Dina skeind
1Dina, de dochter dy’t Léa Jakob jûn hie, gong der ris op út om de fammen fan it lân op te sykjen. 2Doe’t Sichem, de soan fan ’e Chiwwyt Hemor, de foarst fan it lân har seach, naam er har mei, sliepte by har en kaam har te nei. 3En hy hechte him tige oan Dina, de dochter fan Jakob. Hy hâlde fan it fanke en koe it wakker mei har roaie. 4Sichem sei tsjin syn heit Hemor: Nim dizze faam foar my ta frou. 5Doe’t Jakob hearde, dat er syn dochter Dina skeind hie, wienen syn soannen yn it fjild by it fee. Dat Jakob hâlde him stil oant se thúskamen.
6Hemor, Sichem syn heit, kaam by Jakob om mei him te praten. 7De soannen fan Jakob lykwols hienen it net heard of hja kamen út it fjild wei. De mannen namen it har tige nei en wienen slim rekke, omdat Sichem Israel skande oandien hie troch by Jakob syn dochter te sliepen, in ding dat gjin pas joech. 8Mar Hemor prate mei har en sei: Myn soan Sichem – dy is alhiel sljocht om dat fanke fan jimme. Jou har him dochs ta frou. 9Lit ús famyljebannen mei inoar oangean. Jou ús jimme dochters en nim jimme ús dochters. 10Wenje by ús en it lân is ta jimme foldwaan. Bliuw en krús der yn om en krij der besittings yn. 11En Sichem sei tsjin har heit en bruorren: As jimme my dy geunst dogge, dan sil ik jimme jaan wêr’t jim mar om freegje. 12Lis my mar in tige grutte breidskat op en in grut breidsgeskink. Ik sil it jaan sa’t jim it my sizze, mar jou my it fanke ta frou.
13Doe joegen Jakobs soannen Sichem en syn heit Hemor antwurd, mar hja sprieken falsk, omdat er har suster Dina skeind hie. 14En hja seinen tsjin har: Dat kinne wy net dwaan: ús suster jaan oan in man dy’t de foarhûd noch hat, want dat soe in skande foar ús wêze. 15Allinne op dit betingst wolle wy jim te wille wêze, dat jim wurde lykas wy, trochdat alle manspersoanen by jim har besnije litte. 16Earst dan sille wy ús dochters oan jimme jaan en jim dochters foar ús nimme. Wy sille dan by jim wenje en ien folk wurde. 17Mar as jim net nei ús harkje en jim litte jim net besnije, dan nimme wy ús dochters wer mei en geane fuort. 18Har wurden liken Hemor en Sichem, Hemor syn soan, wol goed ta. 19De jongeman liet der gjin gers oer groeie en regelje dy kwestje, want hy hâlde fan ’e dochter fan Jakob en hy hie de grutste ynfloed yn syn heite famylje.
20Doe’t Hemor en syn soan Sichem oankommen wienen by de poarte fan har stêd, sprieken se de manlju fan ’e stêd ta en seinen: 21Dizze mannen kinne goed mei ús oer de wei. Lit har yn it lân wenje en dêr yn omkruse. It lân hat ommers romte genôch foar harren. Wy kinne dan har dochters foar ús ta frou nimme en ús dochters oan har jaan. 22Allinne op dit betingst wolle dy mannen ús te wille wêze en by ús wenjen bliuwe om ien folk te wurden, dat alle manspersoanen by ús har besnije litte, lykas hja besnien binne. 23Har keppels, har besit en har bisten allegearre sille dan uzes ommers wêze. Lit ús har allinne mar te wille wêze en dan sille se by ús te wenjen bliuwe. 24Allegearre dy’t nei de stedspoarte gien wienen, harken nei Hemor en syn soan Sichem, dat alle manspersoanen, allegearre dy’t nei de stedspoarte gien wienen, lieten har besnije.
De wraak fan Simeön en Levy
25De tredde deis, doe’t se pine krigen, namen de beide soannen fan Jakob, Simeön en Levy, folle broers fan Dina, elk syn swurd en kamen sûnder muoite yn ’e stêd en deaden alle manspersoanen. 26Ek Hemor en syn soan Sichem deaden se mei it skerp fan it swurd. Doe hellen se Dina út Sichem syn hûs en gongen mei har de stêd út. 27De soannen fan Jakob gongen oer de fersleinen gear en plonderen de stêd, omdat se har suster skeind hienen. 28Har lytsfee, har kij, har ezels en alles wat yn ’e stêd en op it fjild wie, namen se mei, 29ek al har guod, en har bern en froulju namen se gefangen en plonderen alles dat yn ’e huzen wie.
30Doe sei Jakob tsjin Simeön en Levy: Jim hawwe my ûngelokkich makke en my by de bewenners fan dit lân, de Kanaäniten en de Perizziten op in minne namme brocht. En ik ha mar in stikmannich minsken. As hja mei-inoar tsjin my komme, sille se my ferslaan en ik sil mei myn hûs ferneatige wurde. 31Mar hja seinen: Mocht er dan mei ús suster dwaan as mei in hoer?