De prysterklean
1Fan de pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol makken se de amtsklean foar de tsjinst yn it hillichdom. Hja makken de hillige klean dy’t foar Aäron wienen krekt sa’t de Heare it Mozes hjitten hie.
2De efod makke er fan goud, fan pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol en fan fyn twynd linnen. 3Hja platten gouden platen út en hy snie dy oan triedden om dy yn ’e pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol en yn it fine linnen te ferwurkjen, as keunstich fakwurk. 4Hja makken dêr skouderbannen oan fêst. Dy waarden oan ’e beide einen fêstmakke. 5De mulbân fan ’e efod dêr’t dy mei fêstmakke waard, wie mei de efod út ien stik en op ’e selde wize bewurke, fan goud, fan pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol en fan fyn twynd linnen, lykas de Heare Mozes hjitten hie. 6Ek makken se de chrysopraasstiennen, yn gouden settings, en gravearre, sa’t segelringen gravearre wurde, mei de nammen fan ’e soannen fan Israel. 7En dy setten se op ’e skouderbannen fan ’e efod as stiennen ta oantinken oan ’e soannen fan Israel, lykas de Heare Mozes hjitten hie.
8Ek makke er it boarstskyld, keunstich fakwurk as it wurk fan ’e efod, fan goud, fan pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol en fan fyn twynd linnen. 9It wie fjouwerkant as it dûbelteard wie; sa ha se it boarstskyld makke: As it dûbelteard wie, wie it in span lang en in span breed.
10Hja setten it fol mei fjouwer rigen stiennen: in rige fan in reade jaspis, in chrysolyt en in malachyt; de earste rige; 11de twadde rige: in hematyt, in lazuerstien en in prazem; 12de tredde rige: in barnstien, in agaat en in ametist; 13en de fjirde rige: in turkoais, in chrysopraas en in nefryt; yn gouden settings. 14Der wienen tolve stiennen, sa’t der tolve nammen binne fan ’e soannen fan Israel; op elke stien wie de namme fan ien fan ’e tolve stammen gravearre, sa’t men dat by segels docht.
15Op it boarstskyld makken se draaide kettinkjes, frisselwurk, fan suver goud. 16Fierders makken se twa gouden settings en twa gouden ringen, en de beide ringen makken se fêst op ’e beide úteinen fan it boarstskyld. 17De beide gouden frissels dienen se oan ’e beide ringen op ’e einen fan it boarstskyld. 18De beide einen fan ’e frissels makken se fêst oan ’e beide settings en dy setten se fêst oan ’e skouderstikken fan ’e efod, oan ’e foarkant. 19Ek makken se twa gouden ringen en setten dy oan ’e beide einen fan it boarstskyld, oan ’e binnenkant, fan ’e side dy’t tsjin de efod oan sit. 20Hja makken twa gouden ringen en makken dy fêst oan ’e beide skouderstikken fan ’e efod, ûnder oan ’e foarkant, tichteby de ferbining, boppe de mulbân fan ’e efod. 21Doe ferbûnen se it boarstskyld en syn ringen oan ’e ringen fan ’e efod mei in pearse koarde, dat it boppe de efod bleau en it boarstskyld net fan ’e efod ôfskode, lykas de Heare Mozes hjitten hie.
22De mantel fan ’e efod makke er hielendal fan himelsblau weverswurk. 23De iepening fan ’e mantel wie yn ’e midden, lykas de iepening fan in pânser; in râne wie yn it rûnom om ’e iepening, dat dy net ynskuorre soe. 24Oan ’e seamen fan ’e mantel makken se granaatappels fan pearse, poarperreade en karmozynkleurige twynde wol. 25Hja makken beltsjes fan suver goud en dy beltsjes setten se tusken de granaatappels rûnom oan ’e seamen fan ’e mantel, tusken de granaatappels. 26Hieltyd in beltsje en in granaatappel rûnom oan ’e seame fan ’e mantel. Foar de earetsjinst, lykas de Heare Mozes hjitten hie.
27Ek makken se de fynlinnen ûnderklean foar Aäron en syn soannen fan weverswurk, 28en de tulbân fan fyn linnen; de sierlike holdoeken en de linnense broeken fan fyn twynd linnen; 29de mulbân fan fyn twynd linnen en fan himelsblauwe, poarperreade en karmozynkleurige wol, borduerwurk, sa’t de Heare Mozes hjitten hie. 30Hja makken ek in plaat, de hillige kroan, fan suver goud, en hja skreauwen dêrop mei in skrift sa’t op in segelring gravearre wurdt: De Heare tawijd. 31Hja makken dêr in himelsblauwe koarde oan, om him boppe oan ’e tulbân fêst te setten, sa’t de Heare Mozes hjitten hie. 32Sa kaam alle wurk oan ’e wenning fan ’e tinte fan ’e moeting klear. De Israeliten makken alles sa’t de Heare Mozes hjitten hie. Krektsa ha se it makke.
De earste oplevering fan it wurk
33Doe brochten se de wenning by Mozes, de tinte mei alle gerei derby: de heakken, de planken, de dwersklampen, de pylders mei de fuotstikken derfoar. 34Boppedat it tek fan readferve rammehûden en it tek fan dassehûden en it foarkleed foar de ôfskieding, 35de Ferbûnsarke mei de draachstokken en it soendeksel, 36de tafel mei alle gerei derby en de toanbreaën, 37de ljochter fan suver goud mei de lampen – de lampen dy’t op har plak stean moasten – mei al it gerei dêrby en de oalje foar de ferljochting, 38it gouden alter en de salvingsoalje, it rookwurk fan swietrokige krûden en it gerdyn foar de yngong fan ’e tinte. 39Fierders it brûnzen alter en it brûnzen roaster dat dêr by hearde, de draachstokken en alle gerei derby. Ek it waskfet mei syn fuotstik, 40de kleden fan it foarhôf mei de pylders en fuotstikken, it gerdyn foar de poarte fan it foarhôf mei de touwen en de pinnen en alle gerei foar de tsjinst yn ’e wenning, de tinte fan ’e moeting. 41Fierders de amtsklean foar de tsjinst yn it hillichdom en de hillige klean foar Aäron, de pryster, en de klean foar syn soannen as dy prystertsjinst dwaan moasten.
42Krekt sa’t de Heare Mozes hjitten hie, sa ha de Israeliten it hiele karwei útfierd. 43Doe’t Mozes it hiele wurk seach en it bliken die dat se it krekt sa makke hienen as de Heare him hjitten hie, doe hat Mozes har segene.