Farao’s earste wegering. Lêsten ferswierre
1Neitiid kamen Mozes en Aäron by Farao en seinen tsjin him: Dit hat de Heare, de God fan Israel te sizzen: Lit myn folk gean dat hja ta eare fan My yn ’e woestyn in feest hâlde kinne. 2Mar Farao sei: Wa is de Heare, dat ik nei Him harkje soe en lit Israel gean? Ik ken dy Heare net en ik lit Israel ek net gean.
3Hja seinen: De God fan ’e Hebreeërs is ús yn ’e mjitte kommen. Lit ús no trije dagen reizgjen de woestyn yngean en oan de Heare ús God offerje. Oars soed Er ús ris treffe kinne mei de pest of mei it swurd. 4Mar de kening fan Egypte sei tsjin har: Wêrom, Mozes en Aäron, hâlde jim it folk fan har wurk ôf? Gean wer oan jim twangarbeid. 5Fierder sei Farao: Sjoch, de gewoane man is langer al sa machtich wurden en soenen jimme har frij jaan wolle fan har twangarbeid?
6Dat Farao joech noch dyselde deis befel oan ’e driuwers fan it folk en oan har opsichters en sei: 7Jim moatte tenei dy lju gjin strie mear jaan foar it meitsjen fan tichelstiennen lykas oant no ta. Lit har der sels mar op útgean om strie byinoar te sykjen. 8It tal tichelstiennen lykwols dat se oant no ta makken, dat moatte jim har no ek oplizze: dêr meie jim neat ôfdwaan, want se binne lui. Dat dêrom roppe se: Lit ús hinnegean om oan ús God te offerjen. 9It wurk moat foar dizze mannen swierder makke wurde, dan kinne se dêrmei dwaande wêze. Dan harkje se net mear nei moaie praatsjes. 10Dat sa gongen de driuwers fan it folk en de opsichters derop út en seinen tsjin it folk: Dit hat Farao te sizzen: Ik jou jim gjin strie mear. 11Jimme moatte der sels op út en helje jim strie wêr’t jim it fine kinne, mar der giet neat fan jim taks ôf.
12Doe swarme it folk út oer it hiele lân fan Egypte om stoppels te sykjen foar strie. 13En de driuwers jagen har op en seinen: Meitsje jim wurk ôf, elke dei syn taks, net oars as doe’t der strie wie.
14De Israelityske foarmannen dy’t de driuwers fan Farao oer it wurkfolk oansteld hienen, waarden slein. Hja seinen: Wêrom hawwe jim juster en hjoed jim part fan ’e tichelstien net oplevere, lykas foarhinne?
15Doe beklagen de Israelityske foarmannen har by Farao en seinen: Wêrom behannelje jo jo tsjinstfeinten sa? 16Strie wurdt jo tsjinstfeinten net jûn, mar wol sizze se tsjin ús: Meitsje tichelstiennen. Ja, jo tsjinstfeinten ha slaan krigen, mar de skuld leit by jo folk. 17Mar hy sei: Lui binne jim, lui! Dêrom sizze jim: Lit ús hinnegean en de Heare offerje. 18En no: fuort! Oan it wurk! Der wurdt jim gjin strie mear jûn, mar de taks tichelstiennen moatte jim opleverje.
Klacht fan it folk
19Doe krigen de Israelityske foarmannen foar it ferstân, dat it der net sa bêst mei har foarstie, no’t se seinen: Jimme krije gjin fermindering fan ’e taks fan jimme tichelstiennen, dy’t foar elke dei fêststeld is. 20Hja troffen Mozes en Aäron, dy’t har stienen op te wachtsjen doe’t se by Farao weikamen. 21En hja seinen: Mei de Heare der mei delkomme en jim rjochtsje, omdat jim ús by Farao en syn tsjinstfeinten op in kweanamme brocht hawwe en har in wapen yn ’e hannen jûn ha om ús te fermoardzjen.
22Doe gong Mozes wer nei de Heare ta en sei: Hear, wêrom hawwe Jo dit folk dat kwea oandien? Wêrom hawwe Jo my dochs stjoerd? 23Sûnt ik by Farao west ha om út jo namme te sprekken, hat er dit folk noch mear kwea oandien en Jo hawwe jo folk hielendal net befrijd.