1Mozes weide ornaris de keppel fan syn skoanheit Jetro, de pryster fan Midjan. Doe’t er de keppel ris achter de woestyn brocht hie, kaam er by de berch fan God, de Hoareb. 2En de ingel fan de Heare ferskynde him as in fjoerlôge, dy’t út in toarnbosk sloech. Hy seach ta en ja: de toarnbosk stie yn ’e brân, mar baarnde net op. 3Mozes tocht: Lit my dêr ris hinne gean en dit nuvere ferskynsel besjen, hoe’t it komt dat de toarnbosk net ferbaarnt.
4Doe’t de Heare seach dat er der oankaam om it te besjen, rôp God him ta, midden út ’e toarnbosk wei en sei: Mozes, Mozes! En dy sei: Hjir bin ik. 5Hy sei: Kom hjir net tichterby. Doch de skuon fan ’e fuotten, want it plak dêrst op stiest is hillige grûn. 6Fierders sei Er: Ik bin de God fan dyn heit, de God fan Abraham, de God fan Izaäk en de God fan Jakob. Doe die Mozes wat foar syn gesicht, want hy doarst net nei God te sjen.
7En de Heare sei: Ik haw de ellinde fan myn folk dat yn Egypte is, wol goed sjoen. Har helpgerop oer har driuwers haw Ik heard, dat Ik wit wol fan har lijen. 8Ik sil delkomme om har ûnder de macht fan ’e Egyptners wei te heljen en har út dit lân op te fieren nei in goed en rom lân, in lân dat fan molke en hunich oerrint, it wenplak fan ’e Kanaäniten, de Hetiten, de Amoriten, de Perizziten, de Chiwwiten en de Jebûsiten. 9En no hat dan it helpgerop fan ’e Israeliten My berikt en Ik haw de ûnderdrukking sjoen dy’t de Egyptners har oandogge. 10Dat gean hjir no wei en dan sil Ik dy nei Farao tastjoere en do silst myn folk, de Israeliten, út Egypte liede.
11Mar Mozes sei tsjin God: Wa bin ik, dat ik nei Farao gean soe en dat ik de Israeliten út Egypte liede soe? 12Hy sei: Ik sil ommers by dy wêze. En dit sil dy in teken wêze, dat Iksels dy stjoerd haw: Asto it folk út Egypte liede silst, dan sille jimme God op dizze berch tsjinje.
13Mar Mozes sei tsjin God: Mar, as ik no by de Israeliten kom en ik sis tsjin har: De God fan jim foarfaars hat my nei jim tastjoerd en hja sizze dan tsjin my: Hoe is syn namme? Wat moat ik dan tsjin har sizze? 14God sei tsjin Mozes: Ik bin dy’t Ik wêze sil. Hy sei: Dit moatsto tsjin ’e Israeliten sizze: Ik-bin hat my nei jimme tastjoerd.
15Fierders sei God tsjin Mozes: Sa sille jim tsjin de Israeliten sizze: De Heare, de God fan jim foarfaars, de God fan Abraham, de God fan Izaäk en de God fan Jakob, hat my nei jimme tastjoerd. Dat is myn namme foar altyd en sa sil Ik fan âlder op âlder oanroppen wurde. 16Gean hinne en lit de âldsten fan Israel byinoar komme en sis tsjin har: De Heare, de God fan jim foarfaars, is my ferskynd, de God fan Abraham, Izaäk en Jakob, en Hy hat sein: Ik haw jim wier wol opmurken en ek wat jim yn Egypte oandien wurdt. 17En Ik haw sein: Ik sil har út ’e ellinde fan Egypte wei opfiere nei it lân fan ’e Kanaäniten, de Hetiten, de Amoriten, de Perizziten, de Chiwwiten en de Jebûsiten, nei in lân dat oerrint fan molke en hunich. 18Hja sille harkje nei watsto seist en dan moatst sels mei de âldsten fan Israel nei de kening fan Egypte ta en jim moatte tsjin him sizze: De Heare, de God fan ’e Hebreeërs is ús temjitte kommen. Dat, lit ús in reis fan trije dagen meitsje, de woestyn yn, dan wolle wy de Heare ús God offers bringe. 19Ik wit lykwols, dat de kening fan Egypte jim net gean litte sil, ek net troch in sterke hân. 20Mar Ik sil myn hân útstekke en Egypte reitsje mei myn wûndertekens allegearre, dy’t Ik yn syn fermidden dwaan sil en dêrnei sil er jim gean litte. 21En Ik sil meitsje dat de Egyptners jim tagedien wêze sille, dat as jim dan fuortgeane, jimme net mei lege hannen gean. 22Mar elke frou sil har buorfrou en har húsgenoate freegje om sulverguod, goudguod en klean en dy jimme soannen en dochters drage litte. Sa sille jimme de Egyptners útplonderje.