1Dêrop sei de Heare tsjin Mozes: Sis tsjin Aäron: Stek dyn hân mei de stôk út oer de streamen, rivieren en marren en lit kikkerts opkomme oer Egypte. 2Doe stiek Aäron de hân út oer de wetters fan Egypte en de kikkerts kamen opsetten en Egyptelân rekke derûnder. 3Mar de wiersizzers dienen itselde mei har tsjoenderijen en lieten ek kikkerts opkomme oer Egypte.
4Doe rôp Farao Mozes en Aäron en sei: Bid jimme ta de Heare, dat Hy de kikkerts by my en by myn folk weihellet. Dan sil ik it folk gean litte en dan kinne se oan de Heare offerje. 5Mozes sei tsjin Farao: Ik stean ta jo beskikking. Wannear sil ik foar jo, jo tsjinstfeinten en jo folk bidde, dat de kikkerts by jo en út jo huzen útroege wurde en allinne yn ’e Nyl oerbliuwe? 6Hy sei: Moarn. Hy sei: Sa’t jo sizze. En dat jo witte sille dat der net ien is dy’t de Heare, ús God, belykje kin, 7sille de kikkerts by jo, út jo huzen, by jo tsjinstfeinten en by jo folk weigean. Allinne yn ’e rivier sille se oerbliuwe.
8Doe gongen Mozes en Aäron by Farao wei en Mozes rôp ta de Heare oer de saak fan ’e kikkerts, dy’t Er oer Farao brocht hie. 9En de Heare die sa’t Mozes sein hie en de kikkerts stoaren wei út ’e huzen, fan ’e hiemen en fan it frije fjild. 10Hja brochten se op bulten byinoar, dat it lân stonk derfan. 11Doe’t Farao lykwols seach, dat der ferromming kommen wie, woed er fan neat mear witte. Hy harke net nei harren, sa’t de Heare al sein hie.
Tredde pleach
12Doe sei de Heare tsjin Mozes: Sis tsjin Aäron: Stek dyn stôk út en slach de moude op ’e grûn en dat sil langskonken wurde yn it hiele lân fan Egypte. 13En sa dienen se. Aäron stiek de hân mei syn stôk dêryn út en sloech de moude op ’e grûn en minsken en bisten kamen ûnder de langskonken te sitten. De moude waard ien en al langskonken hiele Egypte oer. 14De wiersizzers dienen ek sa om mei har tsjoenderijen langskonken opkomme te litten, mar se koenen it net. En minsken en bisten kamen ûnder de langskonken te sitten. 15Doe seinen de wiersizzers tsjin Farao: Dit is Gods finger. Mar Farao hâlde de stive kop derfoar en hy harke net nei harren, lykas de Heare al sein hie.
De fjirde pleach
16De Heare sei tsjin Mozes: Gean der moarnier betiid ôf en gean stean om Farao op te wachtsjen op it momint dat er nei it wetter giet en sis dan tsjin him: Dit hat de Heare te sizzen: Lit myn folk gean, dat se My tsjinje. 17En ast myn folk net gean litst, dan sil Ik op dy, op dyn tsjinstfeinten, op dyn folk en op dyn huzen brimzen ôfstjoere. De huzen fan ’e Egyptners, ja sels de grûn dêr’t se op steane, sille ûnder de brimzen komme. 18Mar dy deis sil Ik in útsûndering meitsje foar it lân Gosjen, dêr’t myn folk tahâldt, dat dêr gjin brimzen komme, datsto witte silst dat Ik, de Heare, yn it lân bin. 19Ik sil in skieding meitsje tusken myn folk en dyn folk. Moarn, dan sil dit teken wêze. 20En sa die de Heare. Hiele swarmen brimzen setten op Farao syn hûs en op ’e huzen fan syn tsjinstfeinten ta en oer it hiele lân fan Egypte. It lân hie slim te lijen fan de brimzen.
21Doe rôp Farao Mozes en Aäron en hy sei: Gean hinne, offerje jim God yn it lân. 22Mar Mozes sei: It soe gjin foech jaan soks te dwaan, want wy soenen de Heare ús God de grouwel fan ’e Egyptners offerje. Ja, as wy de grouwel fan ’e Egyptners foar har eagen offerje soenen, soenen se ús dan net stiennigje? 23Wy wolle in reis fan trije dagen meitsje de woestyn yn en oan de Heare ús God offerje, sa’t Hy ús sein hat. 24Farao sei: Dan sil ik jim gean litte. Offerje yn ’e woestyn oan de Heare, jim God. Gean allinne yn gjin gefal te fier fuort. Bid foar my. 25Mozes sei: Sjoch, ik gean by jo wei en ik sil de Heare bidde en de brimzen sille moarn by Farao, by syn tsjinstfeinten en syn folk weigean. Mar lit Farao ús no net wer ferrifelje mei it folk dochs net gean te litten om oan de Heare te offerjen.
26Doe gong Mozes by Farao wei en bidde ta de Heare. 27En de Heare die lykas Mozes sein hie; de brimzen gongen by Farao, by syn tsjinstfeinten en syn folk wei. Der bleau net ien oer. 28Mar ek diskear woe Farao fan neat witte en hy liet it folk net gean.