Oardiel oer Edom
1Dit wurd fan de Heare krige ik: 2Minskesoan, kear it gesicht nei it berchlân fan Seïr ta en profetearje dertsjin. 3Sis:
Dit hat God de Heare te sizzen:
Tink derom, Ik sil dy oanpakke,
berchlân fan Seïr!
Ik stek de hân tsjin dy út
en meitsje fan dy in ferlittene woestenij.
4Dyn stêden lis Ik yn pún
en do wurdst in ferlitten oarde;
dan silst witte, dat Ik de Heare bin.
5Want do hast ivich en erflik fijannich west
en it folk fan Israel oerlevere oan it oarlochsgeweld,
doe’t se yn it ûngelok sieten,
de tiid fan ’e finale ôfrekkening.
6Dêrom, sa wier as Ik libje, – is de godsspraak fan God de Heare,
Ik meitsje dat it allegear bloed by dy wurdt
en datst dêr net wer ôfkomst;
ja, do woest bloed sjen,
en sadwaande komst dêr net wer ôf.
7It berchlân fan Seïr meitsje Ik in ferlittene woestenij fan
en wa’t dêr komt of giet, reagje Ik derút.
8Ik meitsje, dat de bergen dêr ûnder de liken komme te lizzen;
op dyn hichten en yn dyn lichten
en yn al dyn beekdellings
sille se falle, delslein troch it swurd.
9Ik meitsje foar ivich en altyd in ferlitten oarde fan dij,
dyn stêden sil gjin mins mear yn wenje.
En dan sille jim witte, dat Ik de Heare bin.
10Do hast ommers sein: Beide folken
en beide lannen sille mines wêze;
wy nimme se yn besit,
al hat de Heare dêr west.
11Dêrom, sa wier as Ik libje, – is de godsspraak fan God de Heare – Ik sil mei deselde gleone grime te wurk gean as dêrsto yn dyn haat tsjin harren mei te wurk gien bist, en hja sille te witten komme wa’t Ik bin, as Ik rjochtdei oer dy hâld. 12Ja, dan silst witte, dat Ik, de Heare, al dy lastertaal dysto brûkt hast wol heard haw:
Israels bergen binne in ferlitten oarde wurden,
se binne ús jûn om te ferswolgjen.
13Ja, jim hawwe in grutte mûle tsjin My opskuord
en der fan alles tsjin My útsmiten,
dat haw Ik skoan heard.
14No, dit hat de Heare God te sizzen:
Do wiest der bliid om,
dat it hiele lân in wyldernis waard;
en dêrom sil Ik dij itselde oandwaan.
15Ja, do wiest der bliid om,
dat it erfdiel fan Israels folk in wyldernis waard,
en dêrom doch Ik itselde mei dij:
in woestenij silst wurde, berchlân fan Seïr,
en hiele Edom derby.
Dan sille se witte, dat Ik de Heare bin.