Mozes syn ferset
1Mar Mozes antwurde: Hja sille my dochs net leauwe wolle en ek net harkje nei wat ik sis, want hja sille sizze: De Heare is jo net ferskynd. 2De Heare sei tsjin him: Wat hast dêr yn ’e hân? In stôk, sei er. 3Hy sei: Smyt dy op ’e grûn. Hy smiet him op ’e grûn en doe waard it in slange, dat Mozes naaide foar him út. 4De Heare sei tsjin Mozes: Stek de hân út en pak him by de sturt. – Doe stiek er de hân út en pakte him beet en it waard yn syn hân wer in stôk – 5dat hja leauwe sille dat de Heare dy ferskynd is, de God fan har foarfaars, de God fan Abraham, de God fan Izaäk en de God fan Jakob.
6Fierders sei de Heare noch tsjin him: Stek de hân ris by de klean yn. Doe stiek er de hân by de klean yn en doe’t er dy der wer úthelle, sjochdêr: syn hân wie melaatsk, wyt as snie. 7En Hy sei: Doch dyn hân wer by de klean yn. Doe die er de hân wer by de klean yn en doe’t er dy tusken syn klean weihelle, sjochdêr: doe wie dy wer krekt as syn oare fleis. 8It sil wêze, as se dy net leauwe, en net harke hawwe nei de sprake fan it earste teken, dan sille se dy fan it lêste teken leauwe. 9En mocht it wêze dat se dochs net harkje nei dy beide tekens en ek net harkje nei watsto seist, nim dan wat wetter út ’e Nyl en jit dat út op it droege. Dan sil dat wetter datst út ’e Nyl nommen hast, op it droege bloed wurde.
10Mozes sei lykwols: Nim it my net kwea ôf, Heare, mar ik haw nea net in man fan it wurd west en ek net sûnt Jo mei jo tsjinstfeint sprutsen hawwe, want ik praat net maklik en ik kin min út ’e wurden komme. 11Mar de Heare sei tsjin him: Wa hat de minske in mûle jûn of wa hat him stom of dôf makke, sjende of blyn? Bin Ik it net, de Heare? 12Dat gean no mar. Iksels sil dy wol helpe by it praten en dy leare watst sizze moast. 13Mozes sei lykwols: Och Heare, soenen Jo net in oarenien stjoere wolle? 14Doe waard de Heare tige lilk op Mozes en Hy sei: Aäron, de Levyt, is dyn broer, netwier? Ik wit dat hy tige it wurd dwaan kin. Ja, hy is sels al ûnderweis, dy yn ’e mjitte en hy sil fan herten bliid wêze as er dy sjocht. 15Praat mei him en lis him de wurden yn ’e mûle. Iksels sil dy en him helpe by it praten en Ik sil jim leare wat jim dwaan moatte. 16Hy sil foar dy it folk tasprekke. Hy sil dyn mûle wêze en do syn god. 17En nim dizze stôk, dêrst de tekens mei dwaan moatst, yn ’e hân.
Mozes giet nei Egypte werom
18Doe gong Mozes fuort en hy kaam by syn skoanheit Jêter werom en sei tsjin him: Ik soe wol graach fuort wolle en weromgean nei myn bruorren dy’t yn Egypte binne, om te sjen oft hja noch yn libben binne. En Jetro sei tsjin Mozes: Gean yn frede. 19De Heare hie yn Midjan tsjin Mozes sein: Gean nei Egypte werom, want de mannen dy’t dy nei it libben stienen, binne allegearre stoarn.
20Doe naam Mozes syn frou en bern en sette har op in ezel en hy gong werom nei Egypte. En Mozes naam de stôk fan God yn ’e hân. 21Dêrop sei de Heare tsjin Mozes: No’st ûnderweis bist om nei Egypte werom te gean, moatst derom tinke, datst alle wûnders dêr’t Ik dy de macht ta jûn haw, dochst yn it bywêzen fan Farao. Mar Ik sil him stiifkoppich meitsje, dat er it folk net gean lit. 22En do moatst tsjin Farao sizze: Dit hat de Heare te sizzen: Myn soan, myn âldste, is Israel. 23En dit haw Ik dy te sizzen: Lit myn soan gean, dat er My tsjinje kin. Mar wegerest him gean te litten, sjoch, dan sil Ik dyn âldste soan deadzje.
Besnijenis fan Mozes syn soan
24It wie ûnderweis yn in nachtferbliuw, dat de Heare him yn ’e mjitte kaam en him nei it libben stie. 25Sippoara naam in stiennen mes en snie har soan de foarhûd ôf, rekke dêrmei Mozes syn fuotten oan en sei: Do bist my de bloedbreugeman wol. 26Doe liet de Heare Mozes gewurde. Hja sei doe: Bloedbreugeman, fanwege de besnijenissen.
Mozes en Aäron by de âldsten fan Israel
27De Heare sei tsjin Aäron: Gean nei de woestyn, Mozes yn ’e mjitte. Hy gong dêr hinne en trof him by de berch fan God en tute him. 28Mozes brocht Aäron alle wurden fan de Heare oer, dêr’t Dy him mei stjoerd hie en alle tekens dy’t Er him opdroegen hie. 29Doe gong Mozes mei Aäron hinne en hja lieten alle âldsten fan Israel byinoarkomme. 30En Aäron spriek alle wurden dy’t de Heare tsjin Mozes sein hie en hy die de tekens foar de eagen fan it folk. 31En it folk leaude. Doe’t se hearden dat de Heare oan ’e Israeliten tocht hie en har ellinde sjoen, doe bûgden se har yn oanbidding del.