Genesis 33
Jakob en Ezau fersoene
1Doe’t Jakob de eagen opsloech, seach er Ezau oankommen mei fjouwerhûndert man by him. Dat hy ferparte de bern oer Léa en Rachel en oer de beide slavinnen. 2De beide slavinnen en har bern sette er foaroan, Léa en har bern dêr achter en Rachel en Joazef dêr wer achter. 3Sels gong er foar har út en hy bûgde him sânris nei de grûn, oant er by syn broer wie. 4Mar Ezau rûn him yn ’e mjitte, sloech de earmen om him hinne, foel him om ’e hals en tute him. Doe skriemden se. 5Doe’t er de eagen opsloech, seach er de froulju en de bern en hy sei: Wa hast dêr by dy? Hy sei: De bern, dy’t God yn syn geunst dyn tsjinstfeint jûn hat. 6Doe kamen de slavinnen, hjasels en har bern, tichterby en hja bûgden har. 7Ek Léa kaam mei har bern tichterby en hja bûgden har. Dêrnei kaam Joazef tichterby mei Rachel en hja bûgden har. 8Doe sei er: Wat moat dat hiele leger fan dy, dat ik tsjinkommen bin? Hy sei: Myn hear geunstich foar my stimme. 9Mar Ezau sei: Ik haw al safolle, broer, dat wat dines is, lit dat fan dy bliuwe. 10Jakob lykwols sei: O nee! Ast my in geunst dwaan wolst, nim dit geskink dan fan my oan, omdat ik ommers dyn gesicht sjoen haw krekt as seach ik Gods gesicht, nosto sa hertlik foar my bist. 11Nim no myn wolkomsgeskink, dat dy brocht is, oan. God hat my ommers geunst bewiisd, dat ik haw al fan alles. En doe’t er by him oanhâlde, naam er it oan. 12Ezau sei: Lit ús mar opbrekke en fuortgean, ik rin wol mei dy op. 13Mar hy sei tsjin him: Myn hear wit wol dat de bern tear binne en dat ik lytsfee mei lamkes en nijmelke kij op ’e noed haw. As dy mar ien dei opjage waarden, dan soe alle lytsfee deagean. 14Lit myn hear mar foar syn tsjinstfeint útgean. Dan gean ik sels op myn gemak fierder nei de gong fan it fee foar my en nei de gong fan ’e bern, oant ik by myn hear kom te Séir. 15Ezau sei: Lit my dan wat fan it folk dat by my is, by dy bliuwe litte. Mar hy antwurde: Wêrom soe myn hear my dochs sa te wille wêze? 16Sa gong Ezau dy deis syn wegen, wer nei Séir werom. 17Mar Jakob reizge nei Sûkkot en sette him dêr in hûs en foar it fee makke er hutten. Dat dêrom neamde er dat plak Sûkkot.
Jakob yn Kanaän
18Werom fan Paddan-Aram, kaam Jakob goed en wol by de stêd Sichem oan, dy’t yn it lân Kanaän leit, en hy sloech east fan dy stêd syn kamp op. 19Hy kocht it stik lân, dêr’t er syn tinte op set hie, fan ’e soannen fan Hemor, de heit fan Sichem, foar hûndert jildstikken. 20Hy sette dêr in alter op en neamde dat: El is de God fan Israel.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap