It deade Israel ta nij libben brocht
1De Heare lei de hân op my en brocht my troch syn Geast bûtenút en sette my midden yn ’e delling. Dy lei fol mei deade bonken. 2Dêr liet Er my bylâns gean, der hielendal omhinne; ik seach, dat de delling der fol mei lei – safolle wienen der – en dat se slim útdroege wienen. 3Doe frege Er my: Minskesoan, wat tinkt dy, kinne dizze bonken wer ta libben komme? Doe sei ik: Heare, myn God, dat witte Jo allinne! 4Hy sei tsjin my: Profetearje oer dy bonken en sis dertsjin: Toarre bonken, hear it wurd fan de Heare! 5Dit hat God de Heare tsjin dizze bonken te sizzen: Sjoch, Ik bring de siken by jim der wer yn en jim sille wer ta libben komme. 6Ik sil wer sinen op jim meitsje en fleis op jim waakse litte, it fel wer oer jim lûke en de siken by jim der wer ynbringe, dan sille jim wer ta libben komme en sille jim witte, dat Ik de Heare bin.
7Doe profetearre ik, sa’t my sein wie. En wylst ik oan it profetearjen wie, begûn it te rûzjen en mei kaam der beweging yn: de bonken pasten harsels wer yninoar, krekt sa’t it sitten hie. 8En doe’t ik fierder seach, kamen der sinen op, woeks der fleis om en dêr luts fel oerhinne. Mar de siken wienen der noch net yn.
9Doe sei Er tsjin my: Sprek mei dyn profetewurd de Geast oan, profetearje no, minskesoan, en sis tsjin de Geast: Dit hat God de Heare te sizzen: Geast, kom út alle fjouwer wynstreken en blaas dizze liken de siken yn, dat se wer ta libben komme. 10Ik profetearre, sa’t Hy my sein hie, en doe kamen de siken der wer yn; se kamen wer ta libben en gongen oerein stean, in machtich leger.
11Doe sei Er tsjin my: Minskesoan, dy bonken, dat is it hiele folk fan Israel. Sjoch, se sizze: Us bonken binne útdroege, ús hope is ferflein, it is dien mei ús. 12Profetearje dêrom en sis tsjin harren: Dit hat God de Heare te sizzen: Sjoch, myn folk, Ik sil jimme grêven iepen lizze, jim derút ferrize litte en werombringe nei Israels grûn. 13En jim sille witte, dat Ik de Heare bin, wannear’t Ik jimme grêven iepen lis en jim derút ferrize lit, myn folk. 14Ik sil jimme myn Geast ynjaan en jim sille libje; Ik set jim wer op jim eigen grûn; dan sille jimme witte, dat Ik, de Heare, doch wat Ik sis – is de godsspraak fan de Heare.
Israel en Juda wurde ien
15Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 16Nim in houten plankje en skriuw dêrop: Juda en de Israeliten dy’t it mei Juda hâlde. Nim dan noch in plankje en skriuw dêrop: Joazef – hout fan Efraïm – en allegear út it Israelfolk dy’t it mei Joazef hâlde. 17Doch se dan byinoar en meitsje der ien planke fan, sa wurde se yn dyn hân út ien stik.
18En as dyn lânslju dy freegje: ‘Wolle jo ús ris fertelle wat dat betsjut?’ 19sis harren dan: Dit hat God de Heare te sizzen: Sjoch, Ik nim it plankje fan Joazef, dat by Efraïm heart en de stammen fan Israel, syn maten, doch dat by it plankje fan Juda en meitsje der ien stik fan: dan wurde se yn myn hân ien. 20Dy plankjes dêrst op skriuwst, moatst sa yn ’e hân hâlde, dat se it allegear sjen kinne. 21Sis dan tsjin harren: Dit hat God de Heare te sizzen: Ja, Ik helje de bern fan Israel tusken de folken wei, dêr’t se hinne rekke binne, bring har rûnom wei byinoar en wer op har eigen grûn. 22Dan meitsje Ik der ien folk fan yn it lân, op Israels bergen, en ien-en-deselde kening sil kening oer har allegearre wêze; hja sille net langer twa folken wêze en net langer útinoar lizze, yn twa keninkriken ferdield. 23En hja sille har noait wer besmodzje mei har ûngoaden en har groulikheden en mei har misstappen en Ik sil har fan al dy trouweleazens ôfhelpe, dêr’t se har mei besûndige hienen. Sa sille sij myn folk wêze en Ik har God. 24Myn tsjinner David sil kening oer har wêze; hja sille allegear ien-en-deselde hoeder hawwe; hja sille har oan myn rjochtsútspraken hâlde, myn oarderingen yn acht nimme en dêrneffens dwaan. 25Hja sille yn it lân wenje, dat Ik myn tsjinner Jakob jûn haw en dêr’t har foarfaars ek yn wenne hawwe; dêr sille se wenje, hjasels, har bern en har bernsbern foar ivich en altyd; en myn tsjinner David sil foar ivich en altyd foarst oer har wêze. 26Ik slút in fredebûn mei harren en dat sil in ivich ferbûn wêze; Ik jou har in wenplak, lit har oanwinne yn tal en set myn hillichdom yn har fermidden foar ivich en altyd. 27Myn tintwenning sil by harren wêze en Ik sil har God wêze en hja myn folk. 28Dan sille de heidenfolken witte, dat Ik, de Heare, it bin dy’t Israel hilligje, mei’t myn hillichdom foar ivich en altyd yn har fermidden is.