Antwurd fan de Heare
1Mar de Heare sei tsjin Mozes: No silst ris sjen wat Ik Farao dwaan sil. Fanwegen in sterke hân sil er har gean litte, ja, fanwegen in sterke hân sil er har syn lân útjeie.
2Fierders spriek de Heare mei Mozes en sei tsjin him: Ik bin de Heare. 3Ik bin oan Abraham, Izaäk en Jakob ferskynd as God de Almachtige. Mar mei myn namme ‘Heare’ haw Ik My net oan har bekend makke. 4Ik haw net allinne myn ferbûn mei har oprjochte, dat Ik har it lân Kanaän jaan soe, it lân dêr’t se as frjemdlingen yn tahâlden hawwe, 5mar ek haw Ik it kleien fan ’e soannen fan Israel heard, dy’t troch de Egyptners ta slaven makke binne en myn ferbûn is My wer yn it sin kommen. 6Sis dêrom tsjin de soannen fan Israel: Ik bin de Heare en Ik sil jim ûnder de twangarbeid fan ’e Egyptners weihelje en jim befrije fan har slavernij en jim ferlosse mei in útstutsen earm en mei swiere oardielen. 7Ik sil jim oannimme as myn folk en Ik sil God foar jimme wêze. En jim sille gewaar wurde, dat Ik, de Heare, jimme God bin, dy’t jim ûnder de twangarbeid fan Egypte weihelje sil. 8Ik sil jim bringe yn it lân dêr’t Ik myn fingers foar opstutsen haw, dat Ik it Abraham, Izaäk en Jakob jaan soe en Ik sil it jimme yn erflik besit jaan, Ik, de Heare.
9Sa spriek Mozes de Israeliten ta, mar se harken net nei Mozes, om’t hja ûngeduldich wienen en fanwegen it swiere wurk.
Mozes en Aäron wer nei Farao
10Doe sei de Heare tsjin Mozes: 11Gean hinne, praat ris mei Farao, de kening fan Egypte, dat er de Israeliten út syn lân gean lit. 12Mar Mozes spriek him út tsjin de Heare en sei: Sjoch, de Israeliten harkje net nei my, hoe soe Farao dan nei my harkje? En dêrby: ik kin de goede wurden net fine. 13De Heare lykwols spriek mei Mozes en Aäron en Hy droech har op om nei de Israeliten en nei Farao, de kening fan Egypte, ta te gean en om de Israeliten út Egypte te lieden.
Geslachtsregister fan Rûben, Simeön en Levy
14Dit binne de famyljehaden fan ’e soannen fan Rûben, de âldste fan Israel: Chanok en Pallû, Chesron en Karmy. Dat binne de geslachten fan Rûben.
15De soannen fan Simeön: Jemûel, Jamyn, Ohad, Jakyn, Sochar en Sjaûl, de soan fan in Kanaänityske. Dat binne de geslachten fan Simeön.
16En dit binne de nammen fan Levy syn soannen neffens har ôfstamming: Gersjon, Kehat en Merary. Levy is hûndertsânentritich jier âld wurden. 17De soannen fan Gersjon: Libny en Sjimy neffens har geslachten. 18De soannen fan Kehat: Amram, Jishar, Chebron en Oezziël. Kehat is hûnderttrijeëntritichjier âld wurden. 19De soannen fan Merary: Machly en Mûsjy. Dat binne de geslachten fan Levy neffens har ôfstamming.
20Amram troude mei Jokêbed, syn muoike, en hja krige by him Aäron en Mozes. Amram is hûndertsânentritich jier âld wurden.
21De soannen fan Jishar: Koarach, Nêfeg en Zichry. 22De soannen fan Oezziël: Misjael, Elsafan en Sitry. 23Aäron troude mei Elisjêba, de dochter fan Amminadab, de suster fan Nachsjon en hja krige fan him Nadab en Abihû, Eleäzar en Itamar. 24De soannen fan Koarach: Assiër, Elkana en Abiäsaf. Dat binne de geslachten fan ’e Koarachiten.
25Eleäzar, de soan fan Aäron, troude mei ien fan ’e dochters fan Pûtiël en dy krige Pinechas fan him. Dat binne de famyljehaden fan ’e Leviten neffens har geslachten. 26Dat binne dy Aäron en Mozes, dêr’t de Heare tsjin sein hat: Lied de Israeliten út Egyptelân, groep by groep.
27Hja binne it dy’t mei Farao, de kening fan Egypte, sprutsen hawwe om de Israeliten út Egypte gean te litten. Dat binne Mozes en Aäron.
Mozes wer by Farao
28It wie op in dei doe’t de Heare yn Egypte mei Mozes spriek, 29dat de Heare tsjin Mozes sei: Ik bin de Heare! Sprek alles wat Ik tsjin dy sizze sil, tsjin Farao, de kening fan Egypte. 30Mar Mozes antwurde de Heare: Sjoch, ik kin de goede wurden net fine, dat hoe soe Farao nei my harkje?