De achtste pleach
1De Heare sei tsjin Mozes: Gean nei Farao, want Ik haw makke dat hy en syn tsjinstfeinten fan neat witte wolle, dat Ik dizze tekens fan My yn har fermidden dwaan kin 2en datsto foar de earen fan dyn bern en dyn bernsbern fertelle kinst fan wat Ik yn Egypte ferrjochte haw en hokker tekens Ik ûnder har dien haw. Dan sille jimme witte dat Ik de Heare bin. 3Doe kamen Mozes en Aäron by Farao en hja seinen tsjin him: Dit hat de Heare, de God fan ’e Hebreeërs te sizzen: Hoelang wegeresto dy ûnder My del te jaan? Lit myn folk gean dat se My tsjinje kinne. 4Want asto wegerest myn folk gean te litten, dan lit Ik moarn sprinkhoannen op dyn grûngebiet komme. 5Dy sille sa tsjûk op it lân lizze, dat de grûn net mear te sjen is. Hja sille it oerskot dat noch rêden is en jimme troch de hagel oerlitten, opfrette en alle beammen dy’t by jimme op it fjild waakse, sille se keal frette. 6Dyn hûs en de huzen fan dyn tsjinstfeinten en fan alle Egyptners sille der fol fan wêze, sa’t dyn foarfaars en de foarfaars fan dyn foarfaars, salang’t hja op ’e ierdboaiem west ha, oant hjoed-de-dei ta noch net belibbe ha. Doe kearde er him om en gong by Farao wei.
7Farao syn feinten seinen tsjin him: Hoelang sil dy man noch in falstrik foar ús wêze? Lit dy lju gean en de Heare har God tsjinje. Ha jo noch net foar it ferstân dat Egypte deroan giet? 8Dêrop waarden Mozes en Aäron wer by Farao brocht en dy sei tsjin har: Gean hinne, tsjinje de Heare, jimme God. Wa en wa geane mei? 9Mozes sei: Wy geane mei ús jongerein en ús âlderein, mei ús soannen en ús dochters; wy geane mei ús lytsfee en ús kij, want wy hâlde in feest foar de Heare. 10Mar hy sei tsjin har: Mei dan de Heare likemin mei jim wêze, as ik ree bin jimme mei jim lytse bern gean te litten. Sjoch, jimme hawwe kwea yn it sin. 11Sa sille wy net! Lit de manlju dan mar gean en de Heare tsjinje. Dêr is it jimme om te rêden! En hja jagen har by Farao wei.
12Doe sei de Heare tsjin Mozes: Stek dyn hân oer Egypte út nei de sprinkhoannen, dat dy oer it lân fan Egypte opkomme en alle grien op it lân, alles dat de hagel noch oerlitten hat, opfrette. 13Mozes stiek syn stôk út oer it lân fan Egypte en de Heare liet dy hiele dei en dy hiele nacht in eastewyn oer it lân waaie en doe’t it moarntiid waard, brocht de eastewyn de sprinkhoannen oan. 14De sprinkhoannen kamen op oer it hiele lân fan Egypte en strieken rûnom del op it grûngebiet fan Egypte. It wie tige slim. Foartiid hienen der safolle sprinkhoannen net west en ek neitiid sille der safolle net wer komme. 15Hja leinen sa tsjûk oer it hiele lân, dat it lân der swart fan wie. Alle grien fan it lân en alle beamfruchten, dy’t de hagel oerlitten hie frieten se op. Dat oan ’e beammen en oan it gewaaks op it lân bleau der yn it hiele lân fan Egypte, gjin sprútsje grien mear oer. 16Dat Farao liet al gau Mozes en Aäron roppe en hy sei: Ik haw sûndige tsjin de Heare, jimme God en tsjin jimme. 17Ferjou my dochs no ek diskear myn sûnde noch en bid foar my ta de Heare, jimme God, dat Er teminsten dizze dea by my weigean lit.
18Doe gong Mozes by Farao wei en bidde ta de Heare. 19En de Heare liet de wyn draaie en it waard in tige hurde westewyn. Dy naam de sprinkhoannen op en smiet se yn ’e Reidsee. Der bleau net ien sprinkhoanne oer yn it hiele grûngebiet fan Egypte. 20Mar de Heare makke dat Farao de stive kop derfoar hâlde en hy liet de Israeliten net gean.
De njoggende pleach
21Doe sei de Heare tsjin Mozes: Stek de hân út nei de himel en dan sil der sa’n tsjusternis oer Egypte komme, dat dy te taasten wêze sil. 22En Mozes stiek syn hân út nei de himel en it waard trije dagen oanien roettsjuster oer it hiele lân fan Egypte. 23De iene seach de oare net en trije dagen lang kaam der gjinien fan syn plak. Dêr’t de Israeliten lykwols wennen, hienen se allegearre ljocht.
24Doe rôp Farao Mozes en sei: Gean mar hinne, tsjinje de Heare. Allinne jimme lytsfee en kij moatte hjir bliuwe. Wol kinne jim lytse bern meigean. 25Mar Mozes sei: Net allinne sille jo ús fleisoffers en brânoffers meijaan dy’t wy de Heare ús God bringe sille, 26mar ek ús fee sil mei ús gean. Gjin klei sil achterbliuwe, want dêrfan moatte wy nimme om de Heare ús God te tsjinjen. Wy witte net wêr’t wy de Heare mei tsjinje sille, ear’t wy dêr oankommen binne.
27De Heare lykwols makke dat Farao de stive kop derfoar hâlde en hy woe har net gean litte. 28Farao sei tsjin him: Gean by my wei en tink derom datsto my net wer ûnder eagen komst, want de deis datst my ûnder eagen komst, wurdt dat dyn dea. 29Mozes sei: Sa’t jo sein hawwe. Ik sil jo net wer ûnder eagen komme.