1De oare moarns betiid gong Laban derôf, tute syn soannen en dochters en segene har. Doe gong Laban fuort, werom nei syn wenplak.
Jakob te Machanaïm
2Ek Jakob gong syn wegen en ingelen fan God moeten him. 3Sagau’t er se seach, sei Jakob: Dit is in leger fan God en hy neamde dat plak Machanaïm.
Jakob stjoert boaden nei Ezau
4Doe stjoerde Jakob boaden foarút nei syn broer Ezau, nei it lân Séir, it gebiet fan Edom, 5en hy hiet har: Dit moatte jim tsjin myn hear Ezau sizze: Sa hat jo tsjinstfeint Jakob sein: Ik haw as frjemdling by Laban wenne en ik bin dêr oan distiid ta bleaun. 6Ik haw kij en ezels en lytsfee, slaven en slavinnen wûn, en ik stjoer no guon om it mynhear witte te litten, dat jo my tagedien wêze sille. 7Doe’t de boaden by Jakob weromkamen, seinen se: Wy binne by jo broer Ezau oankommen en hy komt jo ek al yn ’e mjitte mei fjouwerhûndert man by him. 8Doe waard Jakob tige bang en hy krige it benaud, dat hy dielde it folk dat er by him hie, it lytsfee, de kij en de kamielen yn twa groepen. 9Hy sei: As Ezau by de iene groep komt en dy ferslacht, dan kin de oerbleaune groep noch ûntkomme. 10En Jakob sei: O God fan myn pake Abraham en God fan myn heit Izaäk, O Heare, dy’t tsjin my sein hat: Gean werom nei dyn lân en dyn famylje, dan sil Ik dy goeddwaan, 11ik bin te min foar alle geunsten en foar alle trou dy’t jo tsjinstfeint fan Jo ûnderfine mocht. Mei oars net as in stôk bin ik oer dizze selde Jordaan gien en no bin ik ta twa groepen wurden. 12Rêd my dochs út ’e hannen fan myn broer, út ’e hannen fan Ezau, want ik bin sa bang foar him, dat er komme sil en slach my dea mei de mem en de bern. 13Jo hawwe sels sein: Ik sil it tige goed mei dy meitsje en dyn neigeslacht wurde litte as de sânkerrels by de see, dy’t fanwegen de mannichte net te tellen binne.
14Dy nachts bleau er dêr. Doe naam er fan wat er yn besit krige hie, in geskink foar syn broer Ezau: 15twahûndert geiten en tweintich bokken, twahûndert skiep en tweintich rammen, 16tritich melke kamielinnen mei har fôlen, fjirtich kij en tsien bollen, tweintich ezelinnen en tsien jonge ezels. 17Hy joech se syn feinten yn ’e hannen, elke keppel apart. Hy sei tsjin syn feinten: Gean foar my út en hâld ôfstân tusken de keppels. 18De foarste droech er op: As myn broer Ezau dy moetet en dy freget: Fan wa binne jo en wer geane jo hinne en wa sines is dit fee dêr foar jo? 19dan moatst sizze: Dit is in geskink fan jo tsjinstfeint Jakob, stjoerd nei myn hear Ezau. En sjoch, hysels komt achter ús oan. 20Ek de twadde en de tredde en allegearre dy’t achter de keppels gongen, lei er op: Sa moatte jim mei Ezau prate, as jim him oantreffe. 21En dan moatte jim ek sizze: Sjoch, jo tsjinstfeint Jakob komt sels achter ús oan. Want hy tocht: Lit my troch it geskink dat foar my út giet, him fersoenje en dêrnei sil ik him persoanlik sjen. Faaks sil er my goedgeunstich wêze. 22Doe triek it geskink by him lâns en sels brocht er de nacht troch yn it kamp.
Jakob wrakselet mei God
23Dyselde nachts gong er derôf, naam syn beide froulju, syn beide slavinnen en syn alve bern en stiek op it waad de Jabbok oer. 24Doe’t er har ophelle en oer de rivier set hie, brocht er alles wat er hie, oer. 25En Jakob bleau allinne achter en in man wraksele mei him oant de dage oan ’e loft kaam. 26Doe’t dy seach dat er Jakob net ha koe, rekke er syn heupe oan, dat dy heupe waard ferrutsen wylst de man mei him wraksele. 27Doe sei er: Lit my gean, want de dage is al oan ’e loft. Mar Jakob sei: Ik lit Jo net gean, of earst moatte Jo my segene hawwe. 28Hy frege him: Hoe is dyn namme? Hy sei: Jakob. 29Dêrop sei er: Net langer sil dyn namme Jakob neamd wurde, mar Israel, want do hast striden mei God en minsken en do koest se ha. 30Doe frege Jakob: Sis my dochs hoe’t jo namme is. Mar Hy sei: Wêrom fregest nei myn namme? En Hy segene him dêr. 31Jakob joech dat plak de namme Peniël. Want, sei er, ik haw God sjoen, each yn each en ik haw it libben hâlden. 32De sinne kaam oer him op, doe’t er Peniël foarby wie, mar hy rûn kwealik oan ’e heupe. 33Dêrom ite oan hjoed-de-dei ta de Israeliten de spier net, dy’t op ’e heupe leit, omdat Er Jakob oan ’e spier op ’e heupe rekke hie.