naftaly. 26De soannen fan Silpa, de slavinne fan Léa: Gad en Azer. Dat binne de soannen fan Jakob, dy’t er krige hat yn Paddan-Aram.
Izaäk stjert
27Jakob kaam by syn heit Izaäk te Mamré by Kirjat-Arba – dat is Hebron – dêr’t Abraham en Izaäk as frjemdling tahâlden hienen. 28Doe’t Izaäk 180 jier wie, blies er de lêste sike út. 29Izaäk stoar, yn hege âlderdom nei in ryk libben en waard ferienige mei syn foarfaars. En syn soannen Ezau en Jakob begroeven him.