Bern fan Bilha
1Doe’t Rachel seach dat se gjin bern fan Jakob krige, waard se oergeunstich op har suster en hja sei tsjin Jakob: Jou my bern en sa net, dan gean ik dea. 2Mar Jakob waard tige lilk op Rachel en hy sei: Bin ik soms yn it plak fan God, dy’t dy de frucht fan ’e memmeskurte ûnthâlden hat? 3Hja sei: Hjir is myn tsjinstfaam Bilha. Sliep by har, dat se op myn knibbels bern krije mei, dat ik fan har neigeslacht krij. 4Dat sa joech se him har slavin Bilha as frou en Jakob hie mienskip mei har. 5En Bilha waard swier en joech Jakob in soan. 6Doe sei Rachel: God hat my rjocht dien. Hy hat ek nei my harke en my in soan jûn. Dêrom joech se him de namme Dan. 7Bilha, de slavin fan Rachel, waard nochris swier en joech Jakob in twadde soan. 8Doe sei Rachel: Boppe minskemacht haw ik mei myn suster wraksele, mar ik haw it wûn. En hja neamde him Naftaly.
Bern fan Silpa
9Doe’t Léa fernaam, dat se gjin bern mear krige, naam se har slavinne Silpa en joech har Jakob as frou. 10En Silpa, de slavinne fan Léa, waard swier en joech Jakob in soan. 11Doe sei Léa: It lok is kommen; en hja neamde him Gad. 12Silpa, de slavinne fan Léa, joech Jakob in twadde soan. 13En Léa sei: Wat bin ik lokkich! Want no sille alle jonge froulju my lokkich priizje. Dat hja neamde him Azer.
De oare bern fan Léa
14Yn ’e tiid fan it weetrispjen gong Rûben it fjild ris yn. Hy fûn dêr leafde-apels en brocht dy syn mem Léa. Doe sei Rachel tsjin Léa: Jou my guon fan ’e leafde-apels fan dyn soan. 15Mar dy sei: Is it noch net genôch datst my myn man ôfnommen hast, datst no de leafde-apels fan myn soan ek noch ha wolst? Doe sei Rachel: Dêrom mei er fannacht by dy sliepe yn ruil foar de leafde-apels fan dyn soan. 16Doe’t Jakob dy jûns thúskaam fan it fjild, gong Léa him yn ’e mjitte en sei: Do komst by my, want ik haw dy earlik hierd foar de leafde-apels fan myn soan. Dat sa sliepte er dy nachts by har. 17En God ferhearde Léa. Hja waard swier en joech Jakob in fyfte soan. 18Doe sei Léa: God hat my beleanne, om’t ik myn slavinne oan myn man jûn haw. En hja neamde him Issaskar. 19Wer waard Léa swier en joech Jakob in sechste soan. 20Dat Léa sei: God hat my in moai geskink jûn. Diskear sil myn man wol by my wenjen bliuwe, want ik haw him no al seis soannen jûn. En hja neamde him Sebûlon. 21Neitiid krige se noch in dochter en dy neamde se Dina.
Bern fan Rachel
22Doe tocht God oan Rachel. Hy ferhearde har en makke dat se fruchtber waard. 23Hja waard swier en krige in soan. Doe sei se: God hat myn skande weinommen, 24dat hja neamde him Joazef en sei: Lit de Heare my der noch in oare soan by jaan.
Hoe’t Jakob oan fee kaam
25Doe’t Rachel Joazef krigen hie, sei Jakob tsjin Laban: Lit my no frijgean, dat ik nei myn wenplak en myn lân gean kin. 26Jou my myn froulju en bern, dêr’t ik by jo foar arbeide haw, want ik wol fuort. Jo witte sels, hoe’t ik jo tsjinne haw. 27Mar Laban sei tsjin him: Soest my net te wille wêze wolle? It is my wol dúdlik wurden, dat de Heare my segene hat om dy. 28Fierders sei er: Sis mar watst by my fertsjinje moatst, dan sil ik dy dat jaan. 29Hy sei tsjin him: Jo witte sels wol, hoe’t ik jo tsjinne haw en hoe’t it jo feebeslach by my fergien is. 30Want it bytsje dat jo hienen ear’t ik kaam, hat him ta in mannichte útwreide omdat de Heare jo segene hat sûnt ik by jo bin. Mar wannear sil ik no ek ris foar myn eigen húshâlding soargje meie? 31Mar hy sei: Wat moat ik dy jaan? Jakob sei: Jo hoege my hielendal neat te jaan. Ik sil jo lytsfee wer weidzje en derop passe, as jo dìt útstel fan my oannimme. 32Ik gean hjoed by al jo lytsfee lâns en skiftsje dêr alle spikkelbûnte en bûnte lammen út. Alle swarte lammen by de skiep en alle spikkelbûnte by de geiten sille dan myn lean wêze. 33As jo komme om myn lean nei te gean, sil it tenei daliks te sjen wêze oft ik earlik west haw. Alles dat by de geiten net spikkelbûnt of bûnt is of swart by de skiep, dat sil rekkene wurde as hie ik it stellen. 34Laban sei: Goed, dan hâlde wy dat foar ôfpraat. 35Dy deis sette hy de streekbûnte en bûnte bokken apart, en alle geiten dy’t spikkelbûnt of bûnt wienen, alles dêr’t wyt oan siet, en ek alle swarte skiep en sette se ûnder behear fan syn soannen. 36Hy sette in ôfstân fan trije dagen út tusken himsels en Jakob, en Jakob weide it lytsfee fan Laban dat oerbleaun wie.
37Doe naam Jakob farske tûken fan in abeeljebeam, fan in mangelbeam en fan in plataan en dêr skylde er wite streken op, troch it wite hout fan ’e tûken bleat te lizzen. 38En de tûken dy’t er skyld hie, lei er yn ’e goaten, de drinkwetterbakken dêr’t it lytsfee plichte te kommen om te drinken, en it waard driftich as it kaam om te drinken. 39En as dan it lytsfee driftich waard by de tûken, dan krige it streekbûnte, spikkelbûnte en bûnte lammen. 40De skiep skifte Jakob út. Dy sette er mei de koppen nei it swarte en streekbûnte by it wite fee, mar syn eigen keppels sette er apart; dy sette er net by it wite fee. 41Sa faak it sterke fee driftich waard, lei Jakob de tûken yn ’e goaten foar de eagen fan it fee, dat it driftich waard by de tûken. 42Mar by it swakke fee lei er de tûken net. Dat sadwaande wienen de swakke bisten foar Laban en de sterke foar Jakob. 43Sa gong it dy man tige by tige. Hy krige wit-hoefolle fee, slavinnen en slaven en kamielen en ezels.