Jakob giet by Laban wei
1Doe hearde er praat fan Laban syn soannen, dy’t seinen: Jakob hat alles nommen dat ús heit sines wie. Op ús heit syn kosten is er sa ryk wurden. 2En Jakob seach oan Laban syn gesicht wol, dat dy lang sa folle net mear mei him op hie as foartiid. 3De Heare sei tsjin Jakob: Gean werom nei dyn heite lân en nei dyn famylje en Ik sil mei dy wêze.
4Dêrop stjoerde Jakob berjocht nei Rachel en Léa en rôp har nei it fjild by syn lytsfee. 5Hy sei tsjin harren: Ik sjoch wol oan jim heit syn gesicht dat er net mear sa mei my is as foartiid. Myn heite God lykwols hat mei my west. 6No witte jimme sels wol, dat ik jim heit mei ynset fan myn hiele persoan tsjinne haw. 7Mar jim heit hat de gek mei my hân en hy hat myn lean tsien kear feroare; God lykwols hat net talitten dat er my skea die. 8As er sei: It spikkelbûnte sil dyn lean wêze, dan krige de hiele keppel spikkelbûnte lammen. As er sei: It streke sil dyn lean wêze, dan krige de hiele keppel streekbûnte lammen. 9God hat jim heit syn feebeslach ôfnommen en it my jûn. 10It wie yn ’e tiid dat it fee driftich waard, dat ik myn eagen opsloech en doe seach ik yn in dream, dat de bokken dy’t de keppel sprongen, streekbûnte, spikkelbûnte en bûnte wienen. 11En in ingel fan God sei tsjin my yn ’e dream: Jakob! en ik sei: Hjir bin ik! 12Hy sei: Slach dyn eagen op, sjochris: alle bokken, dy’t de keppel springe, binne spikkelbûnt, streekbûnt en bûnt. Want Ik haw alles wol sjoen, dat Laban dy oandien hat. 13Ik bin deselde God as fan Bet-El, it plak dêrsto de wijstien salve hast en dêrst My in gelofte dien hast. Dat kom no en gean út dit lân wei en nei it lân fan dyn famylje werom.
14Doe antwurden Rachel en Léa en seinen tsjin him: Hawwe wy faaks noch in part yn it erfskip fan ús heite hûs? 15Hy hat ús ommers as frjemden beskôge, want hy hat ús ferkocht, en ús jild hat er ek noch hielendal opmakke. 16De hiele rykdom dy’t God ús heit ôfnommen hat, is úzes en ús soannen harres. Dat no dan, doch alles mar, dat God tsjin jo sein hat.
17Doe makke Jakob him klear en hy sette syn soannen en syn froulju op kamielen. 18En al syn fee fierde er fuort en syn hiele besit, dat er wûn hie, it fee dat syn eigendom wie, dat er yn Paddan-Aram wûn hie, om nei it lân Kanaän, nei syn heit Izaäk te gean.
19Wylst Laban fan hûs wie om syn skiep te skearen, stiel Rachel har heite tearafim. 20En Jakob ferrifele Laban, de Arameeër, mei’t er him net fertelde dat er fuort gong. 21Sa flechte er mei alles dat sines wie. Doe’t er klear wie, stiek er de rivier oer en hy sette de kant út fan it berchlân fan Gileäd.
Laban giet Jakob achternei
22De tredde deis waard Laban ferteld dat Jakob flechte wie. 23Dat hy naam syn famyljeleden mei en sette him sân dagen oanien achternei. Yn it berchlân fan Gileäd hied er him sa goed as ynhelle. 24Mar doe kaam dy nachts God by Laban, de Arameeër, yn in dream, en Hy sei tsjin him: Tink derom, datst noch yn goedens noch yn lilkens mei Jakob redendielst.
25Doe helle Laban Jakob yn. Jakob hie syn tinte opset yn it berchlân en Laban-en-dy hienen dat dien yn it berchlân fan Gileäd. 26En Laban sei tsjin Jakob: Wat hast no úthelle? Do hast my ferrifele. Do hast myn dochters fuortfierd krekt as hiest se mei it swurd bútmakke. 27Wêrom bist stikem fuortgien? Wêrom hast my ferrifele en it der net oer hân? Ik hie dan feestlik ôfskied fan dy nommen mei sang by tromme en liere. 28Do hast my net ienris de kâns jûn om myn soannen en dochters te tútsjen. Wat hast it dochs healwiis dien. 29Ik hie it yn ’e macht jim kwea te dwaan, mar de God fan jim heit hat justernacht tsjin my sein: Tink derom datsto Jakob net oansitst, noch yn goedens, noch yn lilkens. 30Mar no, do bist grif fuortgien omdatst sa’n tigen langst hast nei dyn heite hûs, mar wêrom hast dan myn goaden stellen? 31Jakob antwurde Laban: Omdat ik bang wie. Ik tocht nammentlik: It moast net sa komme dat jo my jo dochters ôfhellen. 32Mar as der ien is by wa’t jo jo goaden fine, dy sil net yn ’t libben bliuwe; stel yn it bywêzen fan ús famyljeleden mar fêst, wat ik ha dat jowes is, nim dat mar. Jakob wist nammentlik net dat Rachel se stellen hie. 33Dat sa kaam Laban yn ’e tinte fan Jakob en yn dy fan Léa en yn ’e tinte fan ’e beide slavinnen, mar hy fûn neat. Doe’t er út Léa har tinte wei gong, kaam er yn Rachel harres. 34No hie Rachel de tearafim nommen en dy yn in kamielesadel dien en dêr wie se op sitten gien. Dat Laban socht de hiele tinte ôf, mar hy fûn neat. 35Hja sei tsjin har heit: Myn hear moat it my net kwea ôfnimme, mar ik kin min foar jo oereinkomme, want ik ha de gewoane frouljuskwaal. Hy socht en socht, mar hy fûn de tearafim net. 36Doe waard Jakob lilk en sei Laban it mannewaar op. En Jakob joech Laban te hearren: Wat foar ferkeards haw ik dien, wat is myn misdied,dat jo my sa fûleindich op ’e lea sitte? 37Want jo hawwe no myn dingen allegearre trochsocht. Wat hawwe jo ûnder alle dingen fûn dat út jo hûs wie? Set se hjir mar foar jo en myn famylje del. Lit dy mar útmeitsje wa fan ús beiden gelyk hat. 38Tweintich jier haw ik no by jo west. Jo skiep en jo geiten ha ik de lammen net ûntnadere en de rammen fan jo keppel haw ik net iten. 39Wat ferskuord wie, haw ik jo net brocht, mar ik haw it jo fergoede. Wat my ûntstellen waard, nachts of oerdeis, hawwe jo fan my werom frege. 40Der ha tiden west dat ik deis sawat omkaam fan ’e hjitte en nachts fan ’e kjeld en dat ik gjin wink yn ’e eagen krige. 41Dat wienen foar my de tweintich jier dat ik by jo yn ’e hûs west haw. Fjirtjin jier haw ik jo tsjinne om jo beide dochters en seis jier om jo fee, en jo hawwe myn lean tsien kear feroare. 42As myn heite God, de God fan Abraham, en de Freze fan Izaäk, net mei my west hie, dan hienen jo my no mei lege hannen fuortstjoerd. God hat myn ellinde en myn moedsum skreppen sjoen en Hy hat justernacht de beslissing jûn.
43Doe naam Laban it wurd en sei tsjin Jakob: Dy dochters binne myn dochters, dy soannen binne myn soannen, dat fee is myn fee en alles datst sjochste is mines. Mar myn eigen dochters, wat soe ik hjoed har en de soannen dy’t se krigen hawwe, oandwaan? 44Kom, litte do en ik no in ferbûn slute, dat der in bewiis tusken dy en my wêze mei.
Ferbûn tusken Laban en Jakob
45Doe naam Jakob in stien en sette dy oerein ta in tinkstien. 46En Jakob sei tsjin syn famyljeleden: Sykje stiennen byinoar. Doe sochten se stiennen en makken in stienbult en hja ieten dêr op dy stienbult. 47Laban neamde dy: Jegar-Sahadûta, mar Jakob hat him Gal-Ed neamd. 48Laban sei: Dizze stienbult is hjoed in bewiis tusken dy en my. Dêrom hat er him de namme Gal-Ed jûn, 49en ek Mispa, omdat er sei: De Heare mei op dy en my tasjen, as wy inoar net mear sjen kinne. 50Asto myn dochters fernederje soest en ast boppe myn dochters noch oare froulju nimme soest, al is der dan gjin minske by ús, tink derom dat God getuge is tusken dy en my.
51Fierders sei Laban tsjin Jakob: Sjoch hjir dizze stienbult en sjoch hjir de tinkstien, dy’t ik oprjochte haw tusken dy en my. 52In bewiisstik is dizze stienbult en in bewiisstik is de tinkstien, dat ik dizze stienbult net foarbykomme sil nei dy ta en datsto dizze stienbult en dizze tinkstien net foarbykomme silst nei my ta mei kweade bedoelingen. 53De God fan Abraham en de God fan Nachor, de God fan har heit, sil rjochtdwaan tusken ús. Doe swarde Jakob by de Freze fan syn heit Izaäk. 54En Jakob makke in offermiel klear op ’e berch, en hy noege syn famyljeleden ta it miel. Dêrop ieten se en bleauwen de nacht oer op ’e berch.