Jakob moetet Rachel en komt by Laban
1Doe sette Jakob de stap deryn en gong nei it lân fan ’e stammen fan it Easten. 2Ynienen seach er in put yn it fjild en dêr leinen trije keppels skiep by, want út dy put waarden de keppels altyd boarnd. En der lei in grutte stien op ’e iepening fan ’e put. 3As alle keppels byinoar wienen, dan rôlen se de stien fan ’e iepening fan ’e put en boarnden de skiep. Dan leinen se de stien wer te plak, op ’e iepening fan ’e put. 4Jakob frege har: Mannen, wêr komme jim wei? Hja seinen: Wy komme fan Charan. 5Hy sei tsjin har: Kenne jim dan Laban, de soan fan Nachor ek? Hja seinen: Jawis wol. 6Hy sei tsjin har: Giet it goed mei him? Hja seinen: It giet goed. Mar sjoch, Rachel, syn dochter komt der krekt oan mei de skiep. 7Hy sei: It is no ommers noch midden op ’e dei. It is noch gjin tiid om it fee byinoar te bringen. Boarn de skiep, gean dan fuort en lit se weidzje. 8Hja seinen: Dat kinne wy net earder as alle keppels moatte byinoar wêze. Dan rôlje se de stien fan ’e iepening fan ’e put en dan boarne wy de skiep.
9Wylst er noch mei har oan it praten wie, kaam Rachel deroan mei de skiep fan har heit, want hja wie in hoedster. 10Sagau’t Jakob Rachel, de dochter fan Laban, syn memme broer seach, mei de skiep fan Laban, syn memme broer, kaam Jakob tichterby, rôle de stien fan ’e iepening fan ’e put en boarnde de skiep fan syn omke Laban. 11En Jakob tute Rachel en begûn lûdop te gûlen. 12Doe fertelde Jakob Rachel dat er fan har heite famylje wie, in soan fan Rebekka. Dêrop rûn se hurd fuort en fertelde it har heit. 13Sadree’t Laban dat nijs oangeande Jakob, de soan fan syn suster, hearde, rûn er him hurd yn ’e mjitte, sloech de earmen om him hinne en tute him. Hy naam him mei nei hûs ta en Jakob die Laban it hiele ferhaal. 14En Laban sei tsjin him: Wierliken, do bist fan myn eigen fleis en bloed. En hy bleau in hiele moanne by him.
Jakob trout mei Léa en Rachel
15Doe sei Laban tsjin Jakob: Do bist no wol famylje fan my, mar dêrom hoechst noch net fergees by my te wurkjen. Sis mar watst fertsjinje moatst. 16No hie Laban twa dochters. De âldste hiet Léa en de jongste Rachel. 17Léa har eagen stienen flau, mar Rachel wie kant fan lea en hie in kreas gesicht. 18Jakob hie Rachel leaf krige en hy sei: Ik wol sân jier by jo arbeidzje om jo jongste dochter Rachel. 19Laban sei: Ik kin har better oan dij jaan as oan in oarenien. Dat do bliuwst mar by my. 20Sa arbeide Jakob sân jier foar Rachel, en dy wienen yn syn eagen as mar in deimannich, omdat er har leaf hie.
21Doe sei Jakob tsjin Laban: Jou my no myn frou, want de tiid is om en ik wol by har komme. 22Laban helle dêrop alle manlju fan dat plak byinoar en joech in feestmiel. 23De jûns lykwols helle er syn dochter Léa en brocht har by Jakob en dy sliepte by har. 24En Laban joech syn dochter Léa syn slavin Silpa mei as har slavin. 25Mar de oare moarns, sjedêr: it wie Léa! Doe sei er tsjin Laban: Wat hawwe jo my no oandien? Ik haw dochs by jo arbeide om Rachel? Wêrom hawwe jo my bedragen? 26Laban lykwols sei: Earst de jongste jaan en dan de âldste, sa dogge wy hjir net. 27Meitsje dizze wike mar fol, dan krijst de oare ek foar it wurk datst nochris sân jier by my dwaan silst.
28En dat die Jakob. Hy makke dy wike fol en doe joech Laban him syn dochter Rachel as frou. 29En Laban joech syn dochter Rachel syn slavin Bilha mei as har slavin. 30Jakob kaam ek by Rachel; hy hâlde mear fan Rachel as fan Léa en hy arbeide nochris sân jier by Laban.
Bern fan Léa
31Doe’t de Heare seach dat Léa der oer wie, makke Er dat se fruchtber waard, mar Rachel wie ûnfruchtber. 32Dat Léa waard swier en krige in soan. Hja neamde him Rûben, want hja sei: De Heare hat it wol sjoen hoe slim ik achterút set wurd. Mar no sil myn man wol fan my hâlde. 33Wer waard se swier en krige in soan. Doe sei se: De Heare hat heard dat ik der oer bin, en no hat Er my dizze ek noch jûn. En hja neamde him Simeön. 34Wer waard se swier en krige in soan. Doe sei se: No sil diskear myn man him wol mear oan my hechtsje, want ik haw him no al trije soannen jûn. Dêrom neamde se him Levy. 35Wer waard se swier en krige in soan. Doe sei se: Diskear sil ik de Heare loovje. Dat dêrom neamde se him Juda. Doe wie it te’n earsten dien mei har bernkrijen.