De fyfte pleach
1De Heare sei tsjin Mozes: Gean nei Farao ta en sis tsjin him: Dit hat de Heare, de God fan ’e Hebreeërs te sizzen: Lit myn folk gean dat se My tsjinje. 2Mar ast wegerest om har gean te litten en har noch langer fêsthâldst, 3dan sil de hân fan de Heare as in tige ûnwitend slimme pest delkomme op dyn fee yn it lân, op ’e hynders, de ezels, de kamielen, de kij en it lytsfee. 4En de Heare sil ûnderskie meitsje tusken it fee fan Israel en it fee fan Egypte. Wat de Israeliten harres is sil hielendal neat fan deagean. 5De Heare hat in fêste tiid steld, te witten: moarn sil de Heare dizze saak yn it lân syn beslach krije litte.
6De oare deis liet de Heare dy saak syn beslach krije en alle fee fan ’e Egyptners gong dea, mar fan ’e Israeliten stoar net in inkeld bist. 7Farao stjoerde der guon hinne en wier, by Israel wie gjin inkeld bist deagien. Mar Farao bleau stiifkoppich en liet it folk net gean.
De sechste pleach
8Doe sei de Heare tsjin Mozes en Aäron: Nim de hannen fol jiske út ’e oven en dan moat Mozes dat foar de eagen fan Farao de loft yn smite. 9Dan sil dat in stofwolk wurde oer it hiele lân fan Egypte. Dy sil rûnom yn Egypte op minske en bist opkomme as swolms, dy’t trochbrekke yn dragende steden. 10Dat sa namen se jiske út ’e oven en hja gongen foar Farao stean en Mozes smiet it yn ’e loft en der kamen swolms fan dy’t yn dragende steden iepenbrieken op minske en bist. 11De wiersizzers koenen net foar Mozes stean bliuwe fanwegen de swolms, want ek de wiersizzers krigen swolms lykas alle Egyptners. 12De Heare lykwols makke dat Farao de stive kop derfoar hâlde, en net nei har harke, lykas de Heare al sein hie.
De sânde pleach
13Doe sei de Heare tsjin Mozes: Gean der moarnier betiid ôf, gean dan foar Farao stean en sis tsjin him: Dit hat de Heare, de God fan ’e Hebreeërs te sizzen: Lit myn folk gean, dat se My tsjinje, 14want diskear stjoer Ik al myn pleagen tsjin dy persoanlik en tsjin dyn tsjinstfeinten en dyn folk, datsto witte silst dat der net ien is op ’e hiele ierde, dy’t My belykje kin. 15Ik hie no al myn hân útstekke kinnen en dy en dyn folk slaan mei de pest en dan soest fan ’e ierde útroege wurde. 16Hjirom lykwols lit Ik dy yn wêzen om dy myn krêft sjen te litten, dat myn Namme oer de hiele ierde ferkundige wurde mei. 17Soest dy noch altyd tsjin myn folk fersette en it net gean litte, 18sjoch, dan sil Ik it moarn om dizze tiid tige hagelje litte, sa’t it net foarkommen is yn Egypte sûnt it bestien hat oant no ta. 19Dat bring no it fee en alles dat fan dy bûtendoar is, yn feilichheid. Alle minsken en bisten dy’t bûtendoar oantroffen wurde en dy’t net ûnderdak brocht binne, dêr sille de hagelstiennen op delfalle en hja sille stjerre.
20Dy’t fan Farao syn tsjinstfeinten ûntsach hie foar it wurd fan de Heare, liet syn feinten en syn fee hastich ûnderdak bringe, 21mar dy’t him net bekroade om it wurd fan de Heare, dy liet syn feinten en syn fee op it fjild bliuwe.
22Doe sei de Heare tsjin Mozes: Stek de hân op nei de himel en dan sil der hagel komme oer it hiele lân fan Egypte, op minske en bist en op alle gewaaks op it fjild yn Egypte. 23Doe stiek Mozes syn hân op nei de himel en de Heare joech tongerslaggen en hagelstiennen en it fjoer skeat nei de ierde en de Heare liet it hagelje oer it lân fan Egypte. 24Ek dêr wie de hagel! Fjoer skeat tusken de hagel troch. It wie tige swier waar, sa’t der net west hie yn it lân fan Egypte, sûnt it in folk wurden is. 25De hagel sloech alles dat yn Egypte op it fjild stie del, minsken likegoed as bisten en ek alle gewaaks sloech de hagel del en alle beammen waarden stikken slein. 26Allinne yn it lân Gosjen, dêr’t de Israeliten wienen, foel gjin hagel.
27Doe stjoerde Farao guon om Mozes en Aäron te roppen en hy sei tsjin har: Ik haw diskear mis west. De Heare is rjochtfeardich, en ik en myn folk binne de kweadwaners. 28Bid ta de Heare. Der hat al mear as genôch tonger en hagel fan God west. Ik sil jim wol gean litte. Jim hoege net mear te bliuwen. 29Mozes sei tsjin him: Sadree’t ik de stêd útgean, sil ik myn hannen útspriede nei de Heare. De tonger sil dan ophâlde en der sil gjin hagel mear wêze, dat jo witte meie dat de ierde de Heare sines is. 30Wat jo en jo tsjinstfeinten oanbelanget, wit ik dat jimme noch gjin ûntsach hawwe foar de Heare God. 31It flaaks en it koarn wienen platslein, want it koarn stie yn ’e ier en it flaaks stie yn ’e bloei. 32De weet en de spjelt lykwols wienen net platslein, want dy binne letter yn ’e tiid. 33Doe gong Mozes by Farao wei, de stêd út en hy sprate syn hannen út nei de Heare en it hâlde op fan tongerjen en hageljen. Ek spielde it net mear yn it lân. 34Doe’t Farao seach dat it ophâlden wie fan reinen en hageljen en tongerjen, gong er troch mei te sûndigjen. Hy en syn tsjinstfeinten woenen fan neat witte. 35Farao hâlde de stive kop derfoar en liet de Israeliten net gean, lykas de Heare al troch de tsjinst fan Mozes sein hie.