Gjin skande mear oer it lân fan Israel
1Minskesoan, no moatsto profetearje tsjin ’e bergen fan Israel en sizze: Bergen fan Israel, hear it wurd fan de Heare! 2Dit hat God de Heare te sizzen: De fijân hat fan jim sein: Ha, de oerâlde hichten binne uzes wurden. 3Profetearje dêrom en sis: Dit hat God de Heare te sizzen: Krekt dêrom, omdat se jim fan alle kanten ferrinnewearje en fertraapje, om jimme sadwaande oer te leverjen oan wat der fan ’e heidenfolken noch oer is, en krekt omdat jim troch de lju oer de tonge helle en berabbe wurde, 4dêrom, bergen fan Israel, hear it wurd fan God de Heare: Dit hat God de Heare te sizzen tsjin de bergen en de hichten, tsjin de beekdellings en de delten, tsjin de ferwyldere púnfallen en de ferlittene stêden, dy’t roofguod en in bespotting wurden binne foar wat der om jim hinne oan heidenfolken noch oer is. 5Dit hat God de Heare te sizzen: Wier, yn it fjoer fan myn neigeande leafde haw Ik My tsjin de oerbleaune heidenfolken en tsjin hiele Edom útsprutsen; want dy hawwe harsels myn lân ta-eigene mei wille yn ’t hert en djippe ferachting om it sadwaande folslein út te rûpeljen. 6Profetearje dêrom oer de grûn fan Israel en sis tsjin de bergen en de hichten, tsjin de beekdellings en de delten: Dit hat God de Heare te sizzen: Tink derom, yn myn neigeande leafde en myn grime haw Ik sprutsen, om’t jimme de smaad fan ’e heidenfolken drage moasten. 7Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Mei de fingers yn ’e hichte haw Ik sward: De folken om jim hinne sille sûnder mis sels dy smaad te dragen krije.
8Mar jimme, bergen fan Israel, jim sille jim tûken wer útsjitte litte en frucht drage foar myn folk Israel, want mei gauwens komme se wer thús. 9Sjoch, Ik wurd wer goed mei jimme en kear My wer nei jim ta; dan wurde jimme wer berêden en ynsiedde. 10Ik sil it tal minsken dat op jimme wennet, tige oanwinne litte, it folk fan Israel yn syn hiele hear en fear; yn ’e stêden sille wer minsken wenje en wat yn pún leit, wurdt wer opboud. 11Ik sil it tal minsken en bisten, dat op jim wennet, tige oanwinne litte; se sille machtich yn tal wurde en fruchtber wêze; Ik sil soargje, dat der wer krektlike folle folk komt as yn âlde tiden en dat it mei jim noch better giet as eartiids; dan sille jim witte, dat Ik de Heare bin. 12Ik meitsje, dat der wer minsken op jim omrinne, te witten myn folk Israel; lân, se sille dij yn besit nimme, do silst har erfdiel wêze en har de bern net wer ôfhelje.
13Dit hat God de Heare te sizzen: De lju sizze, datsto in minske-iter bist en dyn eigen folk har bern ôfhellest. 14Mar no silsto net langer minsken fersline en eigen folk net mear de bern ôfhelje, – is de godsspraak fan God de Heare. 15En Ik meitsje, datst de smaad fan ’e heidenfolken net langer te hearren krijst en de hún fan ’e naasjes net langer ferneare hoechst; do silst dyn folk net mear de bern ôfhelje, – is de godsspraak van God de Heare.
16Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 17Minskesoan, doe’t it folk fan Israel noch op eigen grûn wenne, besmodzen se dy mei har hâlden en dragen; har praktiken wienen yn myn eagen sa ûnrein as it bloed fan in frou dy’t de regels hat. 18Dêrom haw Ik myn grime oer harren útstoart, om it bloed dat se oer it lân stoart hawwe en om de ôfgoaden dêr’t se it mei besmodze hawwe. 19Doe haw Ik har ûnder de heidenfolken fersille en waarden se ferstruid oer de lannen. Al nei’t har hâlden en dragen fertsjinne, haw Ik rjochtdei oer harren hâlden. 20Mar wêr’t se ek by de heidenfolken kamen, rûnom hawwe se myn hillige namme ûntwijd, dat de lju seinen fan har: ‘Dat is no it folk fan ’e Heare, dy moasten syn lân út!’ 21Doe hat it My oandeard om de eare fan myn hillige namme, dy’t it folk fan Israel sa ûntwijd hie ûnder de heidenfolken dêr’t se tusken telâne kommen wienen.
22Sis dêrom tsjin it folk fan Israel: Dit hat God de Heare te sizzen: It is net om jimme, folk fan Israel, dat Ik it doch, mar om myn hillige namme, dy’t jimme by de heidenfolken dêr’t jim ûnder telâne kommen binne, ûntwijd hawwe. 23En Ik sil myn grutte namme, dy’t by de folken ûntwijd is, dy’t jimme dêr ûntwijd hawwe, wer hilligje. Dan sille de heidenfolken witte, dat Ik de Heare bin – is de godsspraak fan God de Heare – wannear’t se sjogge, dat Ik myn hillichheid bewiis yn wat Ik mei jim doch. 24Ik helje jim ûnder de heidenfolken wei en út alle frjemde lannen byinoar en bring jim wer nei jim eigen grûn. 25Dan sil Ik suver skjin wetter oer jim hinne sprinkelje en jim sille suvere wurde fan alles dêr’t jim mei besmodze wienen; Ik sil jim suverje fan alle smoargens fan jim ôfgoaden. 26Dan jou Ik jim in nij hert en besielje jim mei in nije geast; it stiennen hert nim Ik út jim lichem wei en Ik jou jimme in hert fan libben fleis. 27Myn Geast jou Ik jim yn en Ik meitsje dat jimme jim oan myn oarderingen hâlde, myn rjochtsregels yn acht nimme en dêrneffens dogge. 28Jim sille wenje yn it lân dat Ik jim foarfaars jûn haw; jim sille myn folk wêze en Ik jimme God. 29Ik sil jim frijmeitsje fan alles wat jim besmodze hat. Ik rop it nôt en meitsje, dat der mear as genôch fan komt; hongersneed lit Ik net wer oer jim komme. 30Ik soargje, dat de beammen in oerfloed fan fruchten drage en de grûn gâns opbringt, dat jimme ûnder de folken net mear de skande fan in hongersneed hoege te dragen. 31Dan sil jim minne dwaan en litten, dat der fier by troch wie, jim wer yn ’t sin komme en jim sille jimsels foar jim eagen net sjen meie fanwegen jimme ûngerjochtichheden en jim skandlike praktiken. 32It is net om jimme, mar om Mysels, dat Ik it doch – is de godsspraak fan God de Heare – dat moatte jimme goed witte. Skamje jim, krij der in kleur fan om ’e holle, sa’t jim dien hawwe, folk fan Israel!
33Dit hat God de Heare te sizzen: De deis dat Ik jimme suverje fan al jim ûngerjochtichheden, sil Ik wer minsken yn ’e stêden wenje litte en wer opbouwe, wat yn pún leit. 34It lân dat der no foar wyld hinne leit, sil wer berêden wurde en der net langer as in woestenij hinne lizze foar it each fan elk dy’t der lâns komt. 35Dan wurdt der sein: Sjoch, itselde lân dat der foar wyld hinne lei, is no in hôf fan Eden wurden, en de stêden dy’t yn pún leinen, dy’t fernield of ôfbrutsen wienen, binne no wer sterke stêden mei minsken deryn. 36En de heidenfolken dy’t om jim hinne noch oer binne, sille witte, dat Ik, de Heare, wer opboud haw wat ôfbrutsen wie en wer beplante haw wat der foar wyld hinne lei. Ik, de Heare, haw sprutsen en Ik dòch it.
37Dit hat God de Heare te sizzen: Ek yn dit stik fan saken, wol Ik My troch it folk fan Israel ferbidde litte en dit foar harren dwaan: Ik sil har yn tal oanwinne litte as in keppel skiep, 38as in keppel offerskiep, as de skiep fan Jeruzalem foar de hjeldagen. Sa sille de stêden dy’t no yn pún lizze, fol wêze mei keppels minsken. Dan sille se witte, dat Ik de Heare bin.